Liza Minelli makke op twa jierrige leeftiid har debút as aktrise yn de filmIn the Good Old Summertime dêr't har mem in haadrol yn spile. Yn1965 spile ze yn demusicalFlora, the Red Menace Se krige hjirfoar inTony Award, mei har njoggentjin jier de jongste aktrise ea dy't dizze priis ûntfange mocht. Yn1969 spile se yn de filmThe Sterile Cuckoo har earste haadrol yn in film. Se krige hjirfoar har earsteOscarnominaasje. Yn1973 krige se in Oscar foar Bêste Aktrise foar har optreden asSally Bowles yn de filmmusicalCabaret fanBob Fosse.Har grutste filmsukses nei Cabaret helle se yn1981, neistDudley Moore yn de komeedzjeArthur.
Minelli waard berne yn Los Angeles, Kalifornje, Feriene Steaten, as dochter fan aktriseJudy Garland enfilmregisseurVincente Minnelli. Liza har âlden gongen útinoar doe't se fiif jier âld wie. Se groeide letterlik op yn de showbusiness, mei't har âlden har oeral mei hinne namen yn harren hektyske libben. Yn har jeugd gong se geregeld op wrâldtoernee mei har mem of wie se mei har heit yn de filmstudio. sjongeresLorna Luft is in healsuster fan Minelli.
Minnelli hat fjouwer kear boaske west, mei sjongerPeter Allen (3 maart 1967 - 24 juny 1974), filmprodusintJack Haley jr (15 septimber 1974 - 1979), keunstnerMark Gero (4 desimber 1979 - 1992) en konsertpromoterDavid Gest (16 maart 2002 - 24 july 2003).
You Brought a New Kind of Love to Me, Once in a While, You Are My Lucky Star, The Man I Love, Just You, Just Me, There Goes the Ball Game, Happy Endings, But the World Goes 'Round, Theme from New York, New York