Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Molotov-Ribbentroppakt

Ut Wikipedy
Stalin enVon Ribbentrop skodzje eltsoar de hân nei it ûndertekenjen fan it net-oanfalsferdrach.

ItMolotov-Ribbentroppakt, offisjeel itNet-oanfalsferdrach tusken Dútslân en de Sovjet-Uny, is de benamming foar in net-oanfalsferdrach tuskenDútslân en deSovjet-Uny dat op24 augustus1939 (datearre op23 augustus) ynMoskou troch de Dútske minister fan Bûtenlânske SakenJoachim von Ribbentrop en syn sovjetkollegaVjatsjeslav Molotov tekene en publisearre waard. Mei dit pakt hie it Dútske Ryk de garânsje dat de Sovjet-Uny neutraal bliuwe soe, sadat in kriich tsjinPoalen en itWestblok mooglik waard.

Yn it ferdrach waard fêstlein datFinlân,Estlân,Letlân, it easten fanPoalen en dielen fanRoemeenje (Bessaraabje en deNoard-Bûkovina) ûnder de ynfloedssfear fan de Sovjet-Uny falle soenen enLitouwen, it westen fan Poalen en de rest fan Roemeenje ûnder de Dútske. De skiedingsline yn Poalen kaam by de rivierenNarew,Wisla enSan te lizzen, en dy yn Roemeenje by dePrut.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Molotov-Ribbentroppakt&oldid=897391"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp