Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Mar Saba

Ut Wikipedy
Mar Saba

ܕܝܪܐ ܕܡܪܝ ܣܒܐ‎

bouwurk
lokaasje
lânPalestina
bysûnderheden
type bouwurkKleaster
boujier(Stifting) 439; restauraasje 19e iuw

ItHillige Lavra fan Sint-Sabbas, yn itSyrysk bekend asMar Saba (Syrysk: ܕܝܪܐ ܕܡܪܝ ܣܒܐ‎,Arabysk: دير مار سابا‎;Hebriuwsk: מנזר מר סבא;Gryksk: Ἱερὰ Λαύρα τοῦ Ὁσίου Σάββα τοῦ Ἡγιασμένου) is inEastersk-otterdoksk kleaster oan it súdlike klif fan de Kidron-delte yn deWoastyn fan Judeä, healwei tuskenJeruzalim en deDeade See, yn itPalestynske gûvernemint Bethlehem oan deWestlike Jordaanoere. It kleaster falt ûnder de jurisdiksje fan de otterdokske tsjerke fan Jeruzalim.

It kleaster waard yn 483 stifte troch de muontsSabbas. It wurdt beskôge as ien fan de âldst bewenne kleasters fan 'e wrâld en it hâldt noch jimmeroan oerâlde tradysjes yn eare. Ien dêrfan is dat froulju gjin tagong ha ta it kleaster. It wurdt froulju allinne tastien om de saneamde "Froulju's Toer" bûten de kleastermuorren yn te gean, dy't Sabbas foar syn mem Sofia bouwe liet en dat letter tsjinne as ferbliuw foar froulju dy't by it kleaster woene wêze. Tsjin it ein fan it libben fan Sint-Sabbas wennen der oant 5.000 muontsen yn it troch him stifte kleaster. De tusken 494 en 501 boude Katedraal fan de Ferkundiging waard ûnder keizerJustitianus foltôge. Yn in glêze kiste leit dêr it oerskot fan Sint-Sabbas.

Yn it kleaster wenne ek oant syn dea de teoloogJehannes fan Damaskus (676-749), dy't in wichtige rol spile yn itByzantynsk ikonoklasme. De tombe fan de hillige stiet yn in grot ûnder it kleaster.

Froulju's toer

It kleaster waard yn de 7e iuw troch de Perzen skeind mar in renovaasje folge. De skedels fan de yn de 7e iuw fermoarde muontsen wurde yn fitrines yn grotten bewarre. It kleaster waard yn de 9e iuw fortifisearre.

Yn dekrúsfarderstiid makke it kleaster in grutte bloei troch en waard it feridere fortifisearre. De krúsfarders namen by harren ôftocht de reliken fan Sint-Sabbas mei neiFeneesje. Se bleaune ynItaalje oant pausPaulus VI se yn 1965 werom joech oan it kleaster om sa de otterdokske kristenen in hân te rikken.

Under deOttomaanske besetting waard it kleaster ferskate kearen oerfallen troch lokale bedoeïnen. It rekke ek skansearre troch in 19e iuwske ierdskodding, mar waard dêrnei yn 1840 restaurearre troch itRussyske Keizerryk.

It kleaster hat in wichtige rol spile yn de histoaryske ûntwikkeling fan de liturgy fan de otterdokske tsjerke om't itTypikon (de wize fan fiering fan de earetsjinst) fan it kleaster fan Sint-Sabbas standert waard yn de Eastersk-otterdokske tsjerke en deEastersk-katolike tsjerke dy't de byzantynske ritus folget.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis:en:Mar Saba


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryMar Saba fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Mar_Saba&oldid=967328"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp