Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Michiganmar

Ut Wikipedy
Michiganmar
De Michiganmar yn dûnkerblau, mei de oare Grutte Marren yn ljochtblau.
De Michiganmar yn dûnkerblau, mei de oareGrutte Marren yn ljochtblau.
geografy
type wettermar
lokaasjeeasten fanNoard-Amearika
lânFeriene Steaten
koördinaten44°N 87°W
ûnderdiel fanGrutte Marren
sifers
maks. lingte494 km
maks. breedte190 km
oerflak58.000 km²
djiptegemiddelde85 m
djipste punt281 m
wetterfolume4.900 km³

DeMichiganmar (Ingelsk:Lake Michigan), is ien fan 'e fiifGrutte Marren fan eastlikNoard-Amearika, mei in oerflak fan 58.000 km². It djiptegemiddelde is 85 m, mei in djipste punt op 281 m ûnder it wetteroerflak. Op it breedste punt mjit dit wetter 190 km, en op it langste punt 494 km. As it neffens wetterfolume metten wurdt, is it nei deBoppemar de grutste fan 'e Grutte Marren, mar as it om wetteroerflak giet, moat it deHueronmar ek noch foargean litte, en komt it op it trêde plak út. Yn it noardeasten is de Michiganmar fia de smelleStrjitte fan Mackinac ferbûn mei deHueronmar, dêr't it feitliken ien wetterlichem mei foarmet.

Sinne-ûndergong boppe de Michiganmar, sjoen fan 'e westkust fanNeder-Michigan ôf.

De Michiganmar wurdt oan 'e westkant begrinzge troch deAmerikaanskesteatenWiskonsin enIllinois, yn it suden trochIndiana, yn it easten trochNeder-Michigan, en yn it noarden trochOpper-Michigan. De beide dielen fan 'e steatMichigan wurde yn it noardeasten faninoar skaat troch de Strjitte fan Mackinac. De Michiganmar is sadwaande de iennichste fan 'e fiif Grutte Marren dy't folslein omsletten is troch grûngebiet fan 'eFeriene Steaten. Yn it noardeastlikste diel fan 'e mar lizze in stikmannich lytse eilantsjes.

Oars as dat faak tocht wurdt, is de Michiganmar net nei de steatMichigan neamd, mar krekt oarsom. De namme komt fan in wurd út 'e taal fan 'eOdjibwe-Yndianen,mishigami, dat "grut wetter" betsjut.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enBibliography, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryLake Michigan fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Michiganmar&oldid=1147353"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp