DeMaas is ien fan de twa grutte rivieren dy't trochNederlân streame. De rivier hat in lingte fan likernôch 925 kilometer en rint troch trije lannen:Frankryk,Belgje en Nederlân. De Maas wurdt fuorre troch reinwetter.
De Maas fynt harren oarsprong yn Frankryk, byPouilly-en-Bassigny, op itPlato fan Langres. Dit is ek it plak dêr't de boarnen fan deSeine en deMarne lizze. De rivier giet fan Pouilly-en-Bassigny yn noardlike rjochting nei deFrânske Ardinnen enLotaringen en komt byFerdun enSedan del. Fan Sedan ôf is de Maas te befarren. ByGivet giet de rivier de grins mei Belgje oer.
By it BelgyskeNamen streamt de rivier deSambre yn de Maas. Fan hjirôf bûcht de rivier nei it easten en berikt it de grutste stêdekloft oan har rin,Luik en de omkriten fan dy stêd. Nei dit gebiet bûcht de rivier wer yn noardlike rjochting neiMaastricht ta.
ByEijsden foarmet de Maas in skoftke de grins tusken Belgje en Nederlân, mar by Maastricht komt de rivier op Nederlânsk grûngebiet.
Yn Nederlân komt de Maas súdlik fan Maastricht de grins oer en rint dan yn noardlike rjochting neiRoermond. Oan de noardkant fan Maastricht foarmet de Maas wer de grins mei Belgje, fan dêr ôf komt de Maas foargoed hielendal op Nederlânsk grûngebiet.
ByKessenich lizze tal fan lytse marren, de saneamdeMaasplassen. Dizze binne ûntstien troch de grintwinning dy’t dêr plak fynt. Tusken Maastricht enMaasbracht leit itJulianakanaal dat foar de skipfeart befarbar makke is. By Roermond wurdt de Maas foar de skipfeart ûnderbrutsen troch it Lateraalkanaal.
Nei Roermond giet de rivier fierder nei it noarden, neiFenlo, en rint it likernôch parallel oan deDútske grins, dat inkele kilometers nei it easten ta leit. ByArsen leit it meast eastlike punt fan de rivier en giet it stadichoan mear nei it westen ta. By it lytse plakjeGeijsteren giet de Maas de grins tuskenLimburch enNoard-Brabân foarmjen, en byMook wurdt dit de grins tuskenGelderlân en Noard-Brabân.
It lêste grutte plak oan de Maas isDe Bosk, ek lizze der noch inkele âlde festingstêdsjes asGrave enRavenstein oan de rivier. ByHeusden, ek sa’n âlde festingstêd, wurdt de Maas in twaen splitst. Nei it noarden giet deOfdame Maas en fierder nei it westen komt de Maas út yn itHollânsk Djip ynSeelân.