Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Limmerik

Ut Wikipedy

Delimmerik is indichtfoarm mei 5 rigels, en mei in fêstmetrum enrymskema. Yn de earste rigel wurdt in persoan of bist neamd en wurdt in plaknamme of in oaregeografyske oantsjutting as rymwurd brûkt. De oare fjouwer rigels omskriuwe in situaasje fan dy persoan, en de reaksje dêrop. Faak binne dy omskriuwingen dûbelsinnich, somtiden geane se frij fier.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Wêr't de limmerik wei komt, en wêrom't dy nei it plakjeLimerick ynIerlân hjit, is net wis. Op himsels wurdt it rymskema al hiel lang brûkt. Mar yn Ierlân is der in lange tradysje fan lieten dêr't eltse sjonger in selsbetocht kûplet sjongt, ôfwiksele mei in refrein dat de oanwêzigen mei-inoar sjonge. Der is dêr ek in tradysje fan lieten dy't fertelle oer eltse persoan yn in selskip.

It soe kinne dat de leden fan de Ierske Brigade, doe't se yn de18e iuw útFrankryk werom kamen, sa'n liet songen oer de prestaasjes fan elts fan harren. It kûplet hat dan sa'n foarm hân as it gedicht no hat, en it refrein wie soks as "Will you come up to Limerick?" (twaris). Dat lêste past yndie op it "la-la"-refrein sa't it hjoed-de-dei by limmeriks songen wurdt.

Struktuer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De struktuer fan de limmerik leit foar it grutste part fêst:

RymskemaMetrum
A∪∪—∪∪—∪∪—∪
A∪∪—∪∪—∪∪—∪
B∪∪—∪∪—
B∪∪—∪∪—
A∪∪—∪∪—∪∪—∪

Mar fansels is der al wat fariaasje mooglik yn de delgongen.

Styl

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De âldere limmeriks hawwe in styl dêr't de lêste rigel klam leit op wat yn de earste sein is, troch dy mei in lytse feroaring te werheljen. Mar letter is it de gewoante wurden om yn de lêste rigel in draai oan it fers te jaan. Dat hat de limmerik in gâns oare sfear jûn. In oare apartichheid fan limmeriks is dat faak mei opsetsin wurden ferkeard skreaun wurde foar it rym, of dat der oare taalgrapkes yn úthelle wurde.

Foarbyld

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
In drok korrespondint út De JouwerWachte wier al in moanne of fjouwerOp in Ingelske brief."Och, 't hat neat om it liif,Want," sei hy: "Krijst sa'n letter net gauwer."

(Aliter, 2003)

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Limmerik&oldid=1038503"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp