Nesterov, dy't út in keapmanslaach kaam, troude twa kear. Sy earste frou stoar koart nei de berte fan syn dochter. Nesterov studearre fan 1877 oant 1881 en fan 1884 oant 1886 oan de Moskouske skoalle foar skilderkeunst, byldhouwkeunst enarsjitektuer byVasili Perov,Aleksej Savrasov enIllarion Prjanisjnikov. Fan 1881 oant 1884 studearre er oan de Keizerlike Akademy fan de Skoandere Keunsten ûnderPavel Tsjistjakov. Yn 1889 sleat er him oan by in groep keunstners,de Swalkers. Fan 1890 oant 1910 wenne en wurke Nesterov ynKiev dêr't er arbeide oan defreskos fan de St. Vladimir Katedraal en de Tsjerke fan it Fergriemde Bloed; doe yn Moskou, dêr't er wurke oan it Martha en Mariakleaster.