Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Mûzefalk

Ut Wikipedy
mûzefalk
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôffûgels (Accipitriformes)
famyljehaukfûgels (Accipitridae)
skaaimûzefalken (Buteo)
soarte
Buteo buteo
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
    stânfûgel
    simmerfûgel
    wintergast

Demûzefalk ofmûzebiter (Buteo buteo) is ien fan de meast foarkommende rôffûgels ynNederlân. Hy bliuwt dêr ek it hiele jier troch. Yn de winter binne yn Nederlân ek mûzefalken útSkandinaavje te finen. De 51-57 sm grutte fûgel kin ferskate kleuren hawwe, fan hielendal brún oant en mei in frij ljochte fûgel mei in protte wite fearren. Troch de fariaasje oan kleuren kin de mûzefalk maklik ferwiksele wurde mei deRûchpoat en deWapseglee.

Iten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De mûzefalk sweeft boppe syn jachtgebiet op 'e syk nei proai. At er wat te iten sjocht dûkt er der boppe-op. Lykas by in protte oare rôffûgels bestiet it iten fan de mûzefalk meast útmûzen. Dêrneist yt de mûzefalk ek wol oare proaien fan deselde grutte, lykas hagedissen en lytse fûgels.

Fuortplanting

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De mûzefalken bouwe sels in nêst yn in beam. Dat nêst brûke se faker dat it kin in grut bouwurk wurde. Beide âlden briede op de 2-3 aaien, it wyfke wol it meast. Nei 30-35 dagen komme de jongen út, dy't sa'n 40 dagen op it nêst bliuwe. As der troch de âlden net in protte iten brocht wurdt, sil it lytste jong it faak net helje.

Fleanende mûzefalk.
Mûzefalke-aaien.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Mûzefalk&oldid=1177145"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp