Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Leviticus

Ut Wikipedy
Leviticus
algemiene gegevens
oarspr. titelויקרא ("Vayikra")
auteuranonym
taalHebriuwsk
foarmnon-fiksje
sjenrereligiosa
skreaun586 – 538 f.Kr.
bondelBibel
rige
rigeAlde Testamint
● foarich dielExodus
● folgjend dielNumeri
oersetting nei it Frysk
Fryske titelLeviticus
publikaasje1943,Haarlim
útjouwerNederlands Bijbelgenootschap
oersetterG.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

Leviticus (inLatynske namme dy't ûntliend is oan itGrykskeΛευιτικός,Leuitikos, dat "Oangeande de Leviten" betsjut), yn it oarspronklikeHebriuwsk:ויקרא,Vayikra ("En Hy Rôp"), is it trêde boek yn sawol dejoadske as dekristlikeBibel. Yn 'e joadskeTenach falt it ûnder deTorah (de "Leare" of "Wet"); yn itAlde Testamint fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder deWet.Leviticus, wêrfan't de titel ferwiist nei deLeviten, deIsraelityske stamme dy't alle preesters levere), beskriuwt op yngeande wize de foarskriften en ferboaden fan 'e joadske wet. Dêrby stipet it boek op twa krúsjale leauwenseleminten: yn it foarste plak dat de wrâld skepen is om "tige goed" (Genesis 1:31) te wêzen, en dat noch altiten de mooglikheid bestiet om dy steat te berikken, ek al is de skepping kwetsber foar sûnde en besmoarging; en oard dat de trouwe neilibbing fan 'e beskreaune rituëlen de oanwêzichheid fanGod tichterby bringt, wylst it negearjen of ferbrekken fan 'e foarskriften de harmony tusken God en de wrâld teneate docht. De earste folsleineFryske oersetting fanLeviticus stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû.Geart Aeilco Wumkes enEeltsje Boates Folkertsma, dy't yn1943 útkaam.

Detabernakel mei foarhôven en alters (njoggentjinde-iuwske tekening).

Oarsprong

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Neffens de tradysje soe deprofeetMozes deskriuwer fan it boek wêze, of soe it alteast út syn tiid datearje, mar út 'e tekst kinne bibelwittenskippers opmeitsje dat it pas nei de ein fan 'eBabyloanyske Ballingskip, yn 538 f.Kr., ûntstien is.

Ynhâld

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn it bibelboekLeviticus wurdt yngeand omtinken jûn oan 'e joadske wet. Underwerpen dy't oan 'e oarder komme, binne û.m.: it brânoffer, it moaloffer, it frede-offer, de ûnderskate sûnde-offers, it skuldoffer, de preesterwijinge, itensfoarskriften, reine en ûnreine bisten, foarskriften by de befalling en by sykten en ferwûnings, seksuële reinheid, strafbepalings, hjeldagen en feesten, itsabbatsjier, itlossen fan skulden, de soarch foar de earmen, de behanneling fanslaven en it ynlossen fan geloften.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Gerben Colmjon sette yn1863 in fragmint útLeviticus oer yn it Frysk (Lev. 19:11-13), dat útjûn waard as taheakke by dy synBeknopte Friesche Spraakkunst. Yn1919 joech dû.Geart Aeilco Wumkes yn synUt 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fanLeviticus 19:9-18 út. De earste folsleine útjefte fanLeviticus stie yn it Alde Testamint fan Wumkes enEeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawolteologen astaalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn1978 útkaam as deNije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsjeFryslân, itNederlands Bijbelgenootschap teHaarlim en deKatholieke Bijbelstichting teBokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan1995. De oersetting fanLeviticus waard dêrby dien troch dû. F.D. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch sawolUlbe van Houten as H. Twerda.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting),ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enBibliography, op dizze side.

Bibel (neffens deNije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis |Exodus |Leviticus |Numeri |Deuteronomium |Jozua |Rjochters |Ruth |1 Samuël |2 Samuël |1 Keningen |2 Keningen |1 Kroniken |2 Kroniken |Ezra |Nehemia |Ester |Job |Psalmen |Spreuken |Preker |Heechliet |Jesaja |Jeremia |Kleilieten |Ezechiël |Daniël |Hoséa |Joël |Amos |Obadja |Jona |Micha |Nahum |Habakuk |Sefanja |Haggai |Sacharja |Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit |Wysheid fan Salomo |Tobit |Jezus Sirach |Barûch |Brief fan Jeremia |1 Makkabeeërs |2 Makkabeeërs |Ester (Gryksk) |Taheakken op it Boek Daniël (Azarja •Suzanne •Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus |Markus |Lukas |Jehannes |Hannelingen |Romeinen |1 Korintiërs |2 Korintiërs |Galatiërs |Efeziërs |Filippiërs |Kolossers |1 Tessalonikers |2 Tessalonikers |1 Timóteüs |2 Timóteüs |Titus |Filémon |Hebreeërs |Jakobus |1 Petrus |2 Petrus |1 Jehannes |2 Jehannes |3 Jehannes |Judas |Iepenbiering
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Leviticus&oldid=1018362"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp