Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Mangoesten

Ut Wikipedy
mangoesten
In sebramangoeste mei in jong.
Insebramangoeste mei in jong.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift:katdieren (Feliformia)
tuskenskift:siveteftigen (Viverroidea)
boppefamylje:mangoesteftigen (Herpestoidea)
famylje:mangoesten (Herpestidae)
Bonaparte, 1845
Ferspriedingsgebiet
In sebramangoeste mei in jong.
In pearstôksturtsjes.

Demangoesten (wittenskiplike namme:Herpestidae) foarmje infamylje fan 'eklasse fan 'esûchdieren (Mammalia) en itskift fan 'erôfdieren (Carnivora). Der binne 35 libbenesoarten mangoesten, ferdield oer 15 ferskillendeskaaien, dy't foarkomme ynAfrika,Súd-Jeropa,Súd- enSúdeast-Aazje en itMidden-Easten. Teffens libje se opHawaï en opPorto Riko en guon oareKaribyske eilannen, mar dêr binne seeksoaten. Yn grutte rinne de ûnderskate soarten útinoar fan 30 sm oant 1,2 m lingte, mei in gewicht fan 280 g oant 4,1 kg. Se iteaaien enfruchten, en binne fûleindigejagers opynsekten,krabben,wjirms enhagedissen, mar se steane der fral bekend om dat (guon soarten) ekgifslangen net út 'e wei geane. De bekendste soarten binne desebramangoeste en itstôksturtsje, beide út Afrika.

Etymology

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It wurd "mangoeste" komt út itMaratysk, inYndo-Aryske taal útMidden-Yndia (û.m. sprutsen ynBombay), fan it wurd मुंगूस,mungūs (útspr: [muŋɡu:s]). It hat wol kâns dat it Maratysk it wer út ien fan 'eDravidyske talen fan Súd-Yndia oernommen hat (ferlykjeTelûgû: ముంగిస,mungīsa; enKanareesk: ಮುಂಗಿಸಿ,mungisi).

Taksonomy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Taksonomysk sjoen waarden de mangoesten oant de1990-er jierren ta de famylje fan 'esivetkatten (Viverridae) rekkene. Doe binne se in selsstannige famylje wurden, dêr't earst ek de ûnderfamylje fan 'eMadagaskarmangoesten (Galidiinae), mei 4 libbene soarten, ek ûnder beflapt waard. Mar neier ûndersyk hat útwiisd dat dy nauwer besibbe binne mei deMadagaskarsivetkatten, dat doe is dy ûnderfamylje dêrhinne ferpleatst.

Famylje-opbou

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enFurther reading, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Mangoesten&oldid=1175993"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp