Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Marsum

Ut Wikipedy
Marsum
Poptaslot
Poptaslot
Bestjoer
Lânflagge fan NederlânNederlân
ProvinsjeFryslânFryslân
GemeenteDe Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal1.035 (1 jannewaris2023)
Oerflak7,38 km², wêrfan:
- lân: 7,24 km²
- wetter: 0,14 km²
Befolkingsticht.145 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 12' N 5° 39' E
Offisjele webside
Side Marsum
Kaart
Marsum (Waadhoeke)
Marsum
Dizze side giet oerit doarp Marsum yn Fryslân. Foar it doarp Marsum yn Grinslân, sjoch:Marsum (Grinslân).

Marsum is in doarp beëastenMenaam yn de gemeenteWaadhoeke. Mei'tLjouwert hieltiten mear útwreidet leit Marsum noch mar in pear kilometer fan de stêd. By Marsum heart ek de buorskipRitsumasyl.

It doarp hat 1.035 (1 jannewaris2023) ynwenners.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
States om Marsum

Marsum ûnstie op interp dy't al foar de jiertelling bewenne waard. Mooglik hat dy terp mar foar in skoftke bewenne west. Om it jier 1000 hinne waard it plak in krúspunt fan de seedyk neiBoalsert en in seedyk, dy't deMiddelsee foar in part ôfslette. DePontianustsjerke datearret fan 'e 12e iuw.

It doarp waard yn 1275 al as 'Mersum' skreaun en yn 1471 as 'Marssum'. De stavering 'Marsum' wurdt yn de 18e iuw foar it earst skreaun. De plaknamme soe ferwize kinne nei in wenplak (hiem/um) by in breed wetter. Mar it soe ek ferwize kinne nei de persoan 'Mer', al is dat net sa oannimlik.

Troch de iuwen hinne groeide Marsum stadichoan. Yn de 15e iuw waard súdlik fan it doarp troch de Heringa's itPoptaslot of Heringaslot boud. Sûnt de 20e iuw leit it Poptaslot yn it doarp sels. De eartiidske haven fan Marsum bestiet net mear, allinne de strjitnamme ferwiist dêr noch nei.

Yn 1984 waard it noardeastlike bûtengebiet fan Marsum by Ljouwert foege, sadat defleanbasis hielendal yn ien gemeente falt. It gebiet tusken Marsum, Deinum,Boksum en Ritsumasyl is yn 2018-2019 rekréatyf ferbettere. Tusken de doarpen is itBoksumer Soal befarber makke, der binne haventsjes kommen en by Marsum is sels in stikje strân oanlein.[1]

Monumintale kastanjebeam by it Poptaslot

Oant 1 jannewaris 2018 lei Marsum yn de gemeenteMenameradiel. Sûnt dy tiid is Marsum ien fan de meast eastlike doarpen fan de gemeenteWaadhoeke.

Mienskip

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It doarpshûsNij Franjum is it hert fan Marsum. Deferiening foar Doarpsbelang is yn 1970 oprjochte. Ienris yn it jier is de ferkiezing fan 'Marsumer fan it Jier', dy't dan deFergulde Biezem útrikt krijt. De Marsumers waarden tradisjoneel foar strontbiezums (of keallekoppen) útskolden. Yn de'Nieuwskuier' stiet it pleatslik nijs. Unia is it sportkompleks oan de Veemanstrjitte.

Yn it twadde wykein fan septimber wurdt tradisjoneel de Marsumer Merke organisearre. De aktiviteiten wurde op en om it keatsfjild holden.

It is yn Marsum wenst om by de berte fan bern tusken 08:30-08:40 oere de klok te lieden (by in jonkje twa klokken, by in famke de earst fiif minuten de lytsere klok en dêrnei beide klokken). By ferstjerren wurdt de klok tusken 19:05-19:15 oere let (by in man twa klokken, by in frou earst de lytsere klok en dêrnei ek beide klokken).[2]

Poptagasthûs

Tsjerke

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Pontianustsjerke
De Wikipedy hat ek in sidePontianustsjerke (Marsum).

Tsjerklik heart it protestantske diel fan it doarp dePKN-gemeente Bitgum-Bitgumermole-Ingelum-Marsum. De Pontianustsjerke is tsjintwurdich ûnderbrocht yn de Stifting Behâld Pontianustsjerke Marsum.

Skoalle

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ferienings

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op dehiemside)

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Jier184019541959196419691974200420072013
Ynwenners58811031069111113061474102011571070
Jier20152020
Ynwenners10501045

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020:Alle Cijfers.)

Berne yn Marsum

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Gebouwen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Marsumermûne

Strjitten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Allestrjitten yn Marsum.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryMarsum, Fryslân fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Marsum&oldid=1149597"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp