Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Mohammed

Ut Wikipedy
De namme Mohammed yn 't Arabysk
Ofbyld fan Mohammed yn Medina út in Arabysk midsiuwsk manuskript

Mohammed[1] (Arabysk:محمد, Moehammad) wat sokssawat betsjut as"earbiedweardige" (Mekka,570 -Medina,8 juny632) is dejinge dy't beskôge wurdt as de grûnlizzer fan deIslam. Yn dizzegodstsjinst wurdt hy sjoen as de lêsteprofeet en boadskipper fanGod dy't de lêste iepenbiering fan him ûntfongen hawwe soe. TrochMoslims wurdt hy dêrom oantsjutten asít Segel fan de Profeten.

Libben

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Mohammed waard berne teMekka út in ferearme staach fan de machtige stam fan deKoeraisjiten en grut brocht troch syn pakeAbd al-Moetalib. Op 25 jierrige leeftiid boaske hy de fyftjin jier âldere keapmanswiddoSjadidja. Fan harren bern bliuw allinnich in dochter,Fatima yn libben. Nei in oantal fisjoenen dêr't him de ingelGabriel yn ferskynde, set hy yn610 útein mei preekjen. Hy fermoanne de ynwenners fan Mekka harren ôf te kearen fan in materialistysk libbenswize en ôfgoaderij. Letter kaam yn syn preekjen de ûnderwerping(islam) oan de iene God (Arabysk:Allah) op de foargrûn. Yn Mekka krige hy net folle stipe en moast yn622 útwike neiJathrib (letter Medina neamd), dêr't syn optreden in sukses wurde soe.

Nei ferskate wapene konflikten mei Mekka koe Mohammed yn630 as oerwinner syn yntocht hâlde yn Mekka; it begjin fan de segetocht fan de Islam. Nei syn dea, waarden troch syn neiste folgelingen syn iepenbieringen optekene yn deKoran.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. صلى الله عليه و سلم; 'dat Gods segen en frede mei him wêze mei'
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Mohammed&oldid=1022846"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp