Langsweagen | ||
![]() | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.055(1 jannewaris2023)[1] | |
Oerflak | 13,17 km², wêrfan: - lân: 13,08 - wetter: 0,08 km² | |
Befolkingsticht. | 80 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 58' N 6° 00' E | |
Offisjele webside | ||
Side Langsweagen | ||
Kaart | ||
Langsweagen is in doarp yn it west fan de gemeenteOpsterlân, súdwest fanDe Gordyk. It doarp hat likernôch 1050 ynwenners (2022).
Langsweagen leit yn it feanûntginningsgebiet en is fanâlds inlintdoarp oan de dyk fan It Hearrenfean neiDe Gordyk. It doarp leit op de grins fan sân- en feangrûn. Bewesten en besuden Langsweagen is der in iepen lânskip en eastlik en noardlik hat it lânskip in sletten karakter. Sweach betsjut greidlân. De buorren by de tsjerke út1781 hjit 't Hou.
Ek de nei de famylje Wijngaarden ferneamde buorskipDe Wyngaerden falt ûnder Langsweagen. OantJonkerslân yn 1988 in selsstannich doarp waard, hearden ek Fûgelsang en Jonkerslân as buorskippen by Langsweagen.
Langsweagen hat 1.055(1 jannewaris2023)[2] ynwenners.
De namme Langsweagen ferwiist nei de lizzing fan de grûnen: lange stikken lân (sweagen) rûnen eartiids fan it rivierke de Alde Ie yn it noarden oant foarby deSkoatterlânske Kompanjonsfeart yn it suden. De lange sweagen binne werom te finen yn de doarpsflagge en it wapen, symbolisearre troch de griene banen en in klaver yn it wapen. Nei ± 1550 waard troch deHeeren Compagnie útIt Hearrenfean wei útein set mei it ôfgraven fanheechfean en waard deSkoatterlânske Kompanjonsfeart mei al syn wiken groeven omturf nei Hollân te ferfieren. De haadwei rûn east-west, fan It Hearrenfean oerLúkswâld en Langsweagen neiDe Gordyk. Dy Hegedyk wie tagelyk nei beide siden de wetterkearing. Benoarden dy Hegedyk ûntstienen nei deferfeanting grutte wetterplassen. Troch de oanlis fan polderdiken waarden de drûchmakke polders geskikt makke foar boulân en greiden. In twadde ferbiningswei wie it wat heger lizzende 'Boppepaad’ fanSechtjinroeden oant foarbyBontebok. Dêroan moatte in fjirtichtal pleatsen stien hawwe.
De tsjerke fan Langsweagen waard eartiids wijd oanSint-Mattéüs. Oarspronklik hongen der twa klokken yn in klokkestoel, mar nei de nijbou fan de tsjerke yn 1782 binne de klokken yn de tsjerketoer ophong. Njonken de tsjerke stiet dekonsistoarje mei in fraaie trepgevel. De tsjerketoer hat in wynwizer yn de foarm fan in hynderke.
It yn1902 oprjochtemolkfabryk ferlear nei de konsintraasje yn de jierren 1960 syn funksje en waard sluten. It gebou wurdt no bewenne en der sit in bedriuw yn. Foar de ôffier fan de produsearre tsiis waard gebrûk makke fan de tram. Yn 1880 waard de NTM (Nederlandsche Tramweg Maatschappij) oprjochte en sûnt krige Fryslân in net fan tramlinen. Oant1948 ried der ek in tram troch Langsweagen.
Fral nei de oarloch krige it doarp oan de noardlike kant nijbou.
Sûnt1902 hat it doarp in Pleatslik Belang en sûnt oktober 2009 hat Langsweagen ek in eigen doarpshûs. It doarp hat in sportpark mei de sportseal 't Paradyske. De doarpsfeesten wurde begjinseptimber holden.
Foar de sân yn Langsweagen berne slachtoffers fan deTwadde Wrâldkriich en depolisjonele aksjes ynYnje is oan de Tsjerkestrjitte yn 2020 in plaquette mei dêrop de nammen ûntbleate.[3]
De Mattéustsjerke is it tsjerkegebou fan dePKN-gemeente Langsweagen-Jonkerslân-Lúkswâld.
(Yn it ramt fan de fúzje yn 2022 fan de earder aparte iepenbiere basisskoallen De Wjukslach yn Langsweagen en De Hoekstien yn Lúkswâld waard yn itselde jier útein set mei it plannen fan nijbou oan De Boenders oan de noardlike kant fan Langsweagen).[4].
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op dehiemside fan it doarp)
Yn de moanne septimber wurde de Floraliafeesten organisearre. Alle jierren wurdt de prestaasjeloop "8 fan Langsweagen" organisearre.
Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2006 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 956 | 1235 | 1129 | 1102 | 1100 | 1080 | 1000 |
Jier | 2015 | 2020 | |||||
Ynwenners | 1074 | 1035 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015 en 2020:Alle Cijfers)
De busline troch Langsweagen wurdt fersoarge trochQbuzz. De folgjende line rydt troch Langsweagen:
In2007 waard Langsweagen lanlik bekend mei't it Nederlânske team by itEK ûnder de -21 op sportpark 't Paradyske treende.
Alde Ie, Boerestreek, De Finne, 't Hou, De Klamp, De Plasse, Hegedyk, Jister, Klidze Rjocht, Lang Ein, Lytse Wyngaarden, Paradys, 't Skeane Ein, Skoalplein, Spant, Tsjerkeleane.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
![]() | Opsterlân | ![]() |
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Bakkefean •Beetstersweach •Fryske Peallen •De Gordyk •De Himrik •Jonkerslân •Langsweagen •Lippenhuzen •Lúkswâld •Nij Beets •Oerterp •Olterterp •Sigerswâld •Terwispel •De Tynje •Wynjewâld | ||
Buorskippen: Ald Beets •Allardseach(foar in part) •It Foarwurk •Foksebuorren •De Hanebuert •Hanebuorren •Heidehuzen •Himrikerferlaat •Koartsweagen •Lyts Grins •Moskou(foar in part) •Nije Feart •Oerterp oan de Feart •Petersburch •Selmien •Sparjeburd •De Ulesprong •Weinterpferlaat •De Wyngaarden | ||
![]() ![]() ![]() |