Dizze side giet oerit algemiene begrypmainstream. Foar oare betsjuttings, sjoch:mainstream (betsjuttingsside).
Mainstream (útspr.: ['me:nstɹi:m], likernôch: "meenstriim") is inIngelske term dy't "haadstreaming" betsjut. Dêrmei wurdt ferwiisd nei aktiviteiten (bgl. yn 'eliteratuer,filmyndustry enmuzyk) dy't foar in grutte mannichteminsken ynteressant binne of wêze kinne. Sokkemainstream-sjenres binne dêrom ek oerdúdlik yn 'emaatskippij oanwêzich. It tsjinstelde fanmainstream binne sjenres dy't har spesifyk rjochtsje op in beskaat publyk, lykasscience fiction,fantasy,horror enwesterns yn 'e literatuer en de filmyndustry, enreggae,hiphop,jazz encountry yn 'e muzyk. Yn in breder ferbân kin it tsjinstelde fanmainstream yn in maatskippij ek foarme wurde troch kultueruterings yn it algemien dy't (oant no ta) mar in bytsje minsken oansprekke, en dy't betitele wurde assubkultueren en/of deunderground.