Marteling,foltering,piniging,tramtearing,tamtearring of mei in argaysk wurdtortuer (fan itLatynsketortus, "ferwrongen") is it mei opsetsin tabringen fan lichaamlike en/of geastlikepine oan in beskaatorganisme mei as doel om 'e iene of oare winsk te ferfoljen fan dejinge dy't martelet of om dejinge dy't martele wurdt ta it ien of oar te twingen. Hjirby moat men derom tinke dat inmartelder net dejinge is dy't martelet, mar dejinge dy't martele wurdt. Marteling is by definysje inúttochte en opsetlike die; it ûnbewust of by fersin tabringen fan pine sûnder dat dat jins spesifike bedoeling is, wurdt net beskôge as marteling. Hjoed de dei is de ynternasjonalekonsensus dat marteling net allinnich ymmoreel is, mar ek ympraktysk, mei't slachtoffers fan marteling op in stuit alles sizze sille om mar fan 'e tabrochte pine ferlost te wêzen, mei as gefolch dat tsjûgenissen of bekentenissen dy't ôflein binne ûnder foarmen fan marteling folslein ûnbetrouber binne.
Marteling is oan dien of talitten troch yndividuële persoanen, groepen persoanen,organisaasjes en deautoriteiten fanlannen fan 'e iersteprehistoarje ôf oan hjoed de dei ta. De doer fan marteling kin ferskille fan mar in pear minuten oant dagenlang, of mei tuskenskoften sels wiken- of moannenlang. De redens dy't lju hawwe om in oar persoan of organisme te marteljen kinnebestraffing,wraak,politikeweropfieding,ôfskrikwekjende wurking,ûnderfreging oftwang ta it ien of oar wêze, of ienfâldichwei de befrediging fansadistyske gefoelens.Psychologen binne fan betinken dat it ferlet om in oar oan marteling te ûnderwerpen it gefolch is fan ynternepsychologyske druk yn 'epsyche fan 'e marteldogger.
Marteling kin de bedoeling hawwe om opmoard út te rinnen, bgl. as it in ûnderdiel fan 'edeastraf is, sa't eartiid faak it gefal wie by publiketerjochtstellings. Yn sokke gefallen binne/wiene martelpraktiken faak ûntwurpen om it lijen fan it slachtoffer sa lang mooglik op te rekken. Mar ek martelpraktiken wêrby't de dea fan it slachtoffer net it doel is (of, by ûnderfreging, it tsjinstelde fan it doel is), kin soks wol deeglik op in moard útrinne, bgl. om't de fysike steat fan it slachtoffer de marteldogger neat skele kin, om't de marteldogger (yn it gefal fan ûnderfreging) te fier giet yn syn besykjen om 'e wjerstân fan 'e slachtoffer te brekken, of om't it slachtoffer in besteande mar by de marteldogger ûnbekende oandwaning hat, lykas inhertkwaal, dy't him/har kwetsberder foar sa'n behanneling makket. Oan 'e oare kant binne guon foarmen fan marteling ûntwurpen om inkeldpsychologyske pine ta te bringen of sa min mooglik fysyk bewiis nei te litten.
Lannen dy't deSjenêfske Konvinsje fan 1949 en deOanfoljende Protokols I enII fan1977 ûndertekenen, hawwe dêrmei formeel fêstlein dat se har net skuldich meitsje sille oan it útfieren of talitten fan marteling, sij it binnenlânsk of bûtenlânsk. Marteling is ek ferbean ûnder deKovinsje tsjin Marteling, fan 'eFeriene Naasjes, dy't troch 158 lannen ratifisearre is, wêrûnder alledemokrasyen yn 'e wrâld. Nettsjinsteande dat hâlde lannen har soms net oan 'e ôfspraken, lykas deFeriene Steaten, dy't nei deoanfallen fan 9/11 saneamde 'ferbettere ûnderfregingstechniken' (enhanced interrogation techniques) ynfierden, wat ineufemisme foar marteling is. Dat it Amerikaanske regear stiiffêst ûntkent dat praktiken aswaterboarding foarmen fan marteling binne, is wolbeskôge in besykjen om 'e betsjutting fan it wurd 'marteling' te feroarjen.