Malta leit op de rich tuskenTuneezje enSisylje, dy't de Middellânske See opdield ta in westlik bekken en in eastlik bekken.
It lân bestiet út trije bewenne eilannen:It grutste eilân isMalta, 246 km² grut, mei in 357.000 ynwenners. Noardwest fan Malta leitGozo, 67 km² grut, hjir wenje sa'n 30.750 minsken. Tusken Malta en Gozo leit it tredde bewenne eilânKomino, mei mar 5 ynwenners.Dêrneist binne dêr noch in tal lytse ûnbewenne eilantsjes of rotsen sa as,Kominotto enFilfla.
Malta hat in lange skiednis. Op it eilân Malta en Gozo steane in tal tige âlde prehistoaryske bouwurken, sa as de Tempel fan Tarxien, boud tusken 3500 en 2500 f.Kr., de timpels fan Ħaġar Qim en Mnajdra en op it eilân Gozo de timpel fan Ġgantija, bouwurken dy't âlder binne as depiramiden yn Egypte en ek âlder asStonehenge ynIngelân.
De histoarje begûn yn Malta mei de komst fan de Foenisjers. By ien fan dePunyske Oarloggen waard Malta ferovere troch deRomeinen en it bleau Romeinsk oant de ein fan itRomeinske Ryk.
Om en de by 870 wurdt Malta in besit naam troch de islamityske Arabieren en yn1127 troch deWytsingen. Fan1530 ôf oan komt it eilân yn besit fan deJohanniters, ek wol deMaltezer Oarder of Maltezer ridders neamd. Sy bouden de grutte festings yn ûnder oaren Valletta, Mdina en Rabat op Gozo. Fan1800 ôf wurdt Malta in Britskekoloanje.
Under deTwadde Wrâldkriich wurdt Malta swier bombardearre en oanfallen troch deDútske Luftwaffe, foaral ûnder deSlach om Malta. Malta bliuwt in Britske koloanje oant de ûnôfhinklikens binnen it Britske Mienebest op21 septimber1964. Oant 1974 bleau de Britske keninginne ek keninginne fan Malta, mar dêrnei waard it lân in republyk.
Der wenje likernôch 400.000 minsken op it eilân. Der binne lykwols bêden foar mear as in miljoen toeristen. De offisjele talen fan it eilân binneMalteesk enIngelsk.
De definsje fan Malta bestiet út ien organisaasje, dêrûnder falle lânmacht, loftmacht en marine.
Mankrêft
Yn 2008 wienen der 96.309 Malteeske mannen fan tusken de 16-49 jier. Dêrfan wienen 80.227 fit foar militêre tsjinst. Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 2.815.
Budzjet
Militêr budzjet $31 miljoen (2004). Persintaazje fan it BYP 0,7 % (2004).