Inlapdance (letterlik: "skurtedûns") is in foarm fansekswurk dy't yn in prottestripklups ferrjochte wurdt. Dêrby fiert instripper in seksueel eksplisiteeroatyske dûns op deunby of yn lichaamlik kontakt mei in klant. Ofhingjend fan 'e pleatslike wetjouwing en it belied fan 'e klup kin de dûnseresse net folle klean oan hawwe of topless of sels hielendal neaken wêze. By infull contact lapdance kin de strippernon-penetratyf seksueel kontakt mei har klant oangean, bygelyks troch mei har stuten yn syn krús te riden (grinding).
Der besteane ferskate farianten fan 'elapdance, lykas decouch dance ("sofadûns"), wêrby't de klant ûnderwilens op in bank of sofa sit, en debed dance ("bêddûns"), wêrby't de klant op in bêd leit. Yn in soad stripklups wurdt de lingte fan inlapdance ôfmetten neffens de lingte fan it nûmer dat draaid wurdt troch ded.j. fan 'e klup. Yn guon klups kinnelapdance-sesjes, dy't yn 'e regel in healoere beslane, boekt wurde yn inchampagne room, wat in priveefertrek is dat ornaris efteryn in stripklup sitewearre is, en dêr't de klant sûnder gleskegnuvers fan synlapdance genietsje kin.
Ofhingjend fan 'e pleatslike wetten en de regels fan 'e oangeande klup kin it al of net tastien wêze dat de stripper ûnder delapdance de klant oanrekket, of de klant de stripper, of beide inoar, of net ien fan beiden inoar. Oan 'e oare kant kin yn alle gefallen in hiel skala oan kontaktfoarmen tusken beiden mooglik wêze as klant en stripper dêr oerienstimming oer berikke en salang't de kluplieding it troch de fingers sjocht. Datoangeande rint it belied fan ferskillende stripklups wiid útinoar. Kritisy fanlapdancing sizze dat guon klupeigeners, troch it ynrjochtsjen fan tsjustere herntsjes en troch fan strippers hege prizen te freegjen om yn harren klups optrede te meien, it ferhanneljen fan seksuële dieden temûk tastean en sels oanmoedigje (wat tsjin 'e wet is yn lannen dêr'tprostitúsje ferbean is).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side. |