Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Leovigild

Ut Wikipedy
Stânbyld ynMadrid (fanFelipe del Corral, 1750-53)

Leovigild,Liuvigild,Leuvigild ofLeogild (omtrint519 -Toledo,21 april586) wie fan 569 oant syn dea kening fan itFisigoatyske keninkryk, dat yn dy tiid it grutste part fan itSpanje fan no besloech.

Nei in skoft fan anargy nei de dea fan keningAtanagild, waarden Leovigild en syn broerLiuva I beneamd ta keningen fan de Fisigoaten. Atanagild wie in broer fan Leovigild en ek fan Liuva. Beide nije keningen wienenariaanskekristenen, oars as harren measte katolike ûnderdienigen. Liuva hearske yn de lannen benoarden dePyreneeën, wylst Leovigild ynHispania foar master opsloech. Nei de dea fan Liuva yn572 hie Leovigild it allinnich foar it sizzen.

Leovigild troude twaris: earst mei Teodosia; sy krigen twa soannen,Hermenegild enRekkared. Nei't syn earste frou weirekke wie boaske er oan Atanagild syn widdoGoiswinta.

Hy waard opfolge troch syn twadde soanRekkared, dy't yn589roomsk-katolyk waard; dêrtroch waard de ienheid tusken masters en ûnderdienigen grutter.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Leovigild&oldid=845685"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp