Mexican standoff isIngelskesprektaalterm dy't yn in soad oaretalen oernommen is. It betsjut letterlik: "Meksikaanske ympasse", en ferwiist nei in konfrontaasje wêrby't der foar gjin inkele partij instrategy bestiet om 'e oerwinning te beheljen. Fan gefolgen moatte alle partijen de strategyske spanning behâlde oant de ympasse trochbrutsen wurdt troch inpersoan of barren fan bûtenôf. De termMexican standoff waard oarspronklike bedoeld yn 'e kontekst fan it gebrûk fanfjoerwapens en hat hjoed de dei noch altyd de ymplikaasje fan in sitewaasje wêrby't alle partijen ûnder de iene of oare bedriging steane fan alle oare partijen.
DeMexican standoff is in gauris weromkearendtema ynfilms, wêrby't trije of mear wapenepersonaazjes inoar ûnder skot hâlde. De ympasse bestiet der dan út dat as partij A it fjoer iepenet en partij B delsjit, partij C dan partij A delsjitte sil. Gjinien fan 'e partijen kin dus begjinne te sjitten, mar in oare útwei út 'e ympasse is faak ek net te finen. Ien fan 'e bekendste filmfoarbylden fan inMexican standoff is desêne oan 'e ein fan 'e klassikewesternfilmThe Good, the Bad and the Ugly, wêrby't de personaazjes spile trochClint Eastwood,Eli Wallach enLee Van Cleef in trijefâldichquick draw-duël útfjochtsje. Yn dy film wurdt de sitewaasje oplost trochdat it personaazje fan Eastwood de jûns tefoaren temûk derevolver fan it personaazje fan Wallach leechhelle hat, sadat er wit dat er fan dy kant neat te freezjen hat en sûnder swierrichheden it personaazje fan Van Cleef delsjitte kin.
De útdrukkingMexican standoff krong oan 'e ein fan 'enjoggentjinde iuw deIngelsketaal binnen. Neffens itCambridge Advanced Learner's Dictionary soe de term oarspronklik út itAustralysk-Ingelsk komme, mar foar dy bewearing jout datwurdboek fierders gjin ûnderbouwing. Neffens oare boarnen soe de term út itAmerikaansk-Ingelsk komme, en yn 'esprektaal ûntstien wêze yn 'e tiid fan 'eMeksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1846-1848) of mooglik koart dêrnei, yn 'e tiid fan itWylde Westen, doe'tMeksikaanskebanditen, dy'tbandoleros neamd waarden, gauris deFeriene Steaten binnenkrongen. De ierst bekende boarne fanskriftlik gebrûk fan 'e útdrukkingMexican standoff is inkoart ferhaal fanF. Harvey Smith dat op19 maart1876 ferskynde yn 'ekrante deSunday Mercury.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side. |