Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Midrash

Ut Wikipedy
Midrash
algemiene gegevens
oarspr. titelמדרש ("Midraš")
auteurferskaat
taalHebriuwsk
foarmnon-fiksje
sjenrereligiosa
skreaun2e iuw f.Kr.2e iuw n.Kr.

DeMidrash, yn itHebriuwsk:מדרש,Midraš, is de namme fan in samling preken fanjoadske wizen út it iere rabbynske tiidrek (likernôch de twadde iuw f.Kr. oant de twadde iuw n.Kr.), dêr't passaazjes út 'eTenach, de joadskeBibel yn útlein wurde. Mei deMidrash wurde lykwols net inkeld bibelferhalen ferklearre en ynterpretearre yn it ramt fanreligieuze, wetlike of morele geboaden, mar teffens wurdt dermei besocht om gatten en leechtes yn en tusken de bibelske fertellings op te foljen. Yn dat opsjoch is deMidrash dus mear in oanfolling op 'e Bibel as fan in ienfâldich besprek derfan.

DeMidrash is oarspronklik ûntstien mei as doel om swierrichheden op it mêd fan 'e ynterpretaasje fan drege bibelpassaazjes op te lossen troch gebrûk fan 'e rabbynske prinsipes fan bibelferklearring enfilology, om se sa op ien line te bringen mei de religieuze enetyske wearden dy't útdroegen waarden troch de joadske skriftlearden. Dy metoade waard meitiid útwreide om 'emûnlinge oerlevering fan it joadskeleauwe fan bibelske grûnslach te foarsjen. Hoewol't deMidrash bûten it joadendom ornaris as ien inkelde samling beskôge wurdt, meitsje de joaden sels ûnderskie tusken ferskillendemidrashim, dy't mei-inoar déMidrash foarmje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Midrash&oldid=900573"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp