Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Kust

Ut Wikipedy
De kust fanNij-Seelân.

Dekust of inkustline is in gebiet dêr't itlân begrinzge wurdt troch desee of deoseaan, en dêr't meiêb enfloed ynteraksje tusken lân enwetter bestiet. Soms wurdt ek by grutteremarren wol sprutsen fan in kust, mar by lytsere marren en oarebinnenwetters (lykasrivieren,beken,sleatten,fearten enkanalen) brûkt men ynstee de oantsjuttingigge ofwâl. Oan 'e kust sjocht men gaurisdunen,strannen,rotsen en/ofkliffen. Yn leechlizzende gebieten wurdt de kust faak beskerme troch inseedyk of oarewetterkearing dy't trochminskehannen oanlein is. Kusten wurde ek foar oare doelen in protte brûkt troch de minske, lykasskipfeart,wettersport, de oanlis fanhavens enhavenstêden, ensinnebaaien opsânstrannen.

Der binne ferskate soarten kusten. Inpelagyske kust is in kust dy't oan 'e iepen see leit, yn tsjinstelling ta de kust fan inbaai,ynham ofsee-earm, dy't mear beskut is. Inwaadkust is in kust dy't beskerme wurdt troch in rigedunigebarriêre-eilannen mei in smelle stripe see tusken deeilannen en itfêstelân yn. Inskearekust is in kust dêr't in grut tal lytse, faak rotsige eilantsjes foar lizze. Infjordekust is in kust dy't op in grut tal plakken djip ynsnien is troch djippe smelle see-earmen dy'tfjorden neamd wurde. Inmangrovekust is in kust mei inmoerassichmangrovewâld dat oant djip yn 'etijsône groeit, sadat it der by floed fierhinne ûnder strûpt, mar by êb oan 'ewoartels ta drûchfalt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes enReferences, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryCoasts fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Kust&oldid=1012275"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp