Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Lucasfilm

Ut Wikipedy
Lucasfilm
algemien
nasjonaliteitAmerikaansk
typeprivaat
sektorfilmstudio,tillefyzjestudio
haadkertierSan Francisco (Kalifornje)
oprjochte1971
oprjochterGeorge Lucas
memWalt Disney Studios
dochtersIndustrial Light & Magic
Skywalker Sound
Lucasfilm Games
Lucasfilm Animation
sifers
aktyf yndeFeriene Steaten
wurknimmers2.000(2015)
tal lokaasjes6
offisjele webside
www.lucasfilm.com

Lucasfilm, einsLucasfilm Ltd. LLC, is inAmerikaanskefilmstudio entillefyzjestudio dy't yn1971 oprjochte waard trochfilmmakkerGeorge Lucas en dy't nei him ferneamd is. Ithaadkantoar is fêstige ynSan Francisco. Lucasfilm is it bekendst fan 'eStar Wars- enIndiana Jones-mediafranchises. Fia syndifyzjeIndustrial Light & Magic (ILM) is itbedriuw ek in pionier op it mêd fanspecial effects. Lucasfilm wie in selsstannigeûndernimming oant it yn2012 foar de priis fan krapoan$6 miljard oernommen waard trochThe Walt Disney Company. Sûnt makket it diel út fan 'e difyzjeWalt Disney Studios.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Lucasfilm waard yn1971 oprjochte troch deAmerikaanskefilmmakkerGeorge Lucas en krige op12 septimber1977 syn hjoeddeistige bedriuwsfoarm as Lucasfilm Ltd. Mids1970-er jierren wie it bedriuw fêstige yn inpakhûs yn 'eLos AngelynskewykVan Nuys, dat Lucashierde fanUniversal Films. De earstefilm dy't Lucasfilm produsearre wieAmerican Graffiti yn1973. Dêr wie inbudget fan$777.000 foar beskikber, en de film brocht $140 miljoen op. Lucasfilm waard wrâldferneamd mei descience fiction-filmStar Wars, út1977, dy't letter mei weromwurkjende krêft omneamd waard taStar Wars: Episode IV – A New Hope. Dy brocht $775,8 miljoen op tsjin in budget fan $11 miljoen, en wûn sânOscars en inGolden Globe.

George Lucas, de oprjochter fan Lucasfilm, yn1986.

Lucas rjochte datselde jiers de Star Wars Corporation, Inc. op as in earstedochterûndernimming fan Lucasfilm, om 'e ferskatejuridyske enfinansjele aspekten fanStar Wars te behearen, wêrûnder de rjochten op it meitsjen fanferfolchfilms en delisinsjerjochten foarmerchandising. Yn1978 naam erfêstgoedspesjalist Charles Weber yn 'e earm om Lucasfilm foar him te bestjoeren, sadat er him sels mear talizze koe op it meitsjen fan films. Weber gie lykwols mei de studio in hiel oare kant út as Lucas woe: itmanagement woeks yn grutte oan, wylst der minder jild en oandacht nei de eigentlik produksje fan films gie. Dêropûntsloech Lucas yn1980 Weber en de helte fan 'e ûnderwilens 100wurknimmers. Datselde jiers gie de Star Wars Corporation wer yn Lucasfilm op.

Yn1980 kaamStar Wars: Episode V – The Empire Strikes Back út, it twadde diel fan 'e oarspronklikeStar Wars-trilogy. Yn1983 folge it trêde diel,Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Dêrnei besleat Lucas om ôf te sjen fan fierdereStar Wars-films, mei't destress fan it beävensearjen fan sokke grutte projekten in negative ynfloed op synsûnens hie. Tusken1981 en1989 kamen de earste trijeIndiana Jones-films út. Oare grutte films dy't Lucasfilm yn 'e1980-er jierren produsearre, wieneLabyrinth, fanpoppespilerJim Henson, enHoward the Duck, fanMarvel Comics, beide yn1986, en defantasyfilmWillow, yn1988.

Yn 'e iere1990-er jierren besleat Lucas om dochs wer meiStar Wars fierder te gean, mei't defoarútgong op it mêd fanspecial effects it meitsjen fan 'e films sa't se him foar eagen stiene, mooglik makke hie. Hy begûn mei it folslein remasterjen fan 'e trije dielen fan 'e oarspronklike trilogy, dy't yn1997 op 'e nij útbrocht waarden. Dêrnei gied er fierder mei deStar Wars-prequeltrilogy, wêrfan't it earste diel,Star Wars: Episode I – The Phantom Menace, yn1999 útkaam. De beide oare film folgen yn2002 en2005. Hoewol't Lucas oarspronklik in "trilogy fan trilogyen" foar eagen stien hie, besleat er der nei de sechsde film op 'e nij mei op te hâlden. Ynstee makke erin fjirdeIndiana Jones-film en, fia dochterûndernimmingLucasfilm Animation, inlange tekenfilm oerStar Wars, dy't allebeide yn2008 yn 'ebioskoop kamen. Underwilens wiene yn 'e1980-er jierren en yn 'e2000-er jierren ek ferskatetekenfilmsearjes yn it ramt fanStar Wars produsearre.

Ithaadkantoar fan Lucasfilm yn itLetterman Digital Arts Center teSan Francisco.

Ynjannewaris2012 makke Lucasfilm bekend dat Lucas foargoed opholden wie mei it meitsjen fan grutte filmprojekten, en dat er him tenei allinnich noch mar dwaande hâlde soe mei lytseûnôfhinklike films.Kathleen Kennedy, dy't jierrenlang mei Lucas synfreonSteven Spielberg gearwurke hie en ek asfilmprodusinte fan 'eIndiana Jones-films fungearre hie, naam it wurk fan Lucas foar in grut part oer. Hja soene teminsten ien jier mei syn beiden asalgemien direkteur fan Lucasfilm oparbeidzje, wêrnei't Lucas ôftrede en Kennedy him opfolgje soe. Dat krige ynjuny2013 syn beslach. Op8 july2012 waard ithaadkantoar fan Lucasfilm ferhuze nei it nijeLetterman Digital Arts Center yn itPresidio fan San Francisco. (Lucas hie eins fan doel west om al syn bedriuwen gear te bringen troch in útwreiding fan synSkywalker Ranch op itplattelân fanMarin County, deunby San Francisco, mar seach dêrfan ôf nei't synbuorlju har dêrtsjin oankanten.)

Ynmaaie2011 knope Lucasfilm meiThe Walt Disney Company ferkennende besprekkings oan oer de mooglikheid fan in oername fan 'e filmstudio troch Disney. Dat barde nei't Lucas in ynformeelpetear hân hie meiBob Iger, de algemien direkteur fan Disney, dy't er troffen hie by de iepening fanStar Tours, in attraksje mei inStar Wars-tema ynferdivedaasjeparkDisneyland. Dêrby hied er ferteld dat er neitocht oer synpinsjonearring. Op30 oktober2012 waard bekendmakke dat Lucasfilm en Disney ta oerienstimming kommen wiene: Disney soe Lucasfilm keapje foar $4.050.000 ynkontanten en nochris $1.855.000 ynoandielen. Mei de oername krige DisneyStar Wars enIndiana Jones yn 'e hannen, twa fan 'e lukratyfste mediafranchises út 'efilmskiednis. Kathleen Kennedy gie mei oer nei Disney en bleau oan it haad te stean fan Lucasfilm, dat no indochterûndernimming waard, dy't ûnderbrocht waard by dedifyzjeWalt Disney Studios.

Under it bewâld fan Disney waard daliks úteinset mei de produksje fan nijeStar Wars-films, wat resultearre yn 'eStar Wars-ferfolchtrilogy en ferskateop harsels steande films. Ek waarden der nije tekenfilmsearjes yn it ramt fanStar Wars produsearre en yn2019 waarden de earsteôfleverings fanThe Mandalorian, de earstelive-actiontillefyzjesearje fanStar Wars, publisearre fiaDisney+, de eigenstreamingtsjinst fan Disney.

Bedriuwsopbou

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Films

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Spylfilms

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]


Tillefyzjefilms

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]


Dokumintêres

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • The Making of "Star Wars" (1977)
  • SP FX: The Empire Strikes Back (1980)
  • The Making of "Raiders of the Lost Ark" (1981)
  • Classic Creatures: Return of the Jedi (1983)
  • From "Star Wars" to "Jedi": The Making of a Saga (1983)
  • The Making of "Indiana Jones and the Temple of Doom" (1985)
  • The Making of "Captain Eo" (1986)
  • R2-D2: Beneath the Dome (2001)
  • Star Wars at 30 (2007)
  • Star Wars: The Legacy Revealed (2007)
  • Star Wars Tech (2007)
  • Indiana Jones and the Ultimate Quest (2008)
  • Star Wars: The Clone Wars Preview Special (2008)
  • The Star Wars Comic Con '09 Spectacular (2009)
  • The Making of Star Wars: In Concert (2009)
  • Double Victory: TheTuskegee Airmen at War (2012)
  • Transmission CVI: August 23, 2012 (2012)
  • Star Wars: The Force Awakens World Premiere Red Carpet (2015)
  • Daisy Ridley Exclusive Q&A (2016)
  • Rogue One: A Star Wars Story – World Premiere (2016)
  • Live from the Red Carpet of Star Wars: The Last Jedi (2017)
  • Live from the Red Carpet of Solo: A Star Wars Story (2018)
  • Come Behind the Scenes of "Star Wars: The Rise of Skywalker" (2019)
  • The Skywalker Legacy (2020)
  • More than Robots (2022)
  • Disney Gallery: The Book of Boba Fett (2022)


Tillefyzjesearjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Tekenfilmsearjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]


Live-actiontillefyzjesearjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]


Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes enReferences, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryLucasfilm fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Lucasfilm&oldid=1163968"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp