Dizze side giet oerde foarm fan ferfier. Foar oare betsjuttings, sjoch:Metro (betsjuttingsside).
Demetro is in foarm faniepenbier ferfier oer itspoar yn gruttestêden ofstêdekloften, dy't gebrûk makket fan in konfliktfrije baan mei ûngelykflierske krusings. Dat betsjut dat it spoar fan 'e metro almeast oanlein is yn intunnel ûnder de grûn, of oars oer infiadukt dat him boppe itstrjittenivo úttilt.
De term 'metro' is in ferkoarting fanMetropolitan Railway ("Grutstedsk Spoar"), de namme fan 'e earste metroline fan 'e wrâld, dy't yn1863 ynLonden yn gebrûk nommen waard. Yn itNederlânsk wurdt de metro om foar de hân lizzende redens ek wolde ondergrondse ("de ûndergrûnse") neamd. Yn itAmerikaansk-Ingelsk sprekt men fansubway (letterlik: "ûnderwei"), dat itselde skaaimerk fan 'e metro oantsjut. Itselde jildt foar itDútskeU-Bahn (fanUntergrundbahn). De formeleIngelske beneaming foar dit typeferfier is trouwensrapid transit ("fluch transport").
De metro wurdt karakterisearre troch in hege riidfrekwinsje (der geane mei lytse tuskenskoften de hiele dei troch treinstellen) en in grutte reizgerskapasiteit (elts treinstel kin in prottepassazjiers hâlde). De metro hâldt wat de ôfstân tusken demetrostasjons en defaasje en de gewicht fan 'e treinstellen oangiet de midden tusken intrein en intram. YnNederlân beskikke inkeldAmsterdam, sûnt1977 (deAmsterdamske Metro), enRotterdam, sûnt1968 (deRotterdamske Metro), oer in eigen metronetwurk. YnBelgje hat allinneBrussel sa'n netwurk.