Trochdat in loftskip folle is mei in gas dat lichter is as lucht, sweeft it. In loftskip hat ien as mear motoaren, mar dy wurde allinnich brûkt foar opdriuwing; se hoege it loftskip net yn de loft te hâlden. Trochdat in loftskip wat in sigaarfoarm hat kin it mei help fan roeren maklik stjoerd wurde. Romte foar passazjiers of fracht kin útsparre wêze yn de sigaarfoarm, of kin der yn in gondel ûnder hingje. De earste loftskippen waarden fold meiwetterstofgas, mar om't dat tige brânber is waard letter oergongen ophelium.
In loftskip dat yn foarm holden wurdt troch oerdruk fan it gas. In blimp is ienfâldiger bouber as in Seppelin, mar kin net likegrut boud wurde. In soad blimps wurdt brûkt foar reklame.
In loftfartúch dat foar in grut part itselde is as in loftskip, mar yn stee fan te sweevjen brûkt it foar in part fleanmasinetechnyk om yn de loft bliuwe te kinnen.
Unbemande loftskippen op grutte hichte. De Feriene Steaten hawwe de kabel-ferzjes yn gebrûk by de grins meiMeksiko, mar los fleanende ferzjes, dy't as loftsatelyten brûkt wurde sille, binne yn in fier stadium fan ûntwikkeling. Undersyk wurdt ek dien nei hybride systemen dy't in omrinbaan fan de Ierde berikke kinne moatte.
Hast sûnt de útfining fan deloftballon yn1783 is der besocht ballons better stjoerber te meitsjen. It begjin wie de earste loftballon mei in, hânmjittige, propeller, fanJean-Pierre Blanchard yn1784. Yn1852 kaam it loftskip fanHenri Giffard, oandreaun troch insteammasjine en allinnich stjoerber as der hast gjin wyn wie. Nei ferskate oare masines wieLa France, fanCharles Renard enArthur Krebs, yn1884 it earste wier bestjoerbere loftskip.
Oan it begjin fan de20e iuw waard de seppelin fanDavid Schwarz ûntwikkele ta modellen dy't brûksum wienen foar post- en passazjierferfier. Yn deEarste Wrâldkriich waard ek besoch de seppelins foar de oarloch yn te setten, mar yn de rin fan de oarloch waarden defleanmasines ûntwikkele ta bettere oarlochswapens. Nei de oarloch begûnen ek oare lannen mei de bou fan seppelins. Dat wiene gruttere loftskippen dy't lange ôfstannen fleane koene. Yn de rin fan de tritiger jierren wiene der ferskate ûngemakken mei seppelins, wêrfan't de ramp mei deHindenburg (op6 maaie1937), it grutste loftskip ea, de ferneamste is. De bou fan passazjiers-seppelins stoppe. Nei deTwadde Wrâldkriich hiene de fleanmasines it plak fan de loftskippen ynnaam.
Fral yn Amearika waarden yn de Twadde Wrâldkriich in soadblimps boud, dy't brûkt waarden om út de loft út te sjen neiûnderseeërs. Yn de twadde helte fan de 20e iuw, waarden blimps yn de Feriene Steaten ynset foar reklame en foar tillefysjekamara's by sportbarrens.
Yn de njoggentiger jierren fan de 20e iuw binne der ferskate nije loftskipmodellen ûntwikkele. It mienskiplik skaaimerk fan dy modellen is dat se folle presiser stjoerber binne as de âlde modellen. Fan dizze nije modellen is deZeppelin NT (feitlik inblimp) it ferneamst. Fan dit model, in sinker, binne yndie in pear loftskippen boud. Ek yn ditselde desennium binne der ferskate projekten opset foar grutte-hichte loftskippen. Fierder binne der stúdzjes starten nei sitewaasjes dêr't loftskippen, mei harren legere brânstofferbrûk, ekomomysk wêze kinne.