Yn1993 waard in earstereferindum oer de steatkundige takomst fan Kurasau hâlden. Hoewol't de regearing pleite foar inautonome status, keas debefolking doe yn oergrutte mearderheid foar fuortsetting en werstrukturearring fan deNederlânske Antillen.
Utslach referindum 19 novimber 1993| Opsje | Stimmen | % |
|---|
| A: werstrukturearing fan de Nederlânske Antillen | 48.587 | 73,56 |
| B: status aparte foar Kurasau | 11.841 | 17,93 |
| C: yntegraasje yn Nederlân | 5.299 | 8,02 |
| D: folsleine ûnôfhinklikheid | 325 | 0,49 |
| Blanko en ûnjildige stimmen | ? | - |
| Opkomst | ? | ? |
Nei oanlieding fan dizze útslach gie it regear ôf en by nije ferkiezings wûn de doe nijePAR, dy't bestie út foarstanners fan werstrukturearring fan de Antillen. De tagelyk oprjochte partijC'93 fan eks-FOL-liederStanley Brown, dy't pleite foar yntegraasje yn Nederlân, waard gjin súkses.
Al nei in pear jier bliek dat de werstrukturearring gjin oplossing bea foar de grutte maatskiplike en ekonomyske problemen op Kurasau. Boppedat ûnderfûnen de oare, lytsere eilannen binnen deNederlânske Antillen ek hieltiten mear de neidielige gefolgen fan de finansjele problemen dy't soks betsjutte. Dêrom ûntstie opnij diskusje oer it fuortbestean fan de Nederlânske Antillen.
Op8 april2005 is in twadde referendum holden, wêryn de befolking fan Kurasau har útsprekke koe oer de winske steatkundige takomst fan it eilân.
Utslach referindum 8 april 2005| Opsje | Stimmen | % |
|---|
| A: in autonoom lân binnen it Keninkryk fan de Nederlannen | 42.425 | 67,83 |
| B: in ûnôfhinklike steat | 3.014 | 4,82 |
| C: diel útmeitsjen bliuwe fan de Nederlânske Antillen | 2.342 | 3,74 |
| D: diel wurde fan Nederlân | 14.769 | 23,61 |
| Blanko en ûnjildige stimmen | 474 | - |
| Opkomst | 62.550 | 55,04 |
De befolking hat mei de kar foar opsje A diskear de winsk fan de politisy op it eilân folge. Krektas by it referindum yn 1993 binne hast alle partijen foar in autonome status aslân, allinnich de lytse nije partijPueblo Soberano pleitet foar folsleine ûnôfhinklikheid. De mienings fan it folk rinne tige útinoar en benammen de frij grutte steun foar opsje D is opmerklik, omdat dizze opsje net of kwealik fertsjintwurdige wurdt yn de polityk. De foarstanners fan dizzze opsje fine dat foar in better en feiliger Kurasau yntegraasje mei Nederlân nedich is. Se werve mei de slogan "P’e Kòrsou ku nos meresé" (foar it Kurasau dat wy fertsjinje).
By in minirûnetafelkonferinsje ynDen Haach op11 oktober2006 is mei Nederlân oerienkomd dat Kurasau de saneamdestatus aparte krije soe. Kurasau soe hjirmei in autonoom lân binnen it Keninkrijk fan de Nederlannen wurde. De Nederlânske regearing hat as ûnderdiel fan dit akkoart oanbean in grut diel fan de steatsskuld te sanearen of oer te nimmen. De ôfspraken binne gearfet yn in slotferklearring, dy't letter op Kurasau ûnderwerp fan in soad diskusje wurden is. Nei de miening fan de opposysjepartijen, wêrfan de FOL de belangrykste wie, en de lytste koalysjepartijen gienen de ôfspraken net fier genôch. De grutstekoalysjepartijen,PAR enPNP, ferdigenen it akkoart. Uteinlik waard de oerienkomst troch de mearderheid yn de eilânried fan Kurasau fersmiten, wêrnei't it bestjoerskolleezje út elkoar foel en ûnder lieding fan de FOL in nije koalysje ta stân kaam dy't de tiid oant de nije ferkiezings op20 april2007 folmeitsje moast.
Foar de ekonomyske en politike takomst fan Kurasau soarge de ôfwizing fan de ôfspraken foar in soad ûnsekerheid. Yn de polityk én ûnder de befolking kamen foar- en tsjinstanners rjocht foar elkoar oer te stean.Tsjinstanners pleiten foar werûnderhannelings, mar sawol it kabinetBalkenende III as it nije kabinetBalkenende IV joech oan hjir meat foar te fielen, dêryn hast unanym steund troch deTwadde Keamer. Ut peilingen op Kurasau die bliken dat troch de oanhâldende politike ûnrêst de steun foar de status aparte sterk weromrûn, ten geunste fan yntegraasje yn Nederlân (opsje D). Dit komt nei alle gedachten mei troch de konkretisearring fan dizze opsje: yn de tiid fan it referindum yn april 2005 wie noch net bekend hoe't dizze opsje der út komme koe te sjen en wie dan ek foar in soad minsken gjin reël alternatyf. Pas yn oktober 2006 waard troch Nederlân en de lytse eilannenBonêre,Saba enSint-Eustaasjes ôfsprutsen dat foar dizze status deNederlânske Gemeentewet as grûnslach jilde sil.
Deeilânsriedferkiezings wienen dan ek krusiaal en draaiden folslein om it tema slotferklearring. As de tsjinstanners in mearderheid helje soenen, drige in ympasse te ûntstean. Yn it uterste gefal soe troch it úttreden fan de oare eilannen út de Nederlânske Antillen, Kurasau as ienige eilân fan de Nederlânske Antillen oerbliuwe, mei de facto wol inautonome status mar ek mei steatsskuld fan de Antillen sa heech as in toer.
Uteinlik hellen by de eilânsredferkiezings sels de foar- noch de tsjinstaners in dúdlike mearderheid. De twa politike partijen dy't foar de slotferklearring pleiten,PAR enPNP, wisten lykwols in akkoard te sluten mei de grutte ferliezerFOL oer de foarming fan in nije oalysje. Ofsprutsen waard opnij oer de slotferklearring te stimmen. Nei in lange gearkomst stimde de Kurasauske eilânried yn de nacht fan 6 op 7 july 2007 dochs noch ûnder betingsten yn mei de slotferklearring: PAR, PNP, FOL enDP stimden no foar (12 fan de 21 sitten). Op 28 augustus waard dêrnei in akkoart ûndertekene mei Nederlân oer it steatkundige proses, wêrnei de eilânsried in dei letter dit akkoort mei 13 stimmen bekrêftige (PAR, PNP, FOL, DP én FK). It lei yn de bedoeling om op15 desimber 2008 de autonome status fan "lân binnen it Keninkryk" te krijen. Yn maaie 2008 is yn de Regiegroep troch Sint Maarten, Kurasau en Nederlân op Kurasau definityf fêststeld dat de streefdatum fan 15 desimber as ynfierdatum foar de nije steatkundige ferhâldings net helber is. Wol is it mooglik op dy datum alle needsaaklike wetjouwing klear te hawwen sadat dy yntsjinne wurde kin by it Nederlânske parlemint, de Steaten fan de Nederlânske Antillen en de Eilânsrieden fan Kurasau en Sint Maarten. Dêrom sil op15 desimber 2008 in rûnetafelkonferinsje organisearre wurde om it totale pakket oan wetjouwing te toetsen oan de earder oerienkomde kritearia út de slotferklearring.
Sjende nei de planning hawwe partijen besluten advys te freegjen oan deRied fan Steat fan it Keninkryk hoe't in fersnelling nei de autonome status realisearre wurde kin en hoe't it wetjouwingsproses ferkoarten wurde kin nei 20 jannewaris 2010, as nije Steatenferkiezings hâlden wurde moatte.
DeRied fan Steat hat yn in saneamd 'foarljochtingadvys' oan de Nederlânske en Antiljaanse regearingen advisearre om de gûverneur fan de Nederlânske Antillen, de fertsjintwurdiger fan de keninginne, tydlik in spilfunksje te jaan mei eigen bestjoerlik foech en in eigen amtlike organisaasje. De gûverneur kin de spilfunksje tydkik ferfolje tanksij in útsûnderingsartikel yn it Keninkryksstatút (artikel 51). Dat artikel makket it mooglik om bestjoerlik yn te gripen by wanbestjoer. Dêr is neffens de Ried fan State lykwols gjin sprake fan, mar it is dochs mooglik omdat it giet om in bysûndere situaasje, nammentlik de oergong nei in nij steatkundich model.
Opfolging fan dat advys set yn de praktyk de Nederlânske en Antiljaanske parleminten bûtenspul. De gûverneur leit allinnich direkte ferantwurding ôf oan de Ryksministerried. De Ried fan Steat seit him fan dy situaasje bewust te wêzen. Mar it giet om „in tydlike situaasje” wêrby't op termyn „de normale ferantwurding wer plakfine kin”.
Op 15 maaie 2009 gean de ynwenners fan Kurasau nei de stimbus om harren yn in referindum út te sprekken oer de steatkundige takomst fan it eilân. Hast 120.000 minsken meie oanjaan oft Kurasau mear autonomy krije moat.