Marnix Kappers | ||
![]() | ||
![]() | ||
Marnix Kappers (1968) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 8 septimber1943 | |
stoarn | 10 oktober2016 (73 jier) | |
jierren aktyf | 1969–2009 | |
offisjele webside | ||
IMDb-profyl Kappers |
Marnix Kappers (Swol,8 septimber1943 –Amsterdam,10 oktober2016) wie inNederlânskakteur enpresintator.
Yn 1966 wûn er mei de groepDéjà Vu itCamerettenfestival en yn 1967 de persoanlikheidspriis fan dit festival. Fan 1978 oant 1980 siet er yn itKabaret Ivo de Wijs.
Kappers wurke oan ferskatetelefyzjeprogrammas mei. Hy spile ynKunt u mij de weg naar Hamelen vertellen, mijnheer? de rol fan Prins Roelof van Bontubal.
Yn de NCRV-rigeDe Familie Knots spile er de personaazjes "neef Herbert", "de heit fan Arend Vogel", "de buorfrou" en losse karakters. De searje hold yn 1983 op, mar seis jier letter wie Kappers wer mei Neef Herbert-bril te sjen yn it KRO-programmaLekker Weg.
Kappers presintearre fan 1991 oant 2001 meiSylvia Millecam it telefyzjeprogrammaKnoop in je Zakdoek.
Yn it teäter wie er te sjen yn "Heerlijk duurt het langst" (septimber 1998 - april 1999; as oare-helte-fan) en ynTelkens Weer Het Dorp.
Kappers die ek de neisyngronisaasje fan de animaasjesearjePieter Post en song de yntro in fanPeppi en Kokki.
Yn 2010 wie Marnix Kappers foar it lêst op telefyzje, yn de rol fan slotmakker ynHet Sinterklaasjournaal.
Kappers stoar yn de âldens fan 73 jier. Syn famylje liet yn in koarte ferklearring witte: "Geschokt door de dood van zijn partner in 2013 en getroffen door ernstige en toenemende gezondheidsproblemen besloot hij nieuwe slagen van het noodlot niet langer lijdzaam af te wachten".[1] Op sneon 15 oktober 2016 waard er — nei in betinkingstsjinst yn deDe Rode Hoed — beïerdige op begraafplak De Nieuwe Ooster yn Amsterdam.[2]
Kappers wie in soan fan learaar Dútsk drs. Gerrit Hendrik Kappers (1904 - 1992) en Jacoba Elsina Goudappel (1913 - 2005). Fan 1971 oant 2013 wenne er tegearre meidûnser,koreograaf en akteurJohn Kuipers (1937-2013).
Yn 2008 waard Kappers beneamd taRidder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
![]() | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryMarnix Kappers fanWikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|