Inminderjierrige is in persoan (wetlik betitele as inbern) dy't jonger is as in beskate âldens, en dêrom (noch) net deselderjochten enplichten ûnder dewet hat as infolwoeksene (ofmearderjierrige). Sokke bern wurde wetlik aswilsûnbekwaam beskôge en kinne dêrom net frij oer har eigen persoan en eigendommen beskikke. Hja steane ûnder itâlderlik gesach (dat útoefene wurdt troch harrenâlden) of ûnder in oare foarm fanfâdij oant semearderjierich wurde. De bedoeling hjirfan is om bern te beskermjen tsjin harren eigen brekme oanûnderfining endryst hâlden en dragen, en teffens tsjinútrûpeling troch kweawollende folwoeksenen. De steat fan it minderjierrich wêzen wurdt oantsjut asminderjierrigens ofminderjierrichheid. Oant hokker âldens oft bern minderjierrich bliuwe, kin fanlân oant lân ferskille, mar is yn 'e Westerske wrâld oer it algemien 18jier.
De âlden of fersoargers regelje foar minderjierrigen (hoewol mooglik wol mei ynspraak fan dyselde minderjierrigen) û.m. it wetlikewen- of ferbliuwplak, desûnenssoarch (oant 14 jier) enfinansjele saken. Op dat lêste mêd hawwe de âlden of fersoargers it behear oer goed en guod as minderjierrigen bgl. in hûs,grûnbesit ofjild fan harsels hawwe, hoewol't se dy besittings netferkeapje kinne sûnder tastimming fan 'erjochtbank. Minderjierrigen kinne fierders gjinbeërf oanfurdzje (dat dogge de âlden of fersoargers foar harren) ofskinkings dwaan. Wol kinne se (ynNederlân) fan 16 jier ôf yn intestamint oer de helte fan harren goed en guod beskikke. Om't minderjierrigen wilsûnbekwaam achte wurde te wêzen, binne de âlden of fersoargersoanspraaklik foar de skea dy't se oanrjochtsje by ûngemakken (bygelyks as se by itfuotbaljen earne in bal troch itrút traapje).
Wichtigekontrakten kinne minderjierrigen net ôfslute; dogge se dat dochs, dan kinne de âlden of fersoargers sa'n kontraktneatich ferklearje litte. By oankeapen ynwinkels hinget it fan 'epriis ôf oft in minderjierrige soks dwaan mei: inblikjefrisdrinken of inpûdesnobbersguod kin sûnder beswier kocht wurde, mar bgl. djoeremerkklean of inauto kin net oanskaft wurde sûnder dúdlike tastimming fan 'e âlden of fersoargers. Wol kinne minderjierrigen by inbank op eigen namme insparrekken iepenje, en kinne se dêr fan harren sechstjinde jier ôf eltsemoanne maksimaal€125 fan opnimme, salang't harren âlden of fersoargers har dêr net tsjin oankantsje.
Minderjierrigen dy'tfan hûs fuortrinne, kinne op fersyk fan 'e âlden of fersoargers troch deplysje opspoard wurde. As der it fermoeden bestiet dat der in earnstige reden is foar it útnaaien (lykasbernemishanneling,bernemisbrûk ofynsest), wurde se lykwols net twongen om by de âlden of fersoargers werom te kearen. Ynstee dêrfan sille se (yn Nederlân) yn sokke gefallen oerdroegen wurde oan 'ejongereinsoarch, dy't mei de âlden of fersoargers bemiddelje sil of derjochter freegje sil om maatregels te nimmen. De rjochter kin de âlden dan út 'eâlderlike macht sette of de fersoargers defâdij ûntnimme. De minderjierrigen sille yn sokke gefallen yn inopfangtehûs of inpleechgesin telâne komme. As lykwols bliken docht dat minderjierrigen sûnder earnstige problemen yn 'e thússitewaasje fan hûs fuortlokke binne troch bûtensteanders, kinne dy lêsten, lykfol hokker reden oft se ek foar harren dieden hiene,ferfolge wurde foarûntlûking oan it âlderlik gesach, wat yn Nederlân instrafbermisdriuw is.
Minderjierrigen binne yn 'e measte (Westerske) lannen fan likernôch 6 oant 18 jierlearplichtich, en moatte dêrtaûnderwiis folgje troch neiskoalle te gean. It rjocht fan minderjierrigen op in eigen priveelibben is foar harren âlden of fersoargers oer tige beheind, en hinget ôf fan 'e romte dy't de âlden of fersoargers harren datoangeande biede. Dy kinne nammentlik, as se dat wolle, it near lizze op beskate aktiviteiten,lektuer of de omgong mei freonen. Teffens kinne serelaasjes enkorrespondinsje fan minderjierrigen ûnder harren fâdij kontrolearje en regulearje. It iennichste wat de âlden op dat mêd wetlik net dwaan meie, is de omgong mei depakes en beppes ferbiede. Op it mêd fan itstrafrjocht binne der spesjale regels foar minderjierrigen, dy't datoangeande ynWest-Jeropa ûnder itjeugdstrafrjocht falle ynstee fan ûnder it reguliere strafrjocht.
As minderjierrigen (yn Nederlân) inhoulik slute wolle foar't se 18 jier binne, hawwe se dêrfoar ferlet fan 'e ynstimming fan harren âlden of fersoargers. Boppedat moat der sprake wêze fanswierwêzen of fan in eigen bern dat alberne is. (Dit is in wetlik oerbliuwsel fan 'e tiid dat it in grutteskande wie as inbern bûten it houlik berne waard.) As de âlden of fersoargers yn sa'n sitewaasje gjin tastimming jouwe, kin derjochter harren yn it ûngelyk stelle en it houlik dochs noch trochgean litte. As minderjierrigen trouwe, wurde se foar de wet automatyskmearderjierrich, ek al binne se dan noch gjin 18 jier. Ek inallinnichsteande mem fan tusken de 16 en 18 jier kin yn Nederlân mearderjierrich ferklearre wurde, om't foar dat foar deopfieding fan har bern foar guon saken nedich is of fan pas komt.
Foar in protte aktiviteiten dy't rûnom as skealik beskôge wurde (drinken fan alkohol,smoken) of wêrfoar't in beskate mjitte fan folwoeksen ynsjoch nedich is (autoriden,stimmen) besteane yn 'e measte lannenminimumleeftydsgrinzen. Faak falle dy gear mei de oergong fan minderjierrigens nei folwoeksenens, mar soms ek net.
YnNederlân leit de grins tusken minder- en mearderjierrigens op 18 jier, al wie dat oant1986 noch 21 jier. Yn 'e measte oare lannen leit dy grins ek by 18 jier, lykas ynBelgje,Dútslân,Itaalje,Kroaasje,Ingelân,Wales,Noard-Ierlân, deFeriene Steaten,Austraalje,Brazylje,Kolombia,Meksiko,Yndia, deFilipinen en deKanadeeskeprovinsjesAlberta,Kebek,Manitoba,Ontario,Prins Edwardeilân enSaskatchewan. YnSkotlân is men mei 16 jier al mearderjierrich, yn 'e Kanadeeske provinsjes en territoariaBritsk-Kolumbia,Yukon,Nijfûnlân en Labrador,Nij-Breunswyk,Nij-Skotlân,Nûnavût en deNoardwestlike Territoaria mei 19 jier, en ynJapan,Nij-Seelân,Tailân enTaiwan pas mei 20 jier.
Yn 'e measte lannen (wêrûnder Nederlân) is 18 jier deminimumleeftyd om te stimmen, en kriget men dan itstimrjocht, wêrnei't men dielnimme kin oanferkiezings. Der wurdt al jierrenlang oer diskusjearre om dy leeftydsgrins omleech te bringen nei 16 jier, mar dat is oant no (2017) ta noch net bard. Yn 'e measte lannen (wêrûnder Nederlân) is 18 jier ek deminimumleeftyd om te autoriden, en mei men dan pas selsstannich inauto bestjoere op 'eiepenbiere wei (as men teminsten yn it besit is fan inrydbewiis). Yn 'eFeriene Steaten mei dat lykwols al mei 16 jier. Deminimumleeftyd om te trouwen is yn Nederlân fêststeld op 18 jier, mar leit yn guonûntwikkelingslannen in stik leger en is dêr faak ferskillend pergeslacht (yn sokke gefallen foarfamkes leger as foarjonges, en net selden mar 15 jier).
Ek is yn Nederlân 18 jier deminimumleeftyd om alkohol te drinken en deminimumleeftyd om te smoken, en mei men dan dus pasalkoholyske dranken keapje en drinke ensmokersguod keapje enopsmoke. Dy leeftydsgrins is per1 jannewaris2014 omheechhelle fan 16 jier omkomasûpen tsjin te gean, mei desastreuze gefolgen, om't minderjierrigen no temûk en sûnder lykfol hokker tafersjoch drinke (en smoke). Yn 'e Feriene Steaten leit de leeftydsgrins foar it drinken fan alkohol frjemd genôch op 21 jier (eat dêr't trouwens nimmen him dêr oan hâldt).
Fierders kenne in protte lannen inminimumleeftyd foar seksueel kontakt. Yn Nederlân leit dy leeftydsgrins op 16 jier. In folwoeksene dy'tseksueel kontakt hat mei in minderjierrige fan ûnder de sechstjin hat, is strafber om't in bern fan dy âldens noch net achte wurdt dêr op eigen manneboet tastimming foar jaan te kinnen. As de seksuële partner lykwols fan deselde âldens is (bgl. de iene 14 jier en de oare 15 jier), dan lit men soks wol faak gewurde. Yn 'e Feriene Steaten sprekt men fanstatutory rape (in foarm fanferkrêfting) by seksueel kontakt tusken in folwoeksene en in minderjierrige, ek al giet it dêrby om in jonge fan achttjin en in famke fan santjin dy'tferkearing hawwe. YnAngoala en in grut taldielsteaten fanMeksiko is minimumleeftyd foar seksueel kontakt 12 jier. YnJeropa is it sa regele:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.
|