Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Marten van der Leest

Ut Wikipedy
Marten van der Leest
keatser
persoanlike bysûnderheden
bynammeit kanon fan Stiens
nasjonaliteitNederlânsk
bertedatum6 april1923
berteplakStiens
stjerdatum10 maart2008
stjerplakStiens
etnisiteitFrysk
sportive ynfo
sportKeatsen
funksjeOpslagger
PC1948,
1950,
1956
debút1945
karriêre-ein1957
ekstra2× PCkening (1948, 1950)

Marten van der Leest (Stiens,6 april1923 - dêre,10 maart2008) wie in keatser út Stiens. As bynammen de ‘grimmyt’ en it kanon fan Stiens’’ keatste fan 1945 - 1957 en wûn trijeris de PC te winnen. Mei 111 finales, tritich keningskippen helle er 344 punten foar itIvich keatsklassemint.

As soan fan de grienteboer wûn er yn syn jeugd net folle prizen. Ek troch de oarloch hat er net folle keatse kind. Syn heit wie in keatsleafhawwer en 25 jierbestjoerslid fan de pleatslike keatsferieningDe Boer. Hy sloech ôfgryslike hurd op, mar de rjochting wiksele noch wolris. Syn draaiende opslachballen wienen foar in soad perkspilers min werom te slaan.

Yn1948 wûn er syn earstePC mei Theun de Bruin en Sjouke Helfrich. Yn1950 en mocht er de keningsbal op’e nij meinimme. Yn1956 wûn er de partij op it Sjûkelân tsjin it partoer fan syn tsjinpoalHotze Schuil. Letter wie Van der Leest lid fan de technyske Kommisje en waard Lid fan Fertsjinste fan de KNKB. Hy wie in hielûnthâlder dy't fûl wie yn it keatsen. Troch de hege jildprizen dy't der wûn wurde koenen kaam er letter lykwols minder by it keatsen te sjen. Hy wie fûl op de ‘nap’ tsjin, omdat er fûn dat dêrtroch it tuskenspul ferdwûn. Syn soan, Durk van der Leest en pakesizzer Marten van der Leest jr. wiene ek keatser.

Marten van der Leest ferstoar op 10 maart 2008, yn 'e âldens fan 84 jier.

Prizen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • 1948 -PC PC 1e priis +kening
  • 1950 -PC PC 1e priis +kening
  • 1952 -PC 2e priis
  • 1953 -PC 3e priis
  • 1954 -de Bond 4e priis
  • 1955 -PC 4e priis
  • 1956 - de Bond 7e priis
  • 1956 -PC 1e priis
  • 1957 - de Bond 7e priis
  • 1960 - de Bond 6e priis

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Marten_van_der_Leest&oldid=1203970"
    Kategoryen:

    [8]ページ先頭

    ©2009-2025 Movatter.jp