Doe't Lotarius I yn855 oan it ferstjerren wie yn deAbdij fan Prüm, ferdielde er syn ryk tusken syn trije soannen. Itaalje, dat fier besudenRome enSpoleto rikte gie nei syn âldste soanLoadewyk II, dy't ek de keizerstitel krige. Dat lân waard it Keninkryk Itaalje. De jongste soan,Karel krige it Keninkryk Boergonje (mei Opper- en Nederboergonje) en de Provence. Dat lân waard itKeninkryk Arles, neamd nei Karel syn haadstêd. De rest fan it ryk gie nei de middelste soan,Lotarius II, dêrfan't syn ryk nei him neamd waard:Loataringen.
Karel ferstoar yn863 sûnder soannen. Neffens Frankyske gewoante ferdielden syn bruorren Loadewyk II fan Itaalje en Lotarius II syn keninkryk. Lotarius krige it westlike part fanNederboergonje (bisdommen fanLyon,Vienne,Vivarais enUzès) enOpperboergonje, wylst Loadewyk de Provence krige.Doe't Lotarius yn869 ferstoar hie er ien bûtenechtlike soan. Syn iennige wetlike erfgenaam wie syn broer Loadewyk II. As Loadewyk II Loataringen urven hie, waard gâns Midden-Frânsje fannijs ferienige. Mar Loadewyk wie op dat stuit yn in strideraasje mei itEmiraat fan Bari. Loataringen waard ferdield tusken syn omkesKarel de Keale fan West-Frânsje enLoadewyk de Dútser fan East-Frânsje by itFerdrach fan Meersen yn870. Loadewyk de Dútser naam Opperboergonje, it gebiet benoarden deJura, wylst de rest nei Karel de Keale gie. Yn875 ferstoar Loadewyk II, de lêste soan fan Lotarius I sûnder soannen. Hy wiisde syn neefKarloman fan Beieren (âldste soan fan Loadewyk de Dútser) oan as syn opfolger.Paus Johannes VIII, dy't algeduerigen ûnder driging wie fan itEmiraat fan Sisylje, stipe lykwols Karel de Keale. Nei in snuorje fan betizing en skelen naam Karel Loadewyk syn besit yn Itaalje yn beslach. Karloman waard yn876 ta kening fanBeieren kroane en foel yn877 Itaalje oan en easkje it Keninkryk Itaalje op. Doe't er yn880 ek ferstoar sûnder echtlike soannen, gie syn keninkryk nei syn jongere broerKarel de Grouwe. Karel wie yn881 troch paus Johannes VIII ta keizer kroane en ferienige it gânseKarolingyske Ryk fannijs yn884, alteast oant887 doe't er ôfsetten waard.