McDonald's, of eins deMcDonald's Corporation is in keatling fanAmerikaanskefastfoodrestaurant. Wrâldwiid binne der 31.000 filialen, dy't mei-inoar 47 miljoen klanten deis betsjinje. McDonald's hat yn it earstoan fral súksesfol west mei de ferkeap fanhamburgers,cheeseburgers enmilkshakes. Nei2000 binne dêr ekfruit ensalades by kaam.
Yn1937 begûn Patrick McDonald mei inhotdogkream, ûnder de nammeAirdrome, op itfleanfjild fanMonrovia, yn 'esteatKalifornje. Yn1940 iepenen syn soannen Maurice ("Mac") en Richard ("Dick") McDonald it earste McDonald's-restaurant ynSan Bernardino. Yn1948 waard it restaurant bekend doe't se der selsbetsjinning ynfierden. Neil Fox waard yn1953 de earste dy't ûnderfranchise fan 'e bruorren McDonald in restaurant iepene (ynPhoenix). Yn1954 oppenearre de milkshake-mikserferkeaper Ray Kroc him oer it iepenjen fan mear McDonald's-restaurants. Hy wie tige ûnder de yndruk en besochtWalt Disney, ien fan syn freonen út 'e oarlochstiid, safier te krijen om McDonald's-restaurants te iepenjen yn itferdivedaasjparkDisneyland, dêr't se doe noch mei oan it bouwen wienen. Doe't Disney neat mei Kroc syn útstel dwaan woe, iepene Kroc syn earste eigen restaurant ynDes Plaines, ynIllinois, ûnder de reek fanChicago. Yn1968 wiene der al tûzen McDonald's-restaurants. Yn1971 waard it earste restaurant ynJeropa iepene, wêrnei't de oarekontininten folgen. Yn1974 waard it earsteRonald McDonald Hûs iepene ynPennsylvania, om in "thús yn 'e frjemdte" te skeppen foar de âldelju en oare famyljeleden fan bern dy't opnommen binne ynsikehuzen.
McDonald's yn ferskate lannen.
Yn1988 iepene McDonald's ynBelgrado (Joegoslaavje, noServje) syn earste restaurant yn inkommunistysk lân. YnBoedapest (Hongarije) waard letter dat jiers noch in McDonald's iepene. Op31 jannewaris1990 waard in restaurant iepene ynMoskou. Troch de spanningen fan 'eKâlde Kriich waard it restaurant opset mei stipe fan McDonald'sKanada. De fêstiging yn Moskou wie hiel populêr, mei oerenlange wachtrigen yn 'e earste dagen nei de iepening. De earste McDonald's inFryslân waard yn desimber1988 teLjouwert, oan 'eWurdumerdyk iepene. Yn it begjin waarden de produkten noch twatalich oantsjutten.
Hjoed de dei sit McDonald's yn 120 lannen. De restaurantkeatling is ek it symboal fan 'eglobalisaasje wurden. Sa mjit it AmerikaansketydskriftThe Economist de keapkrêft yn 'e ferskillende lannen neffens de "Big Mac Yndeks".