Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Maine

Ut Wikipedy
Steat Maine
State of Maine(Ingelsk)
État de Maine(Frânsk)
flaggewapen
Dirigo
(Latyn, "Ik wiis it paad")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoartingME
lânFeriene Steaten
status (jier)steat (1820)
haadstêdAugusta
grutste stêdPortland
offisjele taalIngelsk enFrânsk(de facto)
sifers
ynwennertal1.330.089(2014)
befolkingstichtens14,5 / km²
oerflak91.646 km² (13,5% wetter)
bykommende ynformaasje
bynammedePine Tree State
tiidsôneUTC –5
simmertiidUTC –3
websidewww.maine.gov
Dizze side giet oerde Amerikaanske steat Maine. Foar oare betsjuttings, sjoch:Maine (betsjuttingsside).

Maine (útspr.: [me:n], likernôch "meen"), offisjeel deSteat Maine (Ingelsk:State of Maine;Frânsk:État de Maine), is ien fan 'e fyftichsteaten dy't mei-inoar deFeriene Steaten fan Amearika foarmje. Maine, byneamd dePine Tree State ("Dinnebeamsteat"), leit yn it uterstenoardeasten fan it lân, oan 'ekust fan 'eAtlantyske Oseaan, en heart ta de regioNij-Ingelân. Dehaadstêd isAugusta, mar de grutstestêd isPortland. Neffens in skatting út2014 hie de steat doe goed 1,3 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwabefolkingsgrutte de 41e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeandeoerflak is Maine mei krapoan 92.000 km² de 39e steat. Maine stiet bekend om synrotseftigekustline, syntichtbeboske binnenlân en synkwisine op basis fan 'efiskerij, mei yn 't bysûnderkreeft enmoksels.

Etymology

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Der bestiet gjin slutende ferklearring foar de oarsprong fan 'enamme 'Maine'. Yn2001 naam itSteatsparlemint fan Maine inresolúsje oan dy'tFranco-American Day skoep, infeestdei ta oantins oan 'e Amerikanen fanFrânsketnyskkomôf. Yn dy resolúsje waard steld dat de steat ferneamd is nei dehistoaryskeFrânskeprovinsje Maine. Oare teoryen hâlde lykwols út dat Maine ferneamd is nei oare plakken mei deselde namme, of wolle hawwe dat it in ferwizing út 'eseefeart is nei itfêstelân (fanNoard-Amearika), yn itIngelskmainland.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Maine hat inoerflak fan 91.646 km², wêrfan't 13,5% útwetter bestiet. It leit yn it uterstenoardeasten fan 'elegere 48 Feriene Steaten, en makket diel út fan 'e regioNij-Ingelân, wêrfan't it sawol de grutste as de noardlikste steat is. Maine leit yn 'eEastlike Tiidsône (UTC –5,simmertiid –4). De steat grinzget yn itwesten oan 'eAmerikaanske steatNij-Hampshire, yn itnoardwesten ennoarden oan 'eKanadeeskeprovinsjeKebek, yn itnoardeasten eneasten oan 'e Kanadeeske provinsjeNij-Breunswyk, en yn itsúdeasten ensuden oan 'eGolf fan Maine, in diel fan 'eAtlantyske Oseaan. Maine is de iennichste Amerikaanske steat dy't mar oan ien oare Amerikaanske steat grinzget. It is ek de eastlikste fan alle Amerikaanske steaten, en it eastlikste punt fan Maine isWest Quoddy Head.

Hjerst ynStratton.

DeMoosehead-mar, yn Maine, is de grutstemar dy't hielendal ynNij-Ingelân leit, mei't de gruttereChamplain-mar op 'e grinzen fanFermont,Kebek enNew York leit. It heechste punt fan Maine is deMount Katahdin, yn 'eAppalachen, op 1606,4 m boppeseenivo. Dyberch is sawol it noardlike einpunt fan itAppalachysk Paad, dat alhiel oanSpringer Mountain ynGeorgia ta rint, as it súdlike einpunt fan itYnternasjonaal Appalachysk Paad, dat him útstrekt oantBelle Isle, yn 'eKanadeeske provinsjeNijfûnlân en Labrador. It leechste punt fan Maine is de Atlantyskekust, dy't uteraard op seenivo leit.

Maine hat inkustline dy't, mei al synbaaien enynhammen 400 km lang is. Foar de kust lizze withoefolleeilantsjes en noch mear kealerotsen dy't der byheech wetter ûnder strûpe.Somes Sound, in djip it lân ynsnijende ynham dy't it resultaat is fan 'e wurking fan ingletsjer ûnder de lêsteiistiid, wurdt beskôge as de iennichstefjord fan 'e eastkust fan 'e Feriene Steaten. It binnenlân fan Maine is fierhinne begroeid meileafwâld enmingd wâld, en wurdt dominearre troch deAppalachen, it heechsteberchtme fanNoard-Amearika beëasten deRocky Mountains. ItNasjonaal Park Acadia, yn 'e Appalachen, is it iennichstenasjonaal park fanNij-Ingelân. De grutsterivieren fan Maine binne deKennebec en dePenobscot.

Yndianereservaten yn Maine.

Der binne yn Maine 5Yndianereservaten:

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De oarspronklike bewenners fan wat no Maine is, wieneAlgonkwynskeYndianen fan ferskateetnyske groepen, wêrûnder deAbenaky (Abenaki), dePassamakwoddy (Passamaquoddy), deMalisiit (Maliseet), dePenobskot (Penobscot) en deMikmak (Micmac). It ierste kontakt meiJeropeänen moat omtrint1200 plakfûn hawwe, doe'tNoarskeWytsingen de kust fan it hjoeddeistigeHancock County berikten en dêr nei alle gedachtenhannel dreaune mei de pleatslike Penobskot. Twaiuwen earder hiene de WytsingenNoard-Amearika ûntdutsen troch út harrenkoloanjes ynIislân enGrienlân wei ynwestlike rjochting tesilen. Hoewol't harren besykjen om iteilânNijfûnlân tekolonisearjen mislearre, is bewiisd dat se fanút Grienlân yn 'e folgjende iuwen ferskate kearen nei Noard-Amearika weromkearden omtimmerhout te besetten. Oangeande Maine is it meast relevante bewiisstik yn dit ferbân de saneamdePeinje fan Maine, in Noarskmuntstik datearjend út itregear fankeningOlaf III (1067-1093), dat yn1957 by inargeologyske opgraving yn 'e steat ûntdutsen waard.

Oan 'ekust fan Maine.

De earstekolonisaasje troch Jeropeänen fan it grûngebiet fan Maine fûn plak yn1604, op it eilânSaint Croix, trochPierre Dugua, hear fan Mons, wêrby't ek de ferneamdeFrânskeûntdekkingsreizgerSamuel de Champlain belutsen wie. De Frânsen neamden it gebiet datNij-Breunswyk,Nij-Skotlân en Maine omfiemeAkadia. De earsteIngelskedelsetting yn Maine waard yn1607 tePopham fêstige. Dy kolonisaasje wie lykwols ûnsúksesfol, en de kolonisten kearden nei fjirtjinmoannen al wer werom neiIngelân.

Letter fêstigen de Frânsen twajezuïtyskemissyposten yn Maine: ien oan 'ePenobscotbaai, yn1609, en ien op it eilânMount Desert, yn1613. Yn dat lêste jier waard ekCastine stifte, trochClaude de Saint-Étienne de la Tour, en yn1625 boudeCharles de Saint-Étienne de la Tour itFort Pentagouet, om dy delsetting te beskermjen. Underwilens waard súdlik Maine yn1622 formeel troch de Ingelsen yn besit nommen as deKoloanje Maine. De súdeastlike kust, benoarden demûning fan 'erivier deKennebec, foarme yn 'esantjinde iuw it saneamdeTerritoarium Sagadahok. Yn1623 besocht de IngelskeseefarderChristopher Levett foar de twadde kear om in Ingelske koloanje op 'e kust fan Maine te fêstigjen, troch de delsettingYork te stiftsjen, dy't lykwols ek al koarte tiid letter wer ferlitten waard. Pas yn1630 fûn teBerwick de earste permaninte Ingelsk kolonisaasje fan Maine plak. Yn1652 waard Maine in diel fan 'eMassachusettsbaaikoloanje, hoewol't it dêr net oan grinzge (mei't de kustline fan 'eKoloanje Nij-Hampshire dertuskenyn lei).

Eb ynBoothbay Harbor.

Yn 'esantjinde enachttjinde iuw waard der in soad om Maine fochten troch de Frânsen en Ingelsen en harren respektivelike Yndiaanske bûnsgenoaten, wêrby't oer en wer oerfallen en ynfallen útfierd waarden en ljufinzen nommen waarden om se tsjin inlospriis wer frij te litten. Under deOarloch fan Kening Willem waard in diel fan 'eAbenaky, de sterkste Yndiaanske stamme fan it gebiet, út it binnenlân ferdreaun, en de restearjende Abenaky litten slimme nederlagen ynDummers Oarloch, troch de ferovering fanNorridgewock yn1724 en de ferdylging fan 'ePekwâket-Abenaky yn1725. Uteinlik loeken alle Abenaky har út Maine werom en fêstigen har ynNij-Frankryk (it lettereKebek, ûnder de beskerming fan harren Frânske bûnsgenoaten.

Nei't de Frânsen yn1755 yn 'eFrânske en Yndiaanske Oarloch troch deBritten yn Akadia ferslein wiene, kaam it diel fan Maine beëasten de rivier dePenobscot yn 'e mande mei it lettereNij-Breunswyk yn namme ûnder dekoloanje Nij-Skotlân te fallen. Under deAmerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1774-1783) en deOarloch fan 1812 (1811-1815) fochten de Britten en deAmerikanen om Maine, en yn beide konflikten waard eastlik Maine troch de Britten beset. Trochdat itFerdrach fan Parys, dat in ein makke oan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, sa dizenich wie oer it ferrin fan 'e grins tusken it Amerikaanske Maine en it Britske Kebek en Nij-Breunswyk, ûntstie der in grinsskeel dat oant fier yn 'enjoggentjinde iuw oanhâlde soe.

Deskyline fanBangor.

Underwilens wie Maine nei de Unôfhinklikheidsoarloch in ûnderdiel wurden fan 'eAmerikaanske steatMassachusetts. Dêr wie debefolking fan Maine alhiel net bliid mei, want troch de ôfhandichheid fan it gebiet binnen Massachusetts kaam it op alderlei mêden oan it krapperein, wylstrike lju út Massachusetts yn Maine sûnder swierrichheden it bêste lân opkeapje koene om dermei tespekulearjen. Yn1807 fûn der yn itSteatskongres fan Massachusetts in earste stimming plak oer it rjocht fan Maine om him fan Massachusettsôf te skieden; dat foarstel waard lykwols fuortstimd. Doe't ûnder deOarloch fan 1812 pro-Britskekeaplju út Masschusetts wegeren om Maine te ferdigenjen tsjin Britske ynfallen út Nij-Breunswyk wei, woe men yn Maine lykwols neat mear witte fan it fuortsetten fan 'e uny mei Massachusetts.

Uteinlik stimde Massachusetts der yn1819 mei yn om ôfstân te dwaan fan Maine, op it betingst dat de mearderheid fan 'e befolking fan Maine dêr yn inreferindum syn goedkarring oan jaan soe. Dy folksriedplachting fûn yn1820 plak, en dêrby joech in romme mearderheid fan 'e befolking fan Maine oan dat it gebiet selsstannich wurde moast. Yn itAmerikaanske Kongres moast noch wol hantsjebakt wurde mei itAmerikaanske Suden, wat late ta it saneamdeKompromis fan 1820, wêrby't ôfpraat waard dat Maine (as frije steat) enMissoery (asslavesteat) opnommen wurde soene yn 'eAmerikaanske Uny, sadat it lykwicht tusken de beide lânsdielen beholden bliuwe soe. Sadwaande waard Maine op15 maart1820 de 23e steat fan 'e Feriene Steaten.

It omstriden gebiet yn Maine,Kebek enNij-Breunswyk mei yn 'e midden dêrfan degrins (griene line) sa't dy fêststeld waard by itWebster-Ashburton-Ferdrach fan1842.

De oarspronklikehaadstêd fan 'e steat Maine wiePortland, mar de sit fan it regear waard yn1832 ferhuze neiAugusta, fanwegen de sintralere lizzing fan dat plak. Lykwols is Portland noch altyd de sit fan itHeechgerjochtshôf fan Maine. Om1840 hinne kamen de Feriene Steaten en Grut-Brittanje wer yn konflikt oer de grins tusken Maine en de Britske koloanjes yn wat letterKanada wurde soe. Hoewol't der net fochten waard, kaam dat konflikt bekend te stean as deAroostook-Oarloch. Lang om let waard doe yn1842 it ferrin fan 'e grins dúdlik fêststeld yn itWebster-Ashburton-Ferdrach, mei as gefolch dat it noardlikeAroostook County by Maine kaam te hearren. Foartiid hie de hegereSaint John-delling diel útmakke fan 'e saneamdeRepublyk Madawaska.

Under deAmerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) focht Maine oan 'e kant fan itNoarden tsjin 'eSúdlikeKonfederearre Steaten fan Amearika. Yn dat konflikt fûn op26 juny1863 te Portland deSlach om de Haven fan Portland plak, it noardlikste militêre treffen fan 'e hiele oarloch, doe't in Konfederearre ôfdieling ûnder lieding fankapteinCharles Read it stedsje binnenfoel en besit besocht te nimmen fan 'ehaven. Datselde jiers makke it20e Frijwillige Ynfanteryrezjimint fan Maine namme doe't it ûnder lieding fankolonelJoshua Chamberlain in krúsjale rol spile by it weromslaan fan 'e Konfederearre troepen yn 'e beruchteSlach by Gettysburg, ynPennsylvania. Chamberlain soe letter fjouwer terminen lang asgûverneur fan Maine tsjinje.

Bestjoer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Maine bestiet bestjoerlik út 16countys. Desteatshaadstêd,Augusta, leit ynKennebec County, dat yn it sintralesuden fan 'e steat leit. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Maine bestjoerd troch insteatsregear mei oan it haad degûverneur. Dewetjaande macht is yn 'e hannen fan itParlemint fan Maine, dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 35 leden en it Steatshûs fan Offurdigen mei 151 leden. Yn 'eAmerikaanske Senaat wurdt Maine, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2senators. Yn itAmerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Maine ek 2 sitten.

It Steatskapitoal fan Maine.

Itpolitike lânskip fan Maine wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanskepolitike partijen, deDemokratyske Partij en deRepublikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in tige marzjinale rol. Nettsjinsteande dat wurdt der yn Maine, mear as yn 'e measte oare Amerikaanske steaten, opûnôfhinklike kandidaten stimd. Sûnt deTwadde Wrâldoarloch hat Maine sels twa ûnôfhinklike gûverneurs hân, ntl.James B. Longley (1975-1979) enAngus King (1995-2003). ByAmerikaanske presidintsferkiezings stimt Maine yn 'e regel yn mearderheid op 'e Demokratyske kandidaat.

Sawol de Demokraten as de Republikeinen út Maine hawwe oer it algemienprogressivere politike tinkbylden as dat gongber is yn 'e nasjonale partijen dêr't se ta hearre. Yn Maine is deferkeap fanalkohol insteatsmonopoalje. Op6 maaie2009 waard Maine de fyfde Amerikaanske steat dêr't ithomohoulik ynfierd waard. Dy beslissing waard lykwols op3 novimber fan dat jier weromdraaid doe't it troch tsjinstanners foar derjochter oanfochten waard. Op6 novimber2012 waard Maine de earste Amerikaanske steat dêr't mearderheid fan 'e befolking him by inreferindum útspriek foar de ynfiering fan it homohoulik, mei as gefolch dathomo's fan dy datum ôf yn Maine wertrouwe koene.

Deskipswerven fanBath.

Ekonomy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn2010 berûn itbruto steatsprodukt fan Maine$52 miljard, en yn2007 bedroech it BSP per lid fan 'ebefolking $33.991, wêrmei't de steat it 34e plak ynnaam yn in ranglist fan Amerikaanske steaten. Maine is noch altyd in fierhinneagraryske steat. De wichtichstelânbouprodukten binneplomfee,aaien,suvelprodukten,kij,beien,apels,eskdoarnsjerp eneskdoarnsûker. It noardlikAroostook County stiet fierders bekend om synjirpels. Oan 'ekust fan Maine is defiskerij tige wichtich, wêrby't behalven opseefisk ek fral opkreeft enmoksels fiske wurdt.

Fierders wurdt der yn Maine in soad oanboskbou dien, en bestiet der in navenant gruttehout- enpapieryndustry. Oarsoartigeyndustryen produsearjeelektroanika,lear,itenswaren,tekstyl enbiotechnologyske produkten. Ek deskipsbou, dat oan 'e kust fan Maine intradisjonele foarm fanwurkgelegenheid is dy't tebek giet oant yn 'e iereachttjinde iuw, is noch in sektor fan belang, benammen ynBath enPortsmouth. Ittoerisme hat in grut en groeiend oanpart ynekonomy fan Maine.Fakânsjegongers komme benammen nei de steat om teangelfiskjen en tejeien (opharten,elanden enbearen), en fierders om tekampearjen,kuierjen,snieskûterjen,skyen en foar oare bûtendoaraktiviteiten.

Befolkingstichtens yn Maine.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Neffens in offisjele rûzing troch itAmerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanskefolkstelling fan2010) hie Maine yn2014 1.330.089 ynwenners, wat in groei fan 0,13% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn2010. Debefolkingstichtens bedroech yn2014 14,5minsken de km². De grutstestêd fan 'e steat isPortland, mei 66.000 ynwenners yn2010. Oare gruttere stêden binne:Lewiston (37.000),Bangor (33.000),South Portland (25.000),Auburn (23.000),Biddeford (21.000),Sanford (21.000),Brunswick (20.000) en desteatshaadstêdAugusta (19.000). Maine is de tinst befolke Amerikaanske steat beëasten deMississippy. Wat noardliker oft men komt, wat tinner befolke oft Maine is: yn itûnorganisearre territoariumNoardwest-Aroostook, in gebiet fan 6.910 km², wenje bgl. mar 10 minsken, wat in befolkingstichtens opsmyt fan 1 persoan op 690 km².

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanskefolkstelling fan2010 wie deetnyske opbou fan 'ebefolking fan Maine doe sa: 94,4%blanken; 1,3%Latino's; 1,1%swarten; 1,0%Aziaten; 0,6%Yndianen; 0,1%Polyneziërs,Melaneziërs enMikroneziërs; 1,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Utsjoch op it sintrum fanPortland, de grutstestêd fan Maine.

Blanke ynwenners fan Maine binne fierhinne fanNoardwestjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen (neffens sifers út2011) deFrânsen enFrânsk-Kanadezen (23,9% fan 'e totale steatsbefolking),Ingelsen (21,6%),Ieren (17,8%),Angelsaksyske Amerikanen (9,4%),Dútsers (8,5%),Italjanen (5,8%),Skotten (5,5%),Poalen (2,1%),Sweden (1,8%) enUlstersen oftewolprotestantskeNoardieren (1,7%). De lju dy't harsels omskriuwe as 'Angelsaksyske Amerikanen' binne foar de oergrutte mearderheid fan Ingelskkomôf, mar harrenfoarâlden hawwe faak al sa lang yn Maine (of alteast ynNoard-Amearika) wenne, dat se gjin inkele bining meiIngelân of deIngelsen mear fiele.

Maine hat fan alle Amerikaanske steaten it heechste persintaazje blanken op 'e steatsbefolking (salang't blankeLatino's net meirekkene wurde). De steat hat ek it heechste persintaazje fanFrânsk-Amerikanen fan alleAmerikaanske steaten. Mear as in fearn fan 'e befolking fan plakken asLewiston,Waterville enBiddeford bestiet út Frânsk-Amerikanen. De Ieren, Italjanen en Poalen yn 'e steat binne foar it meastepart ôfstammelingen fanymmigranten dy't har oan 'e ein fan 'enjoggentjinde en it begjin fan 'etweintichste iuw yn Maine nei wenjen setten.

Maine omfiemet 4federaal erkende Yndianestammen.

Dizze stammen hawwe allegear harren har eigenreservaat, en de Passamakwoddy Stamme hat sels twa reservaten. Der binne yn Maine gjinstammen mei inkeld erkenning op steatsnivo.

Utsjoch oer deAtlantyske Oseaan út itSteatspark Camden Hills wei.

Maine hat gjinoffisjele taal dy't as sadanich bywet fêstlein. Yn 'e praktyk ferfollet itIngelsk dy funksje, mar ûnder de steatswetjouwing genietsje it Ingelsk en itFrânsk deselde beskerming. Sadwaande wurdt wol beweard dat Maine in twatalige steat is, hoewol't de iennichste offisjeel twatalige Amerikaanske steat einsHawaï is. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanskefolkstelling fan2000 wie it Ingelsk doe foar 92,3% fan 'e befolking fan Maine dememmetaal, folge troch it Frânsk mei 5,3%. Dat is it heechste persintaazje Frânsktalige ynwenners fan alle Amerikaanske steaten,Louisiana (4,7%) ynbegrepen.

De measte Frânsktaligen stamje ôf fan lju dy't har foarôfgeande oan 'e grinsfêststelling fan1842 fanútNij-Breunswyk yn noardlik Maine fêstigen, of fanKebekanen dy't tusken1840 en1930 nei de Feriene Steatenemigrearren. Fral yn 'eSaint John-delling ynAroostook County, yn noardlik Maine, binne in protte Frânsktaligen konsintrearre.

Op it mêd fangodstsjinst bestie yn2010 39% fan 'ebefolking fan Maine útkristenen, wêrûnder 28%roomsen en 11%protestanten. Dêrmei wie Maine it minst religieus fan alle Amerikaanske steaten. De grutste protestantske denominaasjes wiene yn2010 deFeriene Metodistyske Tsjerke mei 28.000 leden en deFeriene Tsjerke fan Kristus mei 23.000 leden.Ateïsten enagnosten foarmen 59,3% fan 'e befolking. De oanhingers fan alle oare godstsjinsten as it kristendom makke mei-inoar 1,7% fan 'e befolking út. De grutsten dêrfan wiene ithindoeïsme, deislaam, itboedisme en itbahaïsme.

Winter ynBangor.

Klimaat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Maine hat in fochtichlânklimaat, mei ridlik waarme, fochtigesimmers en kâlde ensnieïgewinters. Yn itkustgebiet wurde detemperatuerferskillen wat moderearre troch de ynfloed fan 'eAtlantyske Oseaan, sadat de simmers dêr wat koeler binne en de winters wat mylder. Yn it meastepart fan 'e steat leit dedeitemperatuer by 't simmer lykwols om 'e 24 oant 27 °C, wylst it kwik by 't winter oan 'e kust om itfriespunt sweeft en yn it noarden fan 'e steat maklik sakje kin oant –18 °C. Rekôrtemperatueren wiene 41 °C op10 july1911 ynNorth Bridgton, en –46 °C op16 jannewaris2009 oan 'eGrutte Swarte Rivier.Delslachhoemannichten binne frij lykmjittich oer de steat ferdield, en berinne 909 mm ynPresque Isle oant 1.441 mm yn itNasjonaal Park Acadia.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enFurther reading, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryMaine fanWikimedia Commons.
 
             Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama Alaska Arizona Arkansas Delaware Fermont Firginia Floarida Georgia Hawaï Idaho Illinois Indiana Iowa Kalifornje Kansas Kentucky Kolorado Konettikut Louisiana Maine Marylân Massachusetts Michigan Minnesota Mississippy Missoery Montana Nebraska Nevada Nij-Hampshire New York Nij-Jersey Nij-Meksiko Noard-Dakota Noard-Karolina Ohio Oklahoma Oregon Pennsylvania Rhode Island Súd-Dakota Súd-Karolina Teksas Tennessee Utah Washington West-Firginia Wyoming Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen Amerikaansk-Samoä Gûam Noardlike Marianen Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
· ·Berjocht bewurkje
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Maine&oldid=1014263"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp