Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Maleisk

Ut Wikipedy
Maleisk
algemien
eigen nammeBahasa Melayu هاس ملايو
lânseigen ynYndoneezje,Maleizje,Singapore,Tailân,Filipinen,Myanmar,

Kambodja,Sry Lanka,Brûnei,Timor, Cocos Eilannen, Christmas Eilân

skriftitLatynske alfabetArabysk skrift
taalsibskip
taalfamyljeAustronesysk
dialektenMaleiske dialekten
taalstatus
offisjele statusYndoneezje,
taalkoades
ISO 639-1ms
ISO 639-2may
ISO 639-3zlm
Gebieten dêr't it Maleisk erkend is as offisjele taal
Oarspronklik taalgebiet fan it Maleisk

ItMaleisk heart ta deAustronesyske talen en is fan oarsprong de memmetaal fan deMaleizjers, de ynwenners fan it Maleisyske skiereilân, Súd-Filipinen, Súd-Tailân,Singapore en parten fanSumatra.

De taal wurdt sprutsen yn ûnder oareBrûnei,Maleizje enYndoneezje. Yn dat lêste lân isBahasa Yndoneezje in standerdisearre foarm fan ûnder oare it earderepasar-Maleisk. YnSingapore is it ien fan de fjouwer offisjele talen. Hjir en yn Brûnei wurdt it ienfâldichwei itBahasa Melayu (Maleiske taal) neamd.

De offisjele standert foar it Maleisk, dy't oerienkommen is tusken Brûnei, Yndoneezje en Maleizje, isBahasa Riau, de taal fan deRiouwarchipel, dêr't lang fan tocht is dat dêr de oarsprong fan de Maleiske taal lei.

Troch de lange histoaryske banden tusken Yndoneezje en Nederlân binne in protte Maleiske wurden yn it Nederlânsk enFrysk opnommen. Foarbylden binneamok (amuk),kras (keras),sarong (sarung),toko,bakkeleien (berkelahi),pikeren (pikir),pisang enkapok (kapuk).

Jawy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Troch de Arabieren waard it Maleisk earderJawy neamd. Dat wurd is in ferbastering fan de namme fan it eilân "Java". Dat waard wer troch de Maleizjers ûntliend en libbet yn distiid noch troch yn it saneamdeJawyskrift. It Jawyskrift is in foarm fan it Arabyske skrift dat foar it Maleisk oanpasse is. Ek yn Tailân wurdt de taal fan (Maleisktalige)moslims út it suden fan it lânPattany en omkriten, sa neamd.

Fariaasje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Omdat it Maleisk fan eartiids en ek noch fan hjoed brûke wurdt troch sprekkers fan ferskillende talen om mei elkoar te kommunisearjen hawwe op in protte plakken yn Yndoneezje en Maleizje mar ek dêrbûten alderlei regionale en net-regionale farianten ynfloed fan lokale taal of talen ûndergean. Sa wurdt der ûnderskied makke tusken diverse dialekten, farianten, besibbe talen en op Maleisk basearreKreoalske talen, dêr't in oantal goed fan beskreaun is:

en in protte oaren.

Maleisk as taal yn Nederlân

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Indyske Nederlanners

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Maleisk dan benammen it Pasar Maleisk (ferienfâldige foarm fan Maleisk en delingua franca fan de Yndonesyske archipel) wurdt sprutsen trochYndyske Nederlanners ("Yndo's") fan de 1ste generaasje, mar it Maleisk of Pasar Maleisk wie nea de taal fan de Yndo's of de Yndo's fan de 1ste generaasje.

De Yndo's yn de nije republyk krigen trochdat sy de taal min of net behearsken, problemen mei it praten en learen fan de nije ienheidstaal: it Yndonesysk. It Pasar Maleisk wie de lingua franca vfan de Yndonesyske archipel. Fan eartiids waard it Maleisk yn Ynje neamd, fier foardat de wurden Yndoneezje/Yndonesysk ûntstie. It tsjintwurdige Yndonesysk, watBahasa Yndoneezje, neamd wurdt, is basearre op it Maleisk en hat him ferspraat fanút de eastkust fanSumatra, mar is bewust en akademysk oanfolle, bysteld en ûntwikkele om ta in skikte ienheidstaal te kommen.

Molukkers sprekke ek Maleisk. Yn tsjinstelling ta de Yndo's sprekke alle generaasjes de taal. alhoewol't dat no stadichoan oan it feroaren is. In lyts part fan de tredde generaasje Molukkers ken de taal net mear.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Maleisk&oldid=1093176"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp