Geografysk besjoen wurdt Masedoanje yn it westen begrinze troch itPindosberchtme en de berchrigen lâns Gryksk-Albanese grins (Jablanitsa, Dasjat), yn it noarden troch it Sjarberchtme en de wetterskieding tusken deFardar en deMorava, yn it easten troch it Pirinberchtme en yn it suden troch deOlympus en deEgeyske See. Masedoanje beslacht de stroomgebieten fan deAliakmon, de Fardar en deStrimon.
It Masedoanje út de Aldheid wie grutter as it Masedoanje fan no. It hjoeddeiske lân leit al yn dy lânstreek, mar grutte parten fan dy lânstreek lizze no yn Bulgarije en Grikelân, en lytse stikjes yn de oare buorlanen. In part fan dy streek, dy't op it kaartsje dûnker oanjûn is, waard yn prehistoaryske tiden bewenne troch deAldmasedoanjers, oer wa har komôf net folle mei wissichheid bekend is. Sels beskôgen se har as Griken, wylst se foar guon Griken as "barbaren" gouwen. De aristokrasy en de keningen út de dynasty fan deArgeaden wienen sûnder mis Gryksk. Oant yn histoaryske tiden bewarre de Masedoanyske mienskip skaaimerken fan de prehistoaryske Grykske stammen: it "feodale" ridderskip en it troch de gearkomste fan striidbere manlju te bekrêftigjen keningskip. Op kultureel mêd bleauwen de Masedoanjers lange tiid ôfsidich fan de oare Griken. Opmerklik is wol dat sommige keningen besochten om ta nauwere bannen mei Grikelânn te kommen.
Yn de7e iuw f.Kr. stiftePerdikkas yn Masedoanje it keningshûs fan de Argeaden. De earste werklik wichtige foarst wieAleksander I (498-454 f.Kr.), bynammede Filhelleen. Dy reorganisearre syn leger en krige it rjocht deOlympyske Spullen by te wenjen, wêrtroch't hy yntinsyf belutsen rekke by de Grykske kultuer. Hy hat ea de dichterPindarus nei syn hof útnûge en skonk in gouden byld oan de timpel fanDelfy. Syn opfolgerPerdikkas II fan Masedoanje soe selsSokrates oan syn hof hawwe wold. De grutste kening út dizze perioade wie sûnder misArgelaüs I fan Masedoanje, dy't regearde fan413 f.Kr. ôf en yn399 f.Kr. fermoarde waard. Hy makke syn leger ta ien fan de bêste út de âlde wrâld, lei wegen oan yn syn lân, en helle keunstners asEuripides enSeuksis nei syn hof. Hy organisearre ek toanielwedstriden ta eare fanSeus en deMuzen en makke fanPella syn haadstêd.
De machtsútwreiding ûnderFilippus II wie it begjin fan de romrofte perioade fan de Masedoanyske skiednis: de fjildtochten fan syn soanAleksander de Grutte. Nei dy syn dea waard it oarspronklike Masedoanje in striidpunt ûnder dediadochenAntigonus Monofthalmus,Kassander enLysimachus, oant him sûntAntigonus Gonatas in mear stabile dynasty foarme, dy't yn168 f.Kr. ta fal brocht waard troch de Romeinen. It lân waard yn 4 fazalsteatsjes ferdield en 20 jier letter ta in Romeinskeprovinsje makke.