Dizze side giet oerde stêd yn 'e Amerikaanske steat Wiskonsin. Foar oare betsjuttings, sjoch:Milwaukee (betsjuttingsside).
Milwaukee (útspr.: /mɪl'wɔ:ki:/) is de grutste stêd yn 'e noardlikeAmerikaanskesteatWiskonsin. It leit oan 'e eastkust fan 'eMichiganmar, ien fan 'eGrutte Marren. Milwaukee is it haadplak fan it omlizzendeMilwaukee County, mar de bûtenwiken derfan stekke út oer de grinzen fanWashington County,Waukesha County enOzaukee County . Neffen in offisjele skatting út2012 hie Milwaukee doe krapoan 600.000 ynwenners. As stêdekloft, wêrby't alle foarstêden en de heal ferstedske omlizzende plattelânskrite meirekkene wurde, komt it neffens gegevens fan 'e folkstelling fan2010 út op in ynwennertal fan hast 1,6 miljoen minsken. Milwaukee stiet fral bekend om itbier dat der fan âlds broud wurdt, en teffens om't it ynternasjonale haadkertier fanmotorprodusintHarley-Davidson der fêstige is.
It stânbyld fanSolomon Juneau, de stifter en earste boargemaster fan Milwaukee.
Yn1818 stifte in oare Frânsk-Kanadees,Solomon Juneau, fuortby dy hannelspost, oan 'e eastkant fan 'e rivier deMilwaukee, in delsetting dy't er Juneau's Side, en letter ek wol Juneautown, neamde. Dat foarfal wurdt as it ierste begjin fan Milwaukee beskôge. Koarte tiid letter stifteByron Kilbourn oan 'e westkant fan 'e Milwaukee in rivalisearjende delsetting, dy't Kilbourntown kaam te hjitten. Kilbourn bewissige him derfan dat de strjitten dy't omleech rûnen nei de rivier ta, net yn it ferlingde leine fan 'e strjitten fan Juneau's Side; dit ferklearret it grutte tal brêgen dat Milwaukee hjoed de dei noch altyd hat dat yn in brike hoeke op 'e rivier stiet om 'e stjitten oan wjerskanten mei-inoar te ferbinen. In trêde stifter wieGeorge H. Walker, dy't yn1834 de delsetting Walker's Point, besuden Juneau's Side, stifte.
Der bestie grutte rivaliteit tusken de trije delsettings, mar yn 't bysûnder tusken Juneau's Side en Kilbourntown, dy't yn1845 syn hichtepunt berikte yn 'e saneamdeBrêge-oarloch fan Milwaukee. Doe hiene de steatsautoriteiten fan Wiskonsin har nocht, en waard der fan hegerhân besletten om 'e trije tsierende delsettings mei-inoar te ferienjen ta ien plak, dat Milwaukee kaam te hjitten, en dêr't Solomon Juneau de earste boargemaster fan waard. Dat barde yn1846, en de nije delsetting krige daliks de offisjele status fanstêd. Yn 't earstoan waard dy namme trouwens stavere as "Milwaukie", en it is net alhiel dúdlik wannear't de tsjintwurdige stavering yn gebrûk kaam, mar dat moat nei alle gedachten om1850 hinne west hawwe. Ien ferhaal wol hawwe dat in pleatslike krante op in dei op eigen manneboet besletten hat in nije stavering yn te fieren, en dat de staveringswize "Milwaukee" doe sa ynboargere rekke is dat it stedsbestjoer it op 'e lêst mar oernommen hat. De oarspronklike stavering libbet noch fuort yn 'e namme fanMilwaukie, yn 'e westlike steatOregon, dat yn1847 nei Milwaukee neamd waard.
