Inmediafranchise ofmultymediafranchise is in groep byinoar hearrende wurken yn ferskillende media. Ornaris giet it dan om media lykasfilms,tillefyzjesearjes,kompjûterspultsjes,boeken enmuzykalbums. In mediafranchise begjint altyd mei ien orizjineel wurk, dêr't dan omreden fankommersjeel súkses oare wurken fan ôflaat wurde. Soms produsearje de oarspronklikerjochthawwenden alle oangeande media, mar it kin ek wêze dat der inlisinsje ferkocht wurdt oan in oareprodusint om in ôflaat wurk yn in oar medium te produsearjen (bgl. as infilmstudio in oerienkomst slút mei in kompjûterspultsjesprodusint om op basis fan ien fan harren films sa'n spultsje te meitsjen). Ekmerchandising op tal fan manearen (bgl. trochT-shirts te meitsjen mei itlogo fan it oarspronklike wurk) heart ta in mediafranchise.
Ien fan 'e súksesfolste mediafranchises aller tiden isStar Wars, dat yn1977 begûn mei de oarspronklikefilmStar Wars. Op basis fan dy film wiene anno2019 achtferfolchfilms makke plus twa films dy't yn itseldeuniversum spilen, en fierders trijetillefyzjefilms, inlangetekenfilm, seistekenfilmsearjes, ferskatesoundtrackalbums, inradiosearje, mear as hûndertromans enstripalbums, trijecompanionboeken, in stikmannichkompjûterspultsjes en in breed skala oanboartersguod. Ek bestiene der yn2019 fjouwerferdivedaasjeparken mei inStar Wars-tema. Oare tige bekende foarbylden fan mediafranchises binne: itMarvel Cinematic Universe (mei û.m.Iron Man,Captain America,Guardians of the Galaxy enThor),J.K. Rowling's Wizarding World (mei û.o.Harry Potter),Shrek,Star Trek,Middle Earth (mei û.m.The Lord of the Rings),Despicable Me,Indiana Jones,Toy Story,The Incredibles,Finding Nemo,Ice Age,Madagascar,Terminator,The Matrix,Alien enKung Fu Panda.
Behalvenfiksje kin in mediafranchise ek bestean útnon-fiksje. In tige bekende non-fiksje-mediafranchise isPlayboy Enterprises, dat oarspronklik úteinset is mei itneakenblêdPlayboy, mar dat tsjintwurdich ek oarepublikaasjes omfiemet op it mêd fan non-fiksje en fiksje (wêrûnderstrips). Dêropta hat Playboy Enterprises in eigentillefyzjestjoerder (Playboy TV), in eigenmodelleburo, en fierdersnachtklubs,restaurants,bioskopen en inradiostjoerder. It bedriuw bringt ek eigenfilms enmuzykalbums út en produsearretfuotark,klean,juwiellen,húsrie (lykaslampen,klokken,bêdrêding englêswurk),assessoires foarhúsdieren,pakjes spylkaarten,flipperkasten,biljertballen, ensfh.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side. |