Mitt Romney waard berne yn Detroit as fjirde fan Lenore enGeorge W. Romney, in sakeman. George W. Romney wie yn it tiidrek 1963-1969 gûverneur fanMichigan. Yn 1970 stelde syn mem Lenore har ferkiesber yn Michigan en kaam yn deAmerikaanske Senaat. Har besykjen wie lykwols om 'e nocht. Mitt Romney hat twa susters en ien broer en is de jongste fan de fjouwer bern.[1] De famylje kaam út in begoedige fermidden. Doe't Mitt Romney fiif jier âld wie, ferhuze de famylje nei Bloomfield Hills yn Michigan, dêr't benammen minsken fan kwizekânsje wenje.
Yn Bloomfield Hills gong Romney nei de elitêreCranbrook School, dy't er dien makke yn 1965. Romney studearre 1965/66 oan deStanford University. Yn july 1966 sette er ôf neiFrankryk asmormoanskemisjonaris, wat in tradysje yn syn famylje wie. Op de Cranbrook School trof er Ann Lois Davies. Yn 1966 waard hja mormoan en troude yn 1969 mei Mitt Romney. Wylst wie Ann begûn mei in stúdzje oan de mormoanske Brigham Young-universiteit. Romney die dat dêr rillegau ek. Yn 1971 makke er syn stúdzje dien mei in bachelordiploma yn de Ingelske literatuer. Mitt Romney en syn oarehelte krigen fiif soannen. Fan 1981 oant 1986 wie Mitt Romney mormoansk biskop yn Belmont, in foarstêd fanBoston.
Romney hat inMaster of Business Administration (MBA) en in diploma yn rjochten (Juris Doctor) fan deHarvard University. Nei syn stúdzje gong er yn 1977 oan it wurk by de bedriuwsadviseur Bain & Company yn Boston. Ut Bain & Company ûntstie letter Bain Capital, in ynvesteardearsfirma dêr't Romney ien fan de oprjochters fan wie. Oant it jier 1999 joech er lieding oan Bain & Company. Yn itselde jier waard er bestjoersfoarsitter fan it komitee dat ferantwurdlik wie foar de organisaasje fan deOlympyske Winterspullen fan 2002 ynSalt Lake City.
Yn 1994 besocht er yn de Amerikaanske Senaat te kommen mei Edward Kennedy as syn tsjinkandidaat. Hy ferlear fan Kennedy mei 41 persint fan de stimmen. By deAmerikaanske presidintsferkiezings fan 2008 hie Romney gading makke en waard de nije Republikeinske kandidaat foar it Amerikaanske presidintskip. De Republikeinske Partij keas doe foarJohn McCain as presidintskandidaat.