Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Malawy

Ut Wikipedy
Republyk Malawy
Republic of Malawi
Dziko La Malaŵi
Flagge fan MalawyWapen fan Malawy
FlaggeWapen
Lokaasje fan Malawy
Offisjele taalIngelsk,Chichewa
HaadstêdLilongwe
SteatsfoarmRepublyk
PresidintPeter Mutharika
(sûnt 4 oktober 2025)
Ynwenners22.2 miljoen (2025)
MuntMalawyaanske kwacha (MAK)
TiidsôneUTC +2
Nasjonale feestdei6 july
LânkoadeMWI
Ynternet.mw
Tillefoan265

DeRepublyk Malawy (ek wol stavere asMalawi) is in lân yn it easten fanAfrika. De haadstêd isLilongwe. It folksliet isMlungu dalitsani Malaŵi.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Malawy wurdt begrinzge troch:

De Nyassamar (Lake Malawi) by Cape Macclear.

It lân bestiet foar in grut part út deNyassamar dat ek wol neamd wurdtLake Malawy en somtidenCalendar Lake en is om-ende-by 587 km lang en 84 km breed. Westlik dêrfan is it lânskip bercheftich mei piken oant 2670 meter hichte (Nylkaplato). De fegetaasje is savanne en bosk, wylst yn de berchstreken sprake is fan oanienstrekte wâlden. De rike fauna wurdt beskerme yn nasjonale parken.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sindelingen út Ingelân festigen harren yn1875 yn it gebiet om de Nyassamar dat yn1891 inBritsk protektoraat waard en yn1907 by Rodeezje foege as de federaasje fan Rodeezje en Nyassalân. Yn1964 krige Malawy selsstannigens.

De earste presidint fan MalawyHastings Kamuzu Banda krige by de grûnwet fan1966 wiidweidige folmachten dy't op inisjatyf fan it bûtenlân yn1993 beheind wurde soene. Yn1994 wienen foar it earst frije ferkiezings yn it lân holden.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De befolking Malawy fan om-ende-by 13 miljoen minsken bestiet út ferskateBantufolken, nammentlik deChewa,Nyanja,Tumbuka,Yao,Lomwe,Sena,Tonga,Ngony enNgonde. Oare folkskloften binne Aziaten en Europeanen.

De offisjele talen fan Malawy binneIngelsk en itChichewa, dêr't Chichewa fan troch goed 57% fan de befolking as memmetaal sprutsen wurdt. Oare talen binne it Chinyanja (12.8%), Chiyao (10.1%) en Chitumbuka (9.5%).

De measte bewenners fan Malawy binnekristlik, sawat 55% isprotestant en 20% wurdt rekkenne ta deRoomsk-Katolike Tsjerke. It oare part fan de befolking isMoslim 20% en oanhinger fannatoerreligys 5%.

Rivierke by Kapirimtiwa.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Malawy&oldid=1206712"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp