Inlyk ofkadaver is itdeadelichem fan inorganisme nei itferstjerren. Meastal wurdt mei dizze oantsjutting ferwiisd nei it deade lichem fan inminske, mei't in dead bist ornaris inkadaver ofkring neamd wurdt. Aseufemisme wurdt foar in minsklik lyk ek wol de oantsjuttingstoflik omskot brûkt. Kadavers fan deade bisten kinne, ynsafier't se net troch de minske opromme wurde, lykslein wurde meiies. In kadaver sil yn denatoer op itselde plak lizzen bliuwe enûntbine oant it trochiesiters enmikro-organismen alhiel opfretten en ôfbrutsen is. Yn in sûnebiotoop is it opromjen fan dead organysk materiaal in wichtigeekologyskenys. Minsklike liken binne yn 'e regel it mulpunt fandeaderituëlen, lykas yn 'e Westerskekultuer inbegraffenis ofkremaasje. Nei in begraffenis sil it stoflik omskot fan in minske lykwols úteinlik ek bleatstean oanûntbining en ôfbrutsen wurde troch mikro-organismen. Datselde jildt yn mindere mjitte foar dejiske dy't oerbliuwt nei in kremaasje.
Nei't de dea yntreden is, begjint daliks itûntbiningsproses fan it lyk of kadaver. Dêrby wurde ferskate stadia trochrûn. It earste stadium is dat fan 'elivor mortis oflykplakken, mei't troch it ophâlden fan 'ebloedsirkulaasje allebloed yn it lichem troch deswiertekrêft nei de leechste lichemsdielen rint, mei as gefolch dat dy pearsblau ferkleurje, wylst de rest fan it lichem lykbleek wurdt. Likernôch 1-4 oeren nei it ferstjerren begjint derigor mortis oflykstiifheid, wêrby't trochbiogemyske prosessen despieren fan it lyk stiif wurde en dat bliuwe oant sa'n 48 oeren nei it ferstjerren. Ungefear 12 oeren nei it fertsjerren is it lyk allelichemswaarmte kwytrekke en begjint dealgor mortis oflykkjeld, wêrby't it lyk detemperatuer fan syn om-en-by oannimt.
Deferrotting of it bedjer fan it lyk begjint trije dagen nei it ferstjerren. Wat heger oft deomjouwingstemperatuer is, wat flugger oft dat proses ferrinne sil. Dêrby silleynsektenaaien lizze yn it lyk, wêrnei't in pear dagen letter de earstemaitsen derút begjinne te krûpen. Tagelyk silleiesitende bisten fan it lyk begjinne te fretten ynsafier't dat foar harren tagonklik is. Nei in pearwiken sil it tsjin dy tiid trochbiogemyske enbakteriële prosessen opsette lyk iepenbarste. Nei noch ferskate wiken sil it lyk amper mear as minske of bist werom te kennen wêze, en nammenste minder as der iesiters oer gear west hawwe. As de omstannichheden dêrta oanwêzich binne, kin in lyk ynstee ek útdrûgje troch in proses fan natuerlike (of keunstmjittige)mummifikaasje.
Yn letter tiid wie it yn guon lannen ynWest-Jeropa wizânsje om 'e liken fanta de dea brochtemisdiedigers beskikber te stellen foar de wittenskip, mar om't de fraach nei liken altyd folle heger wie as it oanbod, fertsjinnen guon kriminelen sûnder skrupules harren jild mei it opgraven en stellen fan 'e koartbybeïerdige liken fan brave boargers en dy troch te ferkeapjen oan wittenskiplike ynstellings. Yn dy tiid leaudenkristenen dat men in ûnskeind lichem nedich wie foar deweropstanning út 'edea dy't neffens deIepenbiering fan Jehannes oan 'eEin fan de Tiden plakfine sil, dat soklykrôvjen waard beskôge as in tige slimmemisdie.