| Kust-Salisjanen Coast Salish | |
|---|---|
In tradisjonele Kust-Salisjaanskekano wurdt itstrân op lutsen. | |
| flagge | |
| populaasje | |
| oantal | 77.000(2014/2016) |
| taal | Kust-Salisjaanske talen (ekIngelsk) |
| godstsjinst | kristendom,natoerreligy |
| erkenning | |
| steatsdragend folk | gjin eigen steat |
| erkendeminderheid | gjin spesifike erkenning |
| fersprieding | |
| 39.000 | |
| 38.000 | |
DeKust-Salisjanen (Ingelsk:Coast Salish) foarmje infolkekloft besteande út in grut tal nau besibbeetnyske groepen yn itsúdwesten fan 'eKanadeeskeprovinsjeBritsk-Kolumbia (itsúdeasten fanVancouvereilân ynbegrepen) en dielen fan 'eAmerikaanskesteatenWashington (ynkl. itOlympysk Skiereilân) enOregon. Hja sprekke fan oarsprong deKust-Salisjaanske talen. DeBella Kûla (Bella Coola) wurde ornaris ek ta de Kust-Salisjanen rekkene, hoewol'tharren taal net ta de Kust-Salisjaanske talen heart, mar in tuskenposysje ynnimt tusken dytaalkloft en deYnlânske Salisjaanske talen. Yn 'e moderne wrâld steane de Kust-Salisjanen foar drege swierrichheden mei't harren oarspronklike wenkrite no gearfalt mei ferskate sterkferstedske gebieten, lykasVancouver,Seattle enVictoria.
De oantsjutting 'Kust-Salisjanen' komt fuort út it feit dat dizze folkenSalisjaanske talen sprekke en dat harrengeografyske wenkrite oan 'ekusten fan 'eStille Oseaan, deStrjitte fan Juan de Fuca, deStrjitte fan Georgia, deBurrard-ynham en dePuget Sound leit.
Argeologyske fynsten wize derop dat datfoarâlden fan 'e Kust-Salisjanen har mooglik al omtrint9000 f.Kr. nei wenjen setten yn wat no súdlikBritsk-Kolumbia en itAmerikaanske Noardwesten is. Unomstriden bewiis is fûn foar it bestean fan in Kust-Salisjaanskedelsetting fan3000 f.Kr. ôf byHatzic Rock (Xa:ytem), yn 'e neite fanMission, yn Britsk-Kolumbia. De saneamdeGrutte Rúchskerne fan Marpole (C̓əsnaʔəm) ûntstie omtrint2000 f.Kr., en bewenning yn dy krite duorre oant de ein fan 'eachttjinde iuw, doe't de Kust-Salisjanen troffen waarden trochepidemyen fan 'epokken en oarebesmetlikeJeropeeskesykten. Delsettings oan 'erivier deDuwamish, ynWashington, geane tebek oant teminsten desechsde iuw (n.Kr.). Yn 'eFraser Canyon, yn súdlik Britsk-Kolumbia, binne ferdigeningsmuorren fanrotsblokken weromfûn, dy't datearje út 'efyftjinde iuw.
It ierste kontakt tuskenJeropeeskeûntdekkingsreizgers en de Kust-Salisjanen giet mooglik tebek oant1579, doe't deIngelskekaper en seefardersirFrancis Drake de kust oandie fan wat letter Britsk-Kolumbia wurde soe. It earste dokumintearre kontakt fûn plak yn1791, doe't deSpaanske ûntdekkingsreizgersJuan Carrasco enJosé María Narváez deStrjitte fan Georgia ferkenden. Fierder kontakt wie der yn1792, doe't de SpanjertDionisio Alcalá Galiano en de IngelsmanGeorge Vancouver beiden deBurrard-ynham opfearen en dêr deSkwamisj en mooglik oare Kust-Salisjanen metten. Yn1808 krongSimon Fraser, inBritske ûntdekkingsreizger dy't wurke yn opdracht fan 'eNoardwestlike Kompanjy, oer lân út it easten wei de wenkrite fan 'e Kust-Salisjanen binnen. Hy folge de (letter nei him ferneamde) rivier deFraser troch deFraser Canyon en dêrwei fierder streamôf oant er deunby dekust oanfallen en weromdreaun waard trochkrigers fan 'eMuskwiim-stamme.

It foarútsjoch op it oanboarjen fan in lukrativepelshannel oan 'e noardwestkust fanNoard-Amearika soarge der lykwols foar dat der yn 'e jierren nei1810 aloan en mar wer blanken út it easten opdaagjen kamen. Yn1824 waard yn it suden fan wat letter Washington wurde soe,Fort Vancouver stifte, dat letter útgroeie soe ta de stêdVancouver (Washington) (net te betiizjen meiVancouver yn Britsk-Kolumbia). Dêrwei begûnenhannelsdelegaasjes fan 'eHudsonbaaikompanjy it hiele gebiet besuden dePuget Sound troch te reizgjen. Mei de fêstiging fanFort Nisqually, yn1833, tusken wêr't noOlympia enTacoma lizze, waard de pelshannel yn dat gebiet noch fierder fuortsterke. Yn1827 fêstige de HudsonbaaikompanjyFort Langley eastlik fan it hjoeddeistige Vancouver yn Britsk-Kolumbia, mei as gefolch dat ek de noardlike helte fan it wengebiet fan 'e Kust-Salisjanen iepenlein waard foar de pelshannel. Yn dyselde snuorje, fan likernôch1810 oant1850, hiene de Kust-Salisjanen allegeduerigen te lijen ûnder oanfallen oersee ynoarlochskano's fan krigers fan noardlike Yndiaanske folken, yn 't bysûnder deHaida en deSúdlike Kwakiûtl.
Underwilens wie in grut part fan 'e pre-Kolumbiaanske befolking fan 'e Kust-Salisjaanske folken kommen teferstjerren trochepidemyen fanbesmetlikesykten dy't de Jeropeänen nei Noard-Amearika ta brocht hiene. De earste epidemy fan 'epokken trof de noardwestkust al yn 'e1680-er jierren. De sykte hie him doe troch yntertribale kontakten hielendal útNij-Spanje (it hjoeddeistigeMeksiko) wei dêrhinne ferspraat. Lettere epidemyen holden mank de Kust-Salisjanen hûs yn 'e1790-er jierren, yn1850 en yn1862. Guon Kust-Salisjaanske folken waarden troch sokke rampen hielendal útrûge, lykas deSnokomisj (Snokomish) yn1850. Yn 'e hûndert jier tusken1774 en1874 naam de Kust-Salisjaanske befolking mei 66% ôf.
De earsteroomskemisjonarissen arrivearren yn1839-1840 yn 'e krite fan 'e Puget Sound. De earsteprotestantske (metodistyske)sindelingen kamen dêr yn1840 en1842 oan. Fan 'e1850-er jierren ôf waarden de earsteferdraggen sletten tusken de ûnderskate stammen en deoerheden fan 'eFeriene Steaten enBritskKanada. Ut dy tiid datearje ek de âldsteYndianereservaten út 'e regio. Neigeraden dat dekolonisaasje fan harren wengebiet oanhold, begûnen in soad Kust-Salisjaanskemanlju foar blankebedriuwen te wurkjen ashoutsjers,fiskers of asarbeiders ynhoutseagerijen. Defroulju ferkochtenkuorren dy't se makke enskaaldieren dy't se byêb gearfandele hiene. Yn1884 waard yn Kanada depotlatch, in wichtich lânseigen gebrûk, bywet ferbean. Inkele jierren letter waard der ek yn 'e Feriene Steaten it near op lein. It ferbod soe fan krêft bliuwe oant1934 yn 'e Feriene Steaten en oant1951 yn Kanada.
Midstweintichste iuw ûntstie yn beide lannen, net inkeld ûnder de Kust-Salisjanen, mar ûnder alle Yndianen, in beweging foarboargerrjochten, dy't mank gie mei in weroplibbing fan 'e Kust-Salisjaanskekultuer. Yn1967, by de fiering fan it hûndertjierrich bestean fan Kanada, holdDan George,akteur,dichter enopperhaad fan 'eTsleil-Wautût (Tsleil-Waututh), intaspraak dy't yn Kanada in kearpunt tewei brocht yn 'e opfetting dy't in protte minsken oer Yndianen hiene. Tsjin dy tiid wie it mei deekonomy enwurkgelegenheid yn 'e wenkrite fan 'e Kust-Salisjanen lykwols yn 'e nederklits rekke, mei't sawol defiskerij as dehoutyndustry klappen krigen fanwegen konkurrinsje útûntwikkelingslannen. Yn 'e Feriene Steaten wie it saneamdeFûnis fan Boldt foar de Kust-Salisjanen fan grut belang, mei't dyrjochterlikeútspraak it regear fan 'e steat Washington bûn achte oan 'e ôfspraken út itFerdrach fan Point Elliott fan1855. Dêrtroch krigen de Kust-Salisjanen fan 'e Puget Sound harren âlde fiskerijrjochten werom. It Fûnis fan Boldt waard yn1979 troch itAmerikaansk Heechgerjochtshôf befêstige. Sûnt de1970-er jierren hawwe in soad Kust-Salisjaanske mienskippen in beskate ekonomyske autonomy wûn, troch debelestingfrijeferkeap fantabak, de ûntwikkeling fankasino's en oare foarmen fan legaalgokken, en de ûntjouwing fanfiskerij enakwakultuer.

Neffens gegevens út2013 wiene der doe teminsten 56.590 Kust-Salisjanen, op te dielen yn 28.406 lju dy't oansletten wiene by erkende Kanadeeske stamme-organisaasjes ynBritsk-Kolumbia, en 28.284 minsken dy't oansletten wiene byfederaal erkende Amerikaanske stamme-organisaasje ynWashington. Nijere (en ynklusivere) sifers út2014/2016 joegen oan dat der doe 77.000 Kust-Salisjanen wiene, wêrfan 39.000 yn Kanada en 38.000 yn 'e Feriene Steaten.
De Kust-Salisjanen binne ferdield oer de folgjende etnyske groepen:
|
|
DeStolo (Stó:lō) binne gjin etnyske groep, mar in multy-etnyske konfederaasje binnen de Kust-Salisjaanske folkekloft.
Oanbuorjende Kust-Salisjaanske mienskippen, oft dat nodoarpen of ûnderskatestammen wiene, ûnderholden yn it pre-koloniale tiidrek bannen trochhoulik, mienskiplikefeesten enhjeldagen en dielde gebieten dy't brûkt waarden foarjacht enfiskerij. Der wie net in prottepolitike organisaasje mank de Kust-Salisjanen.Oarlochfiering wie foar harren benammen in kwestje fan ferdigening, mei mar hiel út en troch in oanfal op in stamme dêr't gjin bannen mei wiene. Dy wiene der net in soad, mei't de Kust-Salisjanen ek bannen ûnderholden mei harrenYnlânsk-Salisjaanske buorlju yn it easten, lykas deLillûet (Lillooet),Keur d'Alêne (Coeur d'Alene) enThompson-Yndianen, en mei deSahaptynsktalige stammen yn it suden, lykas deKlikitat en deJakima (Yakima ofYakama).

Fijannen fan alle Kust-Salisjanen wiene, alteast yn 'enjoggentjinde iuw, deSúdlike Kwakiûtl (Southern Kwakiutl,Lekwiltok ofEuclataws), deHaida en ien stamme fan 'eTsimsjian (Tsimshian). Mei't dyselden troch earder kontakt mei de Jeropeänen fia depelshannel ek earder oangewearen kamen, fierden se allegeduerigen oerfallen út op it gebiet fan 'e Kust-Salisjanen, dêr't seplonderings holden enfinzenen nommen dy't se taslaaf makken. Ferskate kearen organisearre in koälysje fan Kust-Salisjaanske stammen in tsjinoanfal, meastal op 'e Súdlike Kwakiûtl.
De Kust-Salisjaanske maatskippij bestie út trije fierhinne erflik bepaaldeklassen ofkasten: de boppeklasse (in soarte fanadel), de ûnderklasse (it sljochtwei folk) en de slaven, dy't as besit beskôge waarden ynstee fan as leden fan 'e stamme. Deman mei de heechste rang hie ornaris de rol fan lieder (of opperhaad), mar dat wie fierhinne inseremoniële rol sûnder in protte macht yn aldendeiske sitewaasjes. By inhoulik tusken in man en infrou út ferskillende doarpen of stammen kaam de frou yn 'e regel by it folk fan 'e man yn te wenjen. In soad Kust-Salisjaanskememmen feroaren de foarm fan 'eplasse fan harrenpoppen troch dy meirimen krekt langernôch oan it hollenein fan 'edraachwidzen fêst te binen, dat it bern in steil oprinnendefoarholle krige. (De Ynlânsk-SalisjaanskePlathollen (Flathead) hiene dat gebrûk net, en kamen dêrtroch oan harren namme, dy't oarspronklik inskelnamme wie, betocht troch harren buorstammen.)
Yn 'e kultuer fan 'e Kust-Salisjanen waarden materiële besittings wichtiger achte as hast alle oare dingen yn itlibben. Materiëlerykdom omfieme it besit fangrûn,slaven,itensfoarrieden,húsrie enjuwiellen. Troch sokke eigendommen wie it net inkeld mooglik om in nofliker libben te lieden; se ferhegen ek de maatskiplike status fan 'e eigner, mei't rykdom fereaske wie om ta de Kust-Salisjaanske boppeklasse hearre te kinnen. It wie dan ek de bedoeling dat men mei jins rykdom safolle mooglik te pronk rûn, benammen byrituëleseremoanjes, mar ek yn it aldendeiske libben.
Ut sokke opfettings kaam ek depotlatch fuort, infeest dat troch rike lju op ûngeregelde tiden organisearre waard, mei as doel om safolle mooglikgeskinken wei te jaan, want wat mear geskinken oft men weijaan koe, wat riker oft men wie, en wat heger jins maatskiplike status waard. Depotlatch wie in ferskynsel dat net inkeld yn 'e kultuer fan 'e Kust-Salisjanen foarkaam, mar ek mank oanbuorjende folken, lykas deBella Bella,Haida,Tlingit,Nûtka,Makah enKwakiûtl. Meitiid ûntjoech depotlatch him ta almar ekstremere foarmen, oant ien sa'n feest itbankrot fan 'e gasthear betsjutte koe. Deoerheden fanKanada en deFeriene Steaten besleaten it tsjin 'e ein fan 'enjoggentjinde iuw te ferbieden, foar it meastepart op oantrúnjen fankristlikemisjonarissen, dy't depotlatch seagen as in skealik en ûnproduktyf gebrûk, dat rjocht yngie tsjin 'beskaafde'noarmen en wearden.
De oarspronklikenatoerreligy fan 'e Kust-Salisjanen omfieme itleauwe ynbeskermgeasten enboppenatuerlike wêzens ofgeasten dy'tfan stal feroarje koene fan inminsklike nei indierlike foarm en oarsom. De wrâlden fan 'elibbenen en dedeaden stiene mei inoar yn kontakt troch yngewikkelde en feroarlike bannen. Itsykjen nei fizioenen, wêrby't mei sin in steat fantrâns opwekke waard, wie in gebrûk dat rûnom folge waard. Demedisynman, in soarte fansjamaan, foarme de brêge tusken de wrâld fan 'e libbenen en de geastewrâld. Gewoane lju namen diel oandûnsen, it dragen fanmaskers enseremoanjes wêrby't se leauden dat se har útdrukten troch de spirituële krêften dy't harren dêrta jûn waarden.
De âlde Kust-Salisjanen bouden harrendoarpen oansee of oanrivieren en oare streamen dy't mei harrenkano's befarber wiene. Yn 'ewinter wennen se ynlanghuzen meiierden flierren dy't almeast boud wiene fansederhout. Ek leine se wolkûlehuzen oan, dy't heal ûnder de grûn útgroeven waarden.Simmerdeis wennen de Kust-Salisjanen oer it algemien yn lytsere, tydlike kampen deunby plakken dêr't sejeie,fiskje of yn it wyld groeiendeplanten enfruchtenrispje woene.

By de binnenwanden fan 'e langhuzen lâns leine op platfoarmen desliepplakken fan 'e bewenners, mei dêrboppeplanken om besittings op te bewarjen, lykaskuorren,ark en reau,klean enwapens. Under de 'bêden' wie romte ombaarnhout op te slaan foar ithurdfjoer middenyn it hûs, ûnder in iepening yn itdak dy't fungearre asskoarstien. Dematrassen enkjessens wiene makke fanwevereidenmatten enbistehûden.Iten waard ophongen oan 'e soudering om te drûgjen. Gruttere langhuzen hiene ynterne skudden om 'e wenromten fan ferskillendefamyljes op te dielen. De riken bouden oermjitte grutte langhuzen; sa wie itOld Man House yn itPort Madison Yndianereservaat 152 m lang en 12 oant 18 m breed.
De Kust-Salisjanen ieten benammensalm, mei dêropta in grut ferskaat oan oarefisk,skaaldieren en oare yn see en op it lân libjende bisten. Wat dat lêste oanbelange, waard jacht makke op û.m.harten enwapitys.Plantaardich iten dêr't de Kust-Salisjaanske folken harren dieet mei oanfollen, bestie útknoppen,woartels,bollen,beien ennuten.
De Kust-Salisjanen sprekke fan oarsprong ien fan 'eKust-Salisjaanske talen of itBella Kûla (Bella Coola), dat foarhinne ek ta dytaalgroep rekkene waard, mar wêrfan'ttaalkundigen no ornearje dat it der wat fierder fanôf stiet. Hjoed de dei sprekke de Kust-Salisjanen benammenIngelsk. Fan 'e 15 Kust-Salisjaanske talen binne anno2018 10útstoarn, wylst twa oaren, itSesjelt (Sechelt) en itSkwamisj (Squamish) minder as 10memmetaalsprekkers oer hawwe. It Bella Kûla hie by de lêste telling noch 17 memmetaalsprekkers. De grutste Kust-Salisjaanske taal is itHalkomelem, dat de oarspronklike taal is fan ferskateetnyske groepen, en dat yn2016 noch 500 sprekkers hân hawwe soe. Yn totaal wiene der doe noch 685 memmetaalsprekkers fan alle Kust-Salisjaanske talen en it Bella Kûla mei-inoar. Ferrekkene mei in totale etnyske befolking fan 77.000 minsken komt dat del op in sprekkerspersintaazje fan 0,9%.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Footnotes enBibliography, op dizze side.
|