Fan1845 ôf begûn Milwaukee hurd te groeien, mei't har der grutte oantallen lju útDútslân nei wenjen setten. De earste weach ymmigranten, dy't tusken1845 en1855 oerkaam, wie fierhinne ôfkomstich útBeieren en oare kriten yn súdlik Dútslân; de twadde weach, fan1865-1873, kaam út noardwestlik Dútslân; en de trêde weach, fan1880-1893, kaam út noardeastlik Dútslân. Tsjin 'e iuwiksel hie 34% fan 'e ynwenners in Dútske eftergrûn, en Milwaukee krige de namme de meast Dútske stêd fan Amearika te wêzen, net inkeld kwa grutte fan 'e Dútske mienskip, mar fanwegen de ynfloed dy't de Dútske mienskip op 'e pleatslike kultuer útoefene. (Dy ynfloed is hjoed de dei noch altiten fielber, en wurdt mei sin troch de Milwaukeesters oanwakkere mei eveneminten as it jierlike Dútske Feest, yn july, en it Oktoberfeest, yn oktober.) Mei de Dútsers kaam ek it bierbrouwen te Milwaukee, mei't in protte fan 'e Dútsers de tradisjonele bierbrouwerijen oprjochten dêr't de stêd noch altiten om bekend stiet.
Njonken de Dútsers setten har ek withoefollePoalen yn Milwaukee nei wenjen, dat der ûntjoech him yn 'e stêd ien fan 'e grutste Poalske mienskippen fan 'e hiele Feriene Steaten. Yn1850 wiene der 75 Poalen yn Milwaukee; yn1915 wiene dat der mear as 100.000. It sintrum fan 'e Poalske mienskip wie deroomske Sint-Stanislaustsjerke oan Mitchell Street. Oare grutte groepennjoggentjinde-iuwske ymmigranten út Jeropa wieneLitouwers,Italjanen,Ieren,Frânsen,Russen,Tsjechen enSweden.
Deekonomy fan Milwaukee stipet tsjintwurdich fierhinne op 'etsjinstesektor; sawol itbankwêzen as gruttefersekeringsmaatskippijen nimme in wichtich plak yn. Kwa wurkgelegenheid stiet lykwols de sûnenssoarch oan 'e top, mei 27% fan alle banen yn 'e stêd. Fierders is Milwaukee sûnt de 1850-er jierren suver synonym wurden meibier, en hoewol't dat sûnder mis fan belang is foar it imago fan 'e stêd, stelle de brouwerijen op it mêd fan wurkgelegenheid net in protte mear foar. Boppedat binne troch de jierren hinne alle grutte bierbrouwers út Milwaukee wei gien, mei útsûndering fan 'eMiller Brewing Company. It bekendste bedriuw dat yn 'e stêd oprjochte is en dat der noch altyd syn ynternasjonaal haadkertier hat, ismotorprodusintHarley-Davidson.
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan2010 wie doe fan 'e befolking fan Milwaukee 10,9 % âlder as 65 jier en 28,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 41.8% fan 'e húshâldings útien persoan, wylst 21,3% fan 'e befolking ûnder deearmoedegrins libbe. Wat deetnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 40,0%swarten; 37,0%blanken; 17,3%Latino's; 3,4%Aziaten; 0,8%Yndianen; 1,5% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fan 'e blanke ynwenners fan Milwaukee hie rûchwei in fyfdepart (20,8%)Dútske foarâlden. Oare oansjenlike groepen wiene fanPoalsk (8,8%),Iersk (6,5%),Italjanen (3,6%),Ingelsk (2,8%) ofFrânsk komôf (1,7%).
Milwaukee hat in wietlânklimaat, mei fochtige waarmesimmers en kâlde snieïgewinters. Ynjuly, de waarmste moanne, is de trochsneedtemperatuer oerdeis 26,7 °C, en ynjannewaris, de kâldste moanne, is dat –1,7 °C. Rekôrtemperatueren wiene 41 °C op24 july1934 en –32 °C op17 jannewaris1982 en4 febrewaris1996. Milwaukee kriget jiers trochinoar 882,9 mmdelslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 126,7 smsnie.