Utsein Yucatán is Meksiko in bercheftich lân, mei as wichtichste massyf it út trije parten besteandeSierra Madre, dy't as in part fan deRocky Mountains beskôge wurde kin. Yn it midden fan Meksiko lizze in oantalfulkanen, dêr't dePopokatépetl de bekendste fan is. It heechste punt is dePico de Orizaba (5650m), dat ek in fulkaan is. De grutste rivieren binne deRío Bravo (yn de Feriene Steaten bekend as Rio Grande), deLerma, deBalsas, dePánuco, deUsumasinta en deYakwui.
It gebiet fan it tsjintwurdige Meksiko hat bloeiende beskavingen kind (Tolteken,Maya,Azteken). Yn1519 fersloech deSpaanske konkwistatorCortez de Atzeten en oermastere harren ryk. De Spanjerts stiften yn de nije wrâld in koloanjeNij-Spanje dat Meksiko, Sintraal-Amearika, West-Ynje en Fenezuela omfieme. Allinnich mei it memmelân Spanje mocht hannel dreaun wurde.
Eksekúsje fan Makximilaan.
Begjin19e iuw kamen dekreoalen ûnder lieding fan de prystersHidalgo enMorelos yn opstân. Yn1819 rôpen de blanke kolonisten de ûnôfhinklikens fan Meksiko út. Spanje stjoerde generaalIturbide nei it noarden om de opstân del te slaan. By oankomst ferklearre dy him tsjin Spanje en liet himsels ta keizer kroanen. GeneraalAntonio López de Santa Ana brocht him yn1823 te fal, dêr't in tiidrek fan politike gaos op folge dy't oan 1857 ta duorre. Yn dy tiid waarden minstens 250 steatsgrepen plige. Doe'tTeksas, dat har yn1836 fan Meksiko ôfskieden hie, har oansluet by deFeriene Steaten, bruts in kriich tusken Meksiko en de Feriene Steaten út, dy't troch Meksiko ferlern waard. It rekkeNij Meksiko,Arizona,Utah enKalifornje kwyt.
Yn1863 stjoerde deFrânske keizerNapoleon III in grut leger nei Meksiko dy't de haadstêd binnen lutsen. De Konservativen beanen dêrop de keizerskroan oan aartshartochMaksimilaan fan Eastenryk. Nei syn fal yn1867 waardJuárez dy't earder oan de macht wêst hie, wer presidint. Yn1876 kaamPorfirio Diaz oan de macht. Hy regear'de mei in ûnderbrekking fan 1880 oant 1884 as konservatyf diktator.
Yn1911 sette in nasjonale revolúsje útein dy't in ein meitsje woe oan de macht fan bûtenlânske konserns, de tsjerke en grutgrûnbesitters. De jierren dy't dêrop (1911-1920) folgen wienen tige woelich. Yn dy tiid kamen de Feriene Steaten twa kear wapjend tuskenbeide. Troch lettere opienfolgjende presidinten waard de nasjonale revolúsje trochsetten. UnderCallas bruts in skerp konflikt út mei de Roomsk-Katolike Tsjerke yn1926 en presidintCárenas beslute yn1938 ta nasjonalisaasje fan alle Amerikaanske en Britske oaljemaatskippijen.
Meksiko ferklearre yn1942 de oarloch oanDútslân enJapan. Nei de Twadde Wrâldkriich kaam der foar it earst wêr in sivile presidint oan de macht. Sûnt dy tiid beskikt it lân feitlik oer in liede demokrasy en is de tradysje groeid dat in sintrum-linkse en sintrum-rjochtse fertsjintwurdiger fan de regearingspartijPRI elkoar as presidint ôfwikselje.
It grutste part fan de befolking (goed 70%) bestiet tsjintwurdich útMestizos; ôfstammelingen fan blanke Spaanske kolonisten en de oarspronklikeYndianen, 12% is Yndiaansk en 15% binne blanken. De blanken hawwe noch altyd in net-evenredich oerwicht yn wolfeart en politike ynfloed. De oerige pear prosint wurde ynnommen trochAfro-Meksikanen,Arabyske Meksikanen en Aziaten.
Om-ende-by 90% fan de befolking hat itSpaansk as memmetaal, en wurdt troch 97% fan de Meksikanen ferstean, dêrtroch is it lân it grutste Spaansktalige lân fan de wrâld. It Spaansk is de offisjele lânstaal, mar wykt wat útspraak en wurdskat oangiet wat ôf fan it Spaansk dat yn Spanje sprutsen wurdt. Ek binne der lokale ferskillen. It Spaansk fan de kuststreken wurdt ta itKaribysk Spaansk rekkene.
In minderheid, 7,1% fan de befolking hat in yndiaanske taal as memmetaal. Troch de Meksikaanske oerheid wurde 62 ynhiemse talen as 'nasjonale talen' erkend, dy't yn it gebiet dêr't sy sprutsen wurde deselde jildichheid hawwe as it Spaansk. Fan dizze yndiaanske talen binne itNahuatl mei 1,5 miljoen sprekkers, itYucateeks Maya mei 800.000, itMixkseeksk enZapoteeksk mei elk 500.000 en itTzeltal mei 350.000 sprekkers it grutst.
It meastepart fan de Meksikaanske befolking, 95,2% beskôget himsels asKristen. DeRoomsk-Katolike Tsjerke is mei 88% fan de totale befolking it grutste kristlike leauwen. Lykwols nimt it oantal leauwenden yn rap tempo ôf, want de helte fan de Meksikaanske katoliken giet geregeld nei tsjerke.
De tichtbefolke gebieten fan Meksiko binne it sintrale heechlân, dêr't de measte stêden lizze, it noardeasten en de steedlike gebieten oan de Amerikaanske grins. De súdlike reinwâlden, de noardlike woastyngebieten en it skiereilânNeder-Kalifornje binne it tinstbefolke.