Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Frysk op kompjûters

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanList fan Frysktalige kompjûterprogramma's)

It skriuwen fanFrysk op kompjûters is net sûnder tûkelteammen. Om't de measte kompjûters yn deFeriene Steaten ûntwikkele binne, is der faak net achte op it ynfieren fan letters dy't net yn itIngelsk brûkt wurde. Yn it bysûnder is it skriuwen fan letters meidiakrityske tekens,^ ´ ` ¨ ensfh., net sûnder mis mooglik. Ferskateprogramma's enbestjoeringssystemen binne oanpast oan it ynfieren fan oare tekens en fral foar grutte talen binne der aparte kaaibuorden makke, mar der is gjin oplossing dy't foar eltse taal en elts programma jildt.

Fryske letters

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideFrysk alfabet.

Sa jout ek it skriuwen fan Frysk problemen. Der is gjin spesjaal Frysk kaaiboerd en lykas by oare talen binne der problemen mei it ynfieren fan diakrityske tekens. Der is gjin fêste oplossing foar it probleem.

Microsoft

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
In Frysktalige desktop

ByMicrosoft programma's is faak ien fan de folgjende oplossings mooglik:

  • Jo type earst it teken en dan de letter. Om't op in soadkaaibourden gjin trema (¨) sit, wurde dêrfoar klamkes (") brûkt. De kaaiboerdynstelling moat dan by taal opVS (International) stean.
  • Jo brûke in kaaikombinaasje om de Microsoft-koade fan de letter mei diakritysk teken oan te jaan: hâld deOarre-toets [Alt] fêst en tiktrije sifers yn op it rjochter siferblokje.

Yn dat lêste gefal giet it meast om de neikommende koaden:

á 160â 131ä 132
é 130ê 136ë 137
í 161î 140ï 139
ó 162ô 147ö 148
ú 163û 150ü 129

Æ 146æ 145

Linux

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

ByLinux kin de wize fan fêstlizzen fan ynstellingen per distribúsje ferskille!

Earst moat de 'LANG'-omjouwingsfariabele fêstlein wurde op systeem- of brûkersnivo. Foar it Frysk is dat: fy_NL (standert yn glibc), fy_NL@euro of fy_NL.UTF-8 (taal_LAN[Tekenset UTF-8, mar ISO-8859-1 of ISO-8859-15 komt ek foar]). Meastentiids sil foar in Nederlânske taal- en lânynstelling keazen wurde mei deselde tekenset. In Fryske LANG kin altiten noch eksportearre wurde yn in (sub)shell by it opstarten fan in inkeld programma (Fryske oersettingen sille dan ek automatysk te sjen wêze). Foar it gebrûk fan UTF-8 yn de console, en it euroteken yn de console ofX-server kinne ekstra ynstellingen nedich wêze.

De kaaiboerdyndieling moat apart ynsteld wurde foar de console en de grafyske skyl (X-server). By sawol in Amerikaansk as Nederlânsk kaaiboerd, kin keazen wurde út twa manieren om letters mei aksinten te typen:

  • 'dead keys': druk in aksint yn, en dêrnei de letter (mar in spaasje jout allinnich it aksint).
  • 'compose key': druk de gearstalkaai yn (b.g. ljofter Microsoft-kaai), typ dêrnei de letter en aksint (aksint dan letter kin ek).

Mac OS

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Op in Mac kinne diakrityske tekens oanbrocht wurde mei in kaaikombinaasje foarôf. Der fan útgeande dat jo wurkje mei in Nederlânsk kaaiboerd en de taalynstellingen ek op Nederlânsk stean ha, brûke jo:

dakje:alt-i folge troch it lûd:û, ô, î, ê, â
tremaalt-u folge troch it lûd:ü, ö, ï, ë, ä
skerptekenalt-e folge troch it lûd:ú, ó, í, é, á
aksintalt-` folge troch it lûd:ù, ò, ì, è, à

Op in mobile telefoan of tablet mei OS giet it oars. Troch it lûd dêr’t it diakrityske teken boppe moat langer yndrukt te hâlden ferskynt in rige tekens dêr’t jo út kieze kinne.

Fryske tekst

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Net allinnich it skriuwen fan de letters is in probleem, ek by it skriuwen fan tekst is net faak rekken hâlden mei it Frysk. Sa wurdt der bytekstbewurkers meast gjin Fryske staveringshifker levere. Wannear't wurdlisten foar de staveringshifker te krijen binne, moatte dy hânmjittich tafoege of ynstallearre wurde.

Der binne fjouwer ferskillende systemen foar staveringshifking, dy't meast net frij keazen wurde kinne:

  • DeFryske Akademy hat ferskate staveringshifkers foar Frysk ûntwikkele. Dy wurkje yn Microsoft Office ûnder Windows en Mac OS X, of as losse app yn Android. Meikoarten komt der ek in app beskikber foar iOS.
  • Oare grutte programma's brûke it iepenboarnesysteem fanHunspell/Myspell. Foar OpenOffice is der sûnt febrewaris 2007 in Fryske ferzje.
  • In protte programma's brûke ek wol it iepenboarnesysteemAspell. Sûnt febrewaris 2007 wurdt hjir ek it Frysk offisjeel stipe.
  • De standertprogramma’s fan Mac OS X hawwe in eigen staveringshifker, AppleSpell, mar in Fryske wurdlist ûntbrekt.

By it kontrolearjen fan teksten kinne ûnbekende wurden sels oan de listen tafoege wurde, troch mei de mûs op in knopke te klikken.

Frysktalige programma's

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Dêr’t it skriuwen fan Frysk al in probleem is, binne der fansels ek net folle programma's dy’t Fryske tagong hawwe. Dat jildt benammen foar bestjoeringssystemen. Der binne al wat projekten om foariepenboarne programmatuer de tagong oer te setten nei it Frysk ta.

Programmeurs fan iepenboarneprogramma's, stelle yn it miene bydragen fan elkenien oan (nije) oersettingen tige op priis, om't it de status fan it programma ferheget en mear brûkers bynt. Sawol it programmearjen as it oersetten is meast hobbywurk. Foar it skriuwen en ûnderhâld fan oersettingen is gjin hege kompjûterkennis fereaske, mar wol bedreaunens mei it gebrûk fan it programma.

ProgrammaKategoryWindowsOS XLinuxAndroidiOSOars
7-ZipSysteemarkjajaja--ja
Avant BrowserWebblêderja-----
BerneboelUnderwiis---jaja-
DelugeBitTorrent-kliïntdielsdielsdiels--diels
Fauna yn FryslânYnternet---jaja-
FirefoxWebbrowserjajajajaneeja
Firefox FocusWebbrowserjadielsjadielsnee-
Fryske StaveringshifkerTaalhelpmiddel---ja--
FVWM-CrystalBuroblêdomjouwing--ja--ja
GNOMEBuroblêdomjouwingdielsdielsdiels---
KDEBuroblêdomjouwingdielsdielsdiels--diels
LibreOfficeKantoarpakketjajajanee-nee
MATEBuroblêdomjouwingdiels-diels--diels
MediaWikiCMSdielsdielsdiels--diels
Microsoft OfficeKantoarpakketneenee-neeneenee
MinecraftKompjûterspuldielsdielsdielsdielsdielsdiels
NeoOfficeKantoarpakket-nee----
Omrop FryslânYnternetja--jajaja
OpenOfficeKantoarpakketneeneeneenee-nee
OpenTeacherUnderwiisjajaja---
OperaWebblêderneeneeneeneeneenee
Opera MailE-mailkliïntjaja----
PDF-XChange ViewerPDF-werjouwerja-----
PennelTaalhelpmiddel---jaja-
PoeditTaalhelpmiddeldielsdielsdiels--diels
Praat mar FryskTaalhelpmiddel---jaja-
SignalBerjochtetsjinstneeneeneejanee
SquirrelMailE-mailkliïntjajaja--ja
ThunderbirdE-mailkliïntjajaja--ja
VivaldiWebblêderjajaja---
Window MakerFinsterbehearderjajaja--ja
WinSparkleSysteemarkja-----
WordPressCMSdielsdielsdiels--diels
μTorrentBitTorrent-kliïntjajajanee--
ProgrammaKategoryWindowsOS XLinuxAndroidiOSOars

Betsjutting:

jaResinte programmaferzje stipe, en Fryske oersetting of tekst beskikber
dielsResinte programmaferzje stipe, en Fryske oersetting of tekst foar in part beskikber
neeResinte programmaferzje stipe, mar (noch) gjin Fryske oersetting of tekst beskikber
-Gjin resinte programmaferzje (mear) stipe, of net fan tapassing
?Unbekend
Fryske staveringshifker beskikber

Frysk sûnder ynstallearjen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Websiden endvd's biede de taal ûnôfhinklik fan it kompjûtersysteem oan. Faak wurde der op ’e eftergrûn automatysk wat lytse helpbestannen ferpleatst nei de kompjûter. Yn in protte gefallen is it gebrûk fan Frysk net wûnderlik, bygelyks mei dewebstee fanOmrop Fryslân of in film-dvd. Guon gefallen binne lykwols it neamen wurdich.

Websteeën

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Colnect, in wiki-eftige samlersmienskip foar telefoankaarten, postsegels ensfh. De webinterface is nei it Frysk oerset en kin as foarkar ynsteld wurde.

Dvd’s en cd-roms

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Yn begjin 2005 is der in kompaktskiif fan it ‘Lieteboek foar de Tsjerken’ útkaam mei in Frysktaligeinterface. It programma is (benammen) in Windows-tapassing en befettetbestannen foar ûnder oare ienstimmige muzyknotaasje en mearstimmige muzykwerjefte.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Frysk_op_kompjûters&oldid=1090070#Frysktalige_programma's"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp