Lev (Leo) Nikolajewitsj Tolstoj waard berne op it bûten Jasnaja Poljana, yn de omkriten fanToela, 100 kilometer súdlik fanMoskou. Hy kaam út in famylje fan hege adel. Syn heit greveNikolaj Iljitsj Tolstoj die mei oan de Heitelânske Kriich fan 1812. Syn mem Maria Nikolajevna wie foarstin. Syn âlden stoaren doe't er noch jong wie dat hy waard grutbrocht troch famylje. De libbensjierren op Jasnaja Poljana hat in grutte ynfloed hân op de takomstige skriuwer. Dêr rekke er fertroud mei it libben fan de earme boeren fan Ruslân. Dêr kaam er ek al betiid yn de kunde mei de gedichten,mearkes enleginden fanPoesjkin.
Yn 1844 gie er mei sechtjin jier nei deuniversiteit fan Kazan, dêr't er easterske talen studearre as tarieding op in diplomatike karrêre. Yn1851 krige er hege gokskulden dat hy gie mei syn âldere broer nei deKaukasus en gie dêr it leger yn. Tolstoj fjochte yn deKrimoarloch en yn dy tiid skreau er syn earste ferhalen.
Werom op it bûten fan de famylje stifte er syn earste skoaltsje foar bern fan earme boeren. Hy wie doe 21. Hoe lang dit skoaltsje bestien hat is net bekend. Yn de jierren1857 oant1861 reizge er ferskate kearen neiWest-Jeropa (Dútslân,Frankryk,Itaalje,Ingelân,Belgje enSwitserlân) om dêr ûnderwiismetoaden te bestudearjen. Yn 1859 stichte er foar de twadde kear in skoalle op Jasnaja Poljana, en die yn 1862-1863 ferslach fan syn ûnderfinings as pedagooch en learaar yn in eigen tydskrift,Jasnaja Poljana, dêr't tolve ôfleverings fan ferskynden. Yn 1863 hjitte it Tsaristyske regear him om de skoalle te sluten fanwege foar it rezjym gefaarlike ideeën sa as fergees ûnderwiis en Tolstoi syn pedagogyske opfettings rjochte op de frijheid fan it yndividu. Tolstoj waard oanklage fanwege gearspanning tsjin de tsaar, mar waard net fêstset. Ferbittere oer it politike klimaat fan syn lân, lei er him doe folslein ta op de skriuwerij.[1]. Yn 1862 troude Tolstoj meiSofia Andrejevna Behrs; yn de neifolgjende jierren skreau er ek syn ferneamde grutte romansOarloch en Frede enAnna Karenina.
Dan komt er feroaring yn it wurk fan Tolstoj. Hy hâlde him dwaande mei itleauwe en skreau religieus-filosofyske traktaten en krige striderij mei de tsjerke om't er fûn dai de ienfâldige boeren de dragers fan it wiere leauwe wienen. Hy die ôfstân fan syn rikens en tsjinders en wijde him oan it ienfâldige boerelibben. Hy bleau lykwols op syn bûtenpleats wenjen.
Op20 novimber 1910 stoar Tolstoj oan inlongûntstekking yn it hûs fan de stasjonsmaster fanAstapovo (Oblast Lipetsk), wylst er 'flechte' foar syn frou, dy't him net altyd like goed begriep en it fierdere geharsensskrap ûnder deTolstojanen op Jasnaja Poljana. "It houlik akkordearret net mei it skriuwen", wie ien fan syn lêste útspraken. Greve Tolstoj leit yn in ienfâldich grêf op Jasnaja Poljana.
Tolstoj debutearre mei syn autobiografyske trilogy“Bernetiid” (1852),“Jeugdjierren” (1854) en“Jongelingschap" (1857), wêrmei't er sjen liet it artistike masterskip fan begjin ôf oan al ûnder de knibbel te hawwen. Syn styl is tige sekuer en syn taalbehearsking is grut. Alles wat er skriuwt is lykwichtich en "ôf".
In protte fan Tolstoj's romans binne betreklik earm oan barren: de karakters en net wat se dogge, krije it measte omtinken. Oars as inDostojevski byldet er normale, sûne lykwichtige minsken út, mei in helder ynderlik libben. Tolstojsrealisme is lykwols ek etysk: hy jout weardeoardielen, is moralistysk. Yn de perioade nei1880 skriuwt er sels tendinsjeuze literatuer; earst yn syn lêste libbensjierren giet er ek werom nei it suvere keunstsinnige.
Tolstoj wurdt algemien beskôge as ien fan de grutste literêre skriuwers ea. Syn wichtichst wurk hat neat oan krêft ferlern en wurdt hieltyd noch troch nije generaasjes lêzen. Benammen"Oarloch en Frede" en"Anna Karanina" jilde noch hieltyd as monuminten fan de wrâldliteratuer.
1862-1863 -Jasnaja Poljana; verslag van een onderwijsexperiment, tiidskriftartikels. Yn it Nederlânsk oerset en ûnder deselde titel útjûn yn 1976 (troch útjouwerij Kosmos), mar mei in ferkearde datearring fan it jier fan de oarspronklike útjefte (1852)
Mijn biecht (1882)
Wat ik geloof (1884)
Wat moet er gedaan worden? (1886)
Het koninkrijk Gods is in U (1894)
Mijn kleine evangelie (1896)
Brief aan de liberalen (1896)
Wat is kunst? (1897)
De wet van liefde en de wet van geweld (1940, postúm)