Mesenich | ||
![]() | ||
Brauweiler Hof | ||
Emblemen | ||
![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
lânkring | Cochem-Zell | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 294(2021) | |
Oerflak | 2,98 km² | |
Befolkingsticht. | 99 ynw./km² | |
Hichte | 92 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 05'N 7° 11'E | |
Offisjele webside | ||
www.mesenich.de | ||
Kaart | ||
Mesenich is inOrtsgemeinde yn delânkringCochem-Zell yn deDútskedielsteatRynlân-Palts. Mesenich heart by de ferbânsgemeenteCochem en leit oan de rjochter kant fan deMûzel.
It doarp waard foar it earst yn 1051 yn it ramt fan in skinking fan de poalske keninginne en paltsgrevedochterRicheza oan it kleasterBrauweiler byKeulen neamd. Yn it jier 1088 wijde de wijbiskop fan Trier de tsjerke fan Mesenich oanSint-Nikolaas, depatroanhillige fan Brauweiler. De bân tusken it kleaster en Mesenich soene oant deFrânske tiid duorje.
Yn de rin fan de tiid waard de Nikolaastsjerke ferskillende kearen ferboud. Yn 1200 waard deromaanske toer fernijd. Yn de 18e iuw waard itbarokkeskip ynwijd. Ek de altaren datearje fan dy tiid.
DeFrânske besetting makke yn 1794 in ein oan it lienstelsel en dêrmei ek in ein oan de bân fan it doarp mei de abdij. Fan de bannen tusken it kleaster en Mesenich tsjûget hjoed-de-dei noch it foarse letbarokke-klassisistyske tsiendehôf (Zehthof), dat noch jimmeroan it wapen fan de abdij Brauweiler draacht.
Njonken de wynbou en de lânbou libben de ynwenners eartiids fan de skipsbou. Njonken it wapen fan Mesenich en de patroanhillige Nikolaas op it wapen ferwiist it wapen nei dy skipsbou. Tsjinwurdich libje de bewenners fan de wynbou en it toerisme.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Literatur enEinzelnachweise, op dizze side.
|