Ljubljana |  |
|
Lân | Sloveenje |
Ynwennertal | 310.000(2003) |
Oerflak: | 275 km² |
Webside: | www.ljubljana.si |
Ljubljana (Dútsk:Laibach) is de haadstêd fanSloveenje. De stêd hat 310.000 ynwenners (2003) en leit oan de rivier deLjubljanika.
Ljubljana is net in grutte stêd, mar hat wol in protte gebouwen dy't ít besjen wurdich binne. Yn it sintrum stean gebouwen út ferskillende tiden, út bygelyks deRenêssânse en itKlassissisme, mar ek út de moderne tiid binne moaie gebouwen te finen. De meast ferneamde bouwurken binne de trije brêgen en it kastiel "Ljubljanski Grad". Om it sintrum hinne stean fral gebouwen út dekommunistyske tiid. In protte gebouwen binne ûntwurpen troch de SloveenskearsjitektJože Plečnik, dy't hat hiel neidruklik syn stimpel op de stêd printen. Gebouwen as de universiteitsbibleteek, ferskillende tsjerken, it stadion fan Ljubljana, de merke, detrije brêgen en in begraafplak binne troch him ûntwurpen,.
Ljubljana hat in eigen lofthaven: LjubljanaLofthaven Brnik. De busmaatskippij LPP eksploitearet ferbiningen tusken it stêdssintrum en de stêdsdielen en doarpen om Ljublana hinne. De stêd wurdt ek oandien troch ynternasjonale spoarlinen útMünchen enFeneesje wei.