Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Maksimianus

Ut Wikipedy
Búste fan Maksimianus

Maksimianus, folút yn itLatynskMarcus Aurelius Valerius Maximianus Herculius (sa.250 -july310) wie inRomeinske keizer fan maitiid286 oant1 maaie305.

Opgong

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Maksimianus waard nei alle gedachten berne om-ende-by 250 ynSirmium, tsjintwurdichSremska Mitrovica, in plak ynServje. Hy makke opgong yn it leger en wie befreone meiDiokletianus. Hy tsjinne yn de legers fan ûnder oareAurelianus,Probus enKarus. Maksimianus wie troud mei Eutropia, en sy hienen twa bern:Maksentius enFausta. In oare dochter,Theodora, wie mooglik in styfdochter.

Meikeizer fan it Westen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Doe't Diokletianus yn284 keizer waard fan itRomeinske ryk wie dizze keizer fan betinken dat it ryk te grut wie om allinnich te bestjoeren en beluts dêrom syn freon Maksimianus by it bewâld. Hy joech him earst de titel fanCaesar en in jier letter makke hy him meikeizer fan it westen. Diokletianus bleau sels it easten bestjoeren. Yn293 kamen der noch twa Caesars by om harren te stypjen, nammentlikGalerius enKonstantius Klorus, mar ek om harren yn de takomst op te folgjen. Dizze liederstruktuer wurdt deTetrargy neamd.

Konstantius hie ûnder Maksimianus in wichtige oanfierder fan it leger west, dy't in soad problemen oplost hie mei de ynfallen fan deGermanen en de oproer fan de Noardseefleat, dy't ûnder lieding stie fanusurpatorKarausius. Maksimianus wie sels ek aktyf as oanfierder, ûnder oare tsjin deMoaren yn Spanje en byKartago.

Op 1 maaie305 stoppen sawol Diokletianus as Maksimianus as keizer en kamen de twa Caesars der foar yn 't plak.Konstantius Klorus yn it westen enGalerius yn it easten. Foar Makimianus gie dat net hielendal frijwillich, mar op oantrunen fan Diokletianus swichte hy dochs.

Op 'e nij keizer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Maksimianus koe lykwols net lang fan syn pensjoen genietsje. Yn306 stoar keizer Konstantius Klorus en waard de soan fan Maksimianus,Maksentius op net legale wize ta keizer ferklearre. Maksimianus joech syn soan stipe en erkende him as keizer. De Keizer fan it easten Galerius wegere dat lykwols en stjoerde syn CaesarSeverus II nei it westen om de usurpator te ferslaan. Maksentius ferklearre dêrop syn heit ta meikeizer.

Op 'e nij keizer hie Maksimianus wol yn 'e gaten dat grutte swierichheden op komst wienen en dêrom socht er bûnsmaten. Hy tocht dy fûn te hawwen yn CaesarKonstantyn dy't troud wie mei syn dochter Fausta. Lykwols woe Konstantyn net meiwurkje oan in boargerkriich en dêrop besocht Maksimianus syn eigen soan Maksentius fan de troan te stjitten yn308. Dat mislearre lykwols, krektas in besiking om Diokletianus wer keizer wurde te litten.

Ein

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Maksimianus wie teloarsteld en gong nei syn skoansoan ynGalje. Dêr waard hy mei in protte respekt behannele, mar hy hie neat by him yn te bringen. Doe't deFranken yn310 Galje ynfoelen en Konstantyn fuort moast om harren te ferjeien die er noch in besiking om it keizerskip fan Konstantyn te oerweldigjen. Konstantyn kearde lykwols gau werom en fersloech Maksimianus. Maksimianus wie tige lulk oer syn nederlaach dat er besocht om Konstantyn deadzje te litten. Doe dat mislearre omdat syn dochter de side fan har man keas, makke hy sels in ein oan syn libben.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Maksimianus&oldid=1007769"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp