Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Moannedowen

Ut Wikipedy
moannedowen
In moannedo (Caloenas nicobarica).
Inmoannedo (Caloenas nicobarica).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:do-eftigen (Columbiformes)
famylje:dofûgels (Columbidae))
skaai:moannedowen (Caloenas)
G.R. Gray, 1840

Demoannedowen ofmoanjesdowen (wittenskiplike namme:Caloenas) foarmje inskaai fan 'eklasse fan 'efûgels (Aves), itskift fan 'edo-eftigen (Columbiformes) en defamylje fan 'edofûgels of dowen (Columbidae).

Ta dit skaai heart mar ien libbenesoarte, demoannedo. Dy komt foar ynSúdeast-Aazje en westlikOseaanje. De wittenskiplike namme,Caloenas nicobarica, ferwiist nei deNikobaren, inarsjipel yn 'eAndamaanske See dy't diel útmakket fanYndia.

Der binne ek ien of twaútstoarne soarten út dit skaai. DeKanaakske do (ferneamd nei deKanaken, de lânseigen bewenners fan Nij-Kaledoanje) wie in grutte soarte útNij-Kaledoanje enTonga, dy't inkeld bekend is fansubfossile resten. Dy fûgel is nei alle gedachten likernôch 2.500 jier lyn útrûge trochoerbejaging troch iereminsklike kolonisten fan 'e eilannen. Fan 'e saneamdeLiverpooldo, dy't inkeld bekend is fan ienspesimen yn itWorld Museum teLiverpool, is it plak dêr't er libbe ûnbekend. Dizze fûgel moat lykwols yn 'e lêste pear iuwen útstoarn wêze, mooglik yn 'e1820-er jierren. De Liverpooldo wurdt wol by de moannedowen yndield op basis fan syn gelikense kraachfearren, mar dêroer bestiet mank saakkundigen gjinwittenskiplike konsensus.

Soarten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryCaloenas fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Moannedowen&oldid=1187381"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp