Memphis Monroe | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Memphis, Jamie, Jamie Lynn, Jamie Norton | |
echte namme | Samantha Jennings | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 23 maart1985 | |
berteplak | New Orleans (Louisiana) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel,stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2005 –2010 | |
offisjele webside | ||
www.club-memphismonroe.com |
Memphis Monroe (New Orleans,23 maart1985), echte namme:Samantha Jennings, is in rêstendAmerikaanskneakenmodel,stripper enpornografysk aktrise, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Memphis, Jamie, Jamie Lynn en Jamie Norton. Nei't it skynt is har úteinlike artystenamme Memphis Monroe ûntliend oan 'e efternamme fan har idoalMarilyn Monroe, en oan 'e bynamme fan it personaazje Randall "Memphis" Raines, spile trochakteurNicolas Cage, út 'eHollywood-filmGone in 60 Seconds.
Memphis Monroe waard berne ynNew Orleans, yn 'esteatLouisiana, mar groeide op ynLouisville, yn 'e steatKentucky. Yn2001, doe't se sechstjin wie, naam se in baantsje oan asservearster yn it filiaal fanHooters, in keatlingfastfood-restaurants dy't har foarstean litte op harren rûnboarstich personiel. Dêrnei wurke se twa jier yn Hooters-restaurants yn Louisville en letter ynIndiana, en posearre se ek foar de jierlikse Hooters-kalinder. Doe't se achttjin waard, yn2003, sette Monroe útein mei neaken te posearjen foar manneblêden en websiden. Dêrby die se foar in beskate webside in striptiis dy't se begûn yn har Hooters-servearstersunifoarm, wat tsjin 'e regels is. Doe't se dêr by Hooters efterkamen, waard se ûntslein.
Yn2005 posearre Monroe foar itneakenblêdHustler. Dat wie sa'n súkses datHustler har in kontrakt oanbea. Datselde jiers makke har noch har debút yn inpornografyske film foarHustler Video. Ek stie se op 'e cover fan it desimbernûmer fanHustler fan 2005. Nei't har kontrakt yn2007 ôfrûn, wurke se ek foar oare labels en websiden asBrazzers enReality Kings. Yn2009 wûn se (mei in stikmannich oaren) inAVN Award (deOskar fan 'e pornowrâld) foar bêste lesbyske groepsekssêne. Uteinlik spile se neffens deInternet Adult Film Database (IAFD) likernôch tachtich pornofilms foar't se yn2010 de pornoyndustry de rêch takearde. Njonken har pornokarriêre trede Monroe ek op asstripper ynklubs yn hiel de Feriene Steaten. Yn2008 wie se te gast yn it beruchte radioprogramma fanHoward Stern.
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2008 | Xbiz Award | nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. |
FAME Award | nominearre | leaflingsboarsten | n.f.t. | |
2009 | AVN Award | wûn | bêste lesbyske groepsekssêne(meiJesse Jane,Shay Jordan,Stoya,Adrianna Lynn,Brianna Love,Lexxi Tyler,Sophia Santi enPriya Rai) | Cheerleaders |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |