Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Lviv

Ut Wikipedy
Lviv
Lizzing fan Lviv yn de oblast Lviv yn de Oekraïne
FlaggeWapen
Polityk
LânOekraïne
Oblast Lviv
Sifers
Ynwennertal717.803(2021)
Oerflak182,01 km²
Befolkingstichtens3979,5 ynw./km²
Hichte289-412 m
Oar
Stifting1256
TiidsôneEET (UTC+2)
Simmertiid(UTC+3)
WebsideSide fan de stêd Lviv

Lviv,Lvov ofLemberg (Oekraynsk: Львів;Poalsk: Lwów,Russysk: Львов,Dútsk enNederlânsk: Lemberg,Jiddysk: לעמבערג) is in stêd yn it westen fan deOekraïne en it besjoerlike sintrum fan de oblast mei deselde namme. Mei in ynwennertal fan likernôch 725.000 (2019) is Lviv de sânde stêd fan it lân. De histoaryske binnenstêd is troch deUNESCO oanwiisd aswrâlderfgoed.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Troch de iuwen hinne hawwe ferskate Europeeske kultueren harren stimpel op de stêd set. De earste delsettings yn it stedsgebiet ûntstiene yn de 10e iuw en wieneSlavysk; de stifting fan de stêd fûn lykwols plak yn it midden fan de 13e iuw. Lviv slagge der yn de 13e iuw yn om as krúspunt fan wichtige hannelsrûtes yn belang ta te nimmen. Handlers en sakelju útBreslau,Krakau,Praach,Turyn en oare grutte plakken kamen yn Lviv byinoar.

Yn it noardwesten fan de hjoeddeiske Oekraïne hearske eartiids de foarstDaniël Romanovitsj fan Galysje. Yn 1256 liet de foarst fan it Rûs-foarstedom Galysje-Wolhynje op it plak fan it hjoeddeiske Lviv in boarch foar syn soanLev bouwe. Oan de namme Lev, dat liuw betsjut, tanket de stêd de namme Lvov. Lviv hat noch jimmeroan in liuw yn it stedswapen stean. De ynfallen fan deMongoalen en de te beteljen skattings ferswakten it foarstedom Galysje-Wolhynje en nei't de lokale liny fan deRjoerikiden útstoar, foel Lvov ynearsten oan itGrutfoarstedom Litouwen en yn 1349 oanPoalen ta.

Poalske oerhearsking

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Lviv op in gravuere fan 1618

De Poalen baarnden de boarch ôf en besochten itkatolisisme op te lizzen. De Poalske keningKasimir de Grutte ferliende de stêd yn 1356 it Maagdenburchske stedsrjocht.Dútsers,joaden enArmeenjers wiene nije bevolkingsgroepen dy't harren yn de stêd fêstigen. Fan 1375 oant 1772 wie Lvov haadstêd fan de Poalske Woiwodskip Roeteenje (sûnt 1569 yn de adelrepublykPoalen-Litouwen). De stêd wie yn de Iere Nije Tiid njonkenKrakau,Vilnius enWarsjau ien fan de sintra fan it Poalske kulturele en geastlike libben, wylst de omkriten fan de stêd benammenOekraynsktalich bleaune.

Yn deChmelnytsky-opskuor en dePoalsk-Russyske Kriich waard Lvov fan 1648 oant 1655 troch de Zaporozje-Kozakken belegere. De stêd krige foar it hoekhâlden it predikaatsemper fidelis (altiten trou).

De yn 1661 troch de Poalske keningJan II Kasimir stifte universiteit fan Lvov is de âldste universiteit fan de hjoeddeiske Oekraïne.

Habsburgske monarchy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 1772 foel de stêd mei de earste dieling fan Poalen ta oan deHabsburchmonarchy. De stêd waard haadstêd fan it keninkryk Galysje en de fjirde stêd fan it lân, dat in soad folken kende. KeizerJoazef II woe lykas yn de rest fan it Ryk itDútsk as offisjele taal trochfiere. Oant 1850 fûn it heger ûnderwiis sûnt de skoalleherfoarmings fanMaria Theresia allinne yn it Dútsk plak, itjinge foar de Poalske jongerein problematysk wie om't, lykas de poalske dichter Kazimierz Brodziński sei, se de stof allinne eigen meitsje koene troch it út de holle te learen sûnder it te begripen.

Lemberg yn de 19e iuw

Yn it midden fan de 19e iuw feroare de gearstallng fan it amtnerspersoaniel. Wylst earder 600 fan de 800 amtners Dútsk wiene, waard troch de relative autonomy fan it keninkryk Galysje fanôf 1867 al gau itPoalsk de twadde taal. No easken de Poalen in jimmeroan grutter plak op yn it amtlik apparaat fan it Weenske regear yn Galysje.

20e iuw

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Om 1900 hinne wie likernôch de helte fan de ynwenners Poalsk, likernôch 25% wiene joaden en dan wiene der noch sa'n 30.000 Roethenen (sa't de Oekraïners doe hieten). De Poalen lykwols seagen op dy oare folken del en yn 1908 fermoarden trije Poalske gendarmes in Rhoeteenske boer. De Oekraynske studint Miroslaw Siczynski beantwurde de moard troch stedhâlder greve Andrzej Kazimierz Potocki del te sjitten. It liede ta in grutte en bluodrige opskuor tusken Poalske en Roetheenske studinten.

Oant deEarste Wrâldkriich hearde de stêd meiKrakau en de fêsting Przemyśl ta de belangrykste garnizoensplakken fan it leger fan de dûbelmonarchy yn it eastlik diel fan it ryk, dy't de Eastenryksk-Hongaarske grins tsjin itRussyske Ryk ferdigenje moasten. Yn augustus 1914 oermastere it Russyske leger yn de Slach om Lemberg de stêd en wist sa fier troch te stjitten nei it westen. De stêd bleau oant juny 1915 yn Russyske hannen en ek dêrnei bleau de posysje fan de stêd oant deRussyske Revolúsje yn 1917 faai.

Ynterbellum

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Poalske FT-17 tanks by Lemberg

Oan it ein fan deEarste Wrâldkriich waard op 1 novimber 1918 yn de stêd deWest-Oekraynske Folksrepublyk útroppen, mar Poalen wist nei in bytiden fûle striid yn dePoalsk-Oekraynske Kriich de stêd yn hannen te krijen. Poalske troepen besetten de stêd op 21 novimber 1918. By de pogrom tsjin de joadske befolking, dy't folge op de besetting en oant 24 novimber duorre, waarden neffens berjochten fan de Amerikaanske diplomaatHenry Morgenthau 64 minsken fermoarde. In soad oare joaden waarden bestellen of rekken ferwûne. Ferantwurdlik foar de wredens wie in diel fan de Poalske ofsieren, soldaten en boargers. Oan de opskuor namen ek leden fan de joadske milysje en deserteurs út it Galisyske leger diel. Under harren slachtoffers wiene Poalske en Oekraynske ynwenners. It geweld sette de earder sa fredige ferhâldings tusken de ferskate folken en religys foar langere tiid op skerp.

Yn dy tiid hie de stêd 361.000 ynwenners. De measten dêrfan wiene Poalen (yn 1912 tusken de 50 en 53%, fanôf 1925 oer de 55%), in tredde foar it meast Poalske joaden en dêrnjonken Oekraïners, Dútsers en Poalske Armeenjers. Om de stêd hinne wiene lykwols de Oekraïners yn de mearderheid (ôfhinklik fan it gebiet ± 4/6 oant 5/6 fan de befolking). Yn itynterbellum bleau Lviv in bolwurk fan de Poalske kultuer en in sintrum fan it Oekraynsk nasjonalisme. Bestjoerlik wie de stêd as diel deTwadde Poalske Republyk fanôf 1921 de haadstêd fan it woiwodskip Lwów.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn septimber 1939 waard Lwów oant 1941 troch de dieling fan Poalen tuskenHitler enStalin troch de Sovjets beset en yndield by de Oekraynske Sovjetrepublyk. Lykas oeral yn deSovjet-Uny waard oan bedriuwen en boeren itkollektivisme twongen oplein. Yn dy tiid wennen der likernôch 160.000 Poalen, 150.000 joaden und 50.000 Oekraïners. Tusken it begjin fan deDútske oanfal op de Sovjet-Uny op 22 juny 1941 en de yntocht fan deWehrmacht yn Lvov, hawwe Sovjet-troepen likernôch 4.000 politike finzenen fermoarde. Yn de iere moarn fan 30 juny 1941 namen de Dútske troepen ûnder majoar-generaal Hubert Lanz mei it Oekraynske frijwilligersbataljon "Nachtigall" de stêd sûnder wjerstân yn.

