Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Midwesten (Feriene Steaten)

Ut Wikipedy
De lokaasje fan it Midwesten yn 'eFeriene Steaten.

ItMidwesten, itAmerikaanske Midwesten of deMidwestlike Feriene Steaten is in ynformelegeografyske regio fan 'eFeriene Steaten. Under dizze oantsjutting wurde desteatenOhio,Indiana,Illinois,Michigan,Wiskonsin,Minnesota,Iowa,Missoery,Kansas,Nebraska,Súd-Dakota enNoard-Dakota beflapt. Dêrfan hat Illinois de grutste befolking en Noard-Dakota de lytste. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan2012 hie it hiele Midwesten doe krapoan 65,4 miljoen ynwenners. It gebiet falt yn twa grutte kriten útinoar: de regio fan 'eGrutte Marren yn it easten (mei Ohio, Indiana, Illinois, Michigan, Wiskonsin en Minnesota), en de noardlikeGrutte Flakten yn it westen (mei Noard- en Súd-Dakota, Nebraska, Kansas, Iowa en Missoery).

It Midwesten sa't de measte minsken har dat foarstelle: in plattelânsdykje ynIowa.

De grutste stêd yn it gebiet isChicago, yn Illinois, folge trochIndianapolis (Indiana),Kolumbus (Ohio),Detroit (Michigan),Milwaukee (Wiskonsin),Kansas City (Missoery),Omaha (Nebraska),Minneapolis (Minnesota),Cleveland (Ohio),Wichita (Kansas) enSt. Louis (Missoery). Wat stêdekloften oanbelanget, is Chicago mei syn foarstêden mei 9,8 miljoen ynwenners ek it grutste, folge troch Detroit mei foarstêden en dan de TwillingstêdenMinneapolis-Sint-Paul.

Ekonomysk wifket it Midwesten tradisjoneel tuskenswiere yndustry (yn en om 'e stêden) enlânbou (op it plattelân), wylst de lêste desennia itbank- enfersekeringswêzen en defarmaseutyske yndustry der ek sterk yn opkomst binne. Fan âlds stiet it Midwesten lykwols bekend as de nôtskuorre fanNoard-Amearika, en de measte minsken tinke by it hearren fan 'e namme dan ek oan fredige plattelânstafrielen mei wiuwendenôtfjilden of heech opskettenmaïs. Ynpolityk opsjoch feroaret it grutste part fan it Midwesten nochal ris fan foarkar, en de geunst fan 'e Midwestlike kiezer wurdt dan ek fûleindich befochten troch deDemokraten en deRepublikeinen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes,Further reading enPrimary sources, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Midwesten_(Feriene_Steaten)&oldid=1017502"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp