Maksim Gorki (stavering wikselet) (Russysk: Максим Горький)skûlnamme fanAleksej Maksimovitsj Pesjkov (Russysk: Алексе́й Макси́мович Пе́шков) (Nizjni Novgorod,28 maart[O.T.: 16 maart]1868 –Moskou,18 juny1936) wie inRussyske roman- en toanielskriuwer, waans komplekse libben en wurk gearfalle mei deRussyske Revolúsje. Yn syn hiele oeuvre spilet it dûbbele tema fan de ferachting foar de minske sa't er wier is en earbied foar wat de minske wêze kinne koe. (Fan guon minsken, bygelyks syn beppe yn 'Bernejierren', makke er in leafdefol portret.) Dêrneist spilet syn polityke ferwevenheid mei itkommunisme in grutte rol. Yn it Westen is him wol it ferwyt makke dat er syn keunstnerssiel oan it kommunisme ferkocht hat.
De skûlnamme betsjut: 'Maksim de Bittere'.
Yn 1935 waard hy haad fan it Russysk Skriuwersbûn. Dêrmei wie hy in machtich man en beskermeling fanStalin. Gorki formulearre yn syn taspraak op het earste kongres fan Sovjetskriuwers yn 1935 de artistike doktrine fan itsosjalistysk realisme. By syn wichtichste wurk hearreМать ('De mem', 1907) en syn autobiografysk wurkenДетство ('Bernejierren', 1913/1914),В людях ('Under de minsken', 1915/1916) enМои университеты ('Myn universiteiten', 1923), dy't in goed byld jouwe fan it Russyske libben fan foar deOktoberrevolúsje en de oanrin dêrta).
In hiele protte fan syn wurk is yn Ruslân ferfilme, mar ek yn bygelyks Spanje, Dútslân en Sweden.
1974Revolution und Kunst. Betrachtungen über die Beziehungen zwischen Lenin und Gorki; (Bjalik, Boris)
1978Die frühen Dramen M. Gor'kijs in ihrem Verhältnis zum dramatischen Schaffen A. P. Cechovs; [Pailer, Wolfgang]
1982Dramenübersetzung. Sprachtheoretische und dramaturgische Aspekte, dargestellt am Beispiel des Schauspiels "Sommergäste" von Maksim Gor'kij; [Haas, Beatrice]
1984Maxim Gorki. Leben und Werk; [Ludwig, Nadeshda]
1986 Russyske letterkunde. Oersjoch fan de wichtichste skriuwers en streamingen fan Poesjkin oant Soltsjenitsjin;E. Waegemans.
1990Maksim Go'rkijs Weg in die russische Sozialdemokratie; [Katzer, Nikolaus]
1990Gorki. Sturmvogel der Revolution. Eine Biographie; [Troyat, Henri]
1993Der sozialistische Übermensch. M. Gor'kij und der sowjetische Heldenmythos; [Günther, Hans]
1993Mit Tränen löschst du das Feuer nicht. Maxim Gorki und sein Leben; [Studnitz, Cecilia von]
1999Maxim Gorki. Mit Selbstzeugnissen und Bilddokumenten; [Gourfinkel, Nina]
2003Maxim Gorki in Saarow 1922/23; [Ebert, Christa]