Monumint foar de fermoarde poalske professors

Leden fan de Organisaasje fan Oekraynske Nasjonalisen rôpen noch dyselde deis fanôf it balkon fan it Lubomirski-paleis it herstel fan de Oekraynske ûnôfhinklikens út, mar dêr sieten de Dútsers net op te wachtsjen en al in pear dagen letter waarden se fan deGestapo oppakt. Lvov waard ûnderdiel fan it troch de Dútsers bestjoerde Generaal-gûvernemint en waard op 'e nij ûnder de namme Lemberg de haadstêd fan it distrikt Galysje.

Joaden yn itgetto fan Lemberg (1941)

Fan de moardpartijen fan de Sovjets waarden troch de Dútsers en Oekraïners goed gebrûk makke yn de propaganda en dat liede ta nije pogrom-sentiminten tsjin de joadske befolking. By massamoarden op de earste dagen fan de Dútske besetting ferstoaren 4.000 joaden, foar in part troch spontane reboelje fan Oekraynske milysjes en boargers, mar fral ek troch de organisearre massa-eksekúsjes oan de râne fan de stêd troch deEinsatzgruppe C. Yn de nacht fan 3 op 4 july arrestearre deGestapo 22 Poalske professors, neffens in list dy't opsteld wie mei help fan Oekraynske studinten. Se waarden fermoarde en fan guon ek de famyljeleden. Under it rezjym fanKreishauptmann Joachim Freiherr von der Leyen (1897-1945) waard hast de folsleine joadske mienskip útmoarde yn itgetto fan Lemberg, yn it wurkkamp Lemberg-Javovska en yn it ferneatigingskampBelzec. Fan de likernôch 45synagoges bleaune der mar twa gebouwen oer, de rest waard ferneatige. Yn Lemberg en omkriten waarden yn de tiid fan itnasjonaal-sosjalisme likernôch 540.000 yn kampen ombrocht; dêrfan 400.000 joaden (dêrfan 130.000 út de stêd), de oare 140.000 slachtoffers wiene Russyske finzenen. Yn Lemberg bestie letter it "kriichsfinzenenkamp 275" foar Dútske kriichsfinzenen. By it kamp lei in tsjerkhôf foar kriichsfinzenen mei mear as 800 grêven.

Nei de kriich oant 1991

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Operahûs yn it moderne Lviv

Doe't de stêd yn 1944 ûnder Sovjetbestjoer kaam waarden de measten Poalen útset. In diel fan dy befolking ferhûze nei it ferdriuwen fan Dútsers neiNeder-Sileezje, benammen nei Breslau. In soad Oekraïners, dy't earder yn it Poalske West-Galysje en sintraal Poalen wenne hiene, waarden tagelyk troch de Sovjet's twongen te ferhûzjen nei Lvov. Sa feroare de etnyske en kulturele gearstalling fan de stêd, dêr't no de Oekraïners fierwei de grutste groep foarme.

De autoriteiten setten útien mei de weropbou fan de stêd, dy't mank gyng mei yndustrialisaasje en in ynfluks fan faklju út de hiele Sovjet-Uny. Oant de jierren 1980 wiene der 137 grutte fabriken bykommen, dy't foar de produksje fan bussen, frachtweinen, fiersjoggers en masjines soargen. It ynwennertal naam fan 330.000 oant 760.000 ta. Nasjonalistyske bewegings ûnder de oarspronklike ynwenners waarden ûnderdrukt.

Unôfhinklikens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sûnt 1991 leit Lviv yn de ûnôfhinklike republyk Oekraïne. Yn Galysje wurdt noch jimmeroan de rop om autonomy heart, ek fanwegen de skiednis fan Lviv as haadstsêd fan in selsstannich keninkryk. De stêd fierde yn de hjerst fan 2006 it 750-jierrich jubileum.

De Merk fan Lviv
Patrisiërshûzen oan it Marktplein
Otterdokske Marije-Himelfearttsjerke

It besjen wurdich

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De âlde binnenstêd en de bebouwing yn de wiken dy't tsjin it ein fan de 19e iuw/begjin 20e iuw ûntstiene hawwe de kriich en de Sovjet-tiid goed trochstien. De bebouwing fertsjintwurdiget derenêssânse, debarok, itklassisisme, ithistoarisme, deJugendstil enArt deco. Yn 1998 waard it histoaryske sintrum fan de stêd op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO ynskreaun fanwegen syn stedske struktuer en it ferranen fan de arsjitektoanyske en keunstsinnige tradysjes fan East-Europa mei dy fan Itaalje en Dútslân. De politike en ekonomyske rol fan Lviv loek in grut tal etnyske groepen oan mei ferskillende kulturele en religieuze tradysjes, dy't eigen mar ek fan inoar ôfhinklike mienskippen yn de stêd foarmen, dy't ek tsjintwurdich yn it stedsbyld werom te kennen binne.

  • Riedshûs oan de Merk (19e iuw);
  • Patrisiërshûzen oan de Merk (16-e oant 18e iuw);
  • Bürgerhäuser am Marktplatz (Rynok, 16. bis 18. Jahrhundert);
  • Operahûs (19e iuw);
  • Paleis Potocki;
  • Lytsjakivskyj-tsjerkhôf;
  • Ruïnes fan de boarch fan de foarst Daniel Romanovitsj fan Galysje;
  • Muorredielen fan de yn de Twadde Wrâldkriich ferneatige Gouden Roas-synagoge;
  • It Sryjskyj-park (1887).

Religieuze gebouwen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Marije-Himelfeartkatedraal (roomsk-katolyk; 1360–1481);
  • Sint-Joarisatedraal (Gryksk-katolyk; 1744–1770);
  • Marije-Himelfeartstsjerke (Autosefale Otterdokske Tsjerke (1591–1629));
  • Armeenske Marije-katedraal (1356–1363);
  • Alderheljentsjerke (it eardere Benediktinenkleaster, 1597–1616);
  • Karmelitentsjerke (1623-1642);
  • Boim-Kapel (1609–1615);
  • Eardere dominikanentsjerke Corpus Christi (18. Jahrhundert);
  • Sint-Andréastsjerke (eardere kleaster fan de Bernhardinen, 17e iuw)
  • Beit-Aaron-we-Israel-Synagoge, 1924.
  • Iepenloftmuseum foar Folksarsjitektuer en Lannelik Libben Sjevtsjenko-Haj;[1]
  • Nasjonaal Museum Andrej Sjeptytsky yn Lviv (Національний музей у Львові) mei in grutte samling fan ikoanen;[2]
  • Renêssânse Kornjakt-Hûs (Італійський дворик), stedspaleis fan de handler Konstiantyn Korniakt (1580);[3]
  • Lviv Nasjonale Keunst Gallery;[4]
  • Museum fan de Skiednis fan Religy (It museum is ûnderbrocht yn it eardere kleaster fan de Dominikanen (14e oant 18e iuw);
  • Museum fan Etnografy en Ambachten; (Музей етнографії та художнього промислу Інституту народознавства НАН України)[5]
  • Plak fan Ferskrikkings (Museum op it plak fan in eardere Sovjet-finzenis (1944–1955 en it getto fan Lviv (1941–1943) dat de ferskrikkings ûnder de Sovjets en nazy's betinkt);[6]
  • Nasjonaal Museum ta Neitins fan de Slachtoffers fan de Besetting (de Lonsky-finzenis, museum oer de Poalske, Dútske en Russyske besetting en de frijheidsstriid fan de Oekraïners);[7]
  • Museum foar de Skiednis fan Lviv (Swarte Hûs oan it Marktplein, 1588-1589);
  • Brouwerij-museum;
  • Wapenmuseum yn it Arsenaal fan Lviv;[8]
  • Betinkingsmuseum foar de operazangers Solomija Krûsjelnytska (23 September 1872 – 18 November 1952).
  • Operagebou fan Lviv
    Operagebou fan Lviv

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis:de:Lwiw


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryLviv fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Lviv&oldid=1148231"